Johannes Casparus Bergsma, (Ljouwert, 13 maart 1775It PDC jout Dantumawâld as berteplak, mar it doopboek van Dantumawoude seit der er yn Ljouwert berne waard en op 5 april 1775 yn Damwâld doopt is as Johan Caspar. – Dokkum, 6 july 1818Opregte Haarlemsche Courant fan 11 july 1818 Overlijdensannonce Johannes Casparus Bergsma) wie in Frysk politikus en jurist.

Johannes Casparus Bergsma wie in soan fan de grytman van Dantumadiel Petrus Adrianus Bergsma (1743-1824) en Dodonea Jacoba Doitsma. Hy boaske op 3 july 1798 oan Jetske Wiskia fan Scheltinga (1777-1855). Hy wie in telch út de Fryske regintefamylje Bergsma.Nederlânsk Patrisjaat 1927 en 1993 Hy studearre rjochten oan de Universiteit fan Frjentsjer.

Yn septimber 1814 waard Bergsma lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân út namme fan de gritenij East-Dongeradiel. Yn 1816 waard er grytman fan East-Dongeradiel. Beide funksjes hie er oant syn dea yn 1818. Yn maart waard er foar it departemint Fryslân beneamd ta lid fan de Gearkomste fan Notabelen dy't him útsprekke moast oer it ûntwerp fan de Nederlânske grûnwet.

Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan East-Dongeradiel Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Lid fan de Gearkomste fan Notabelen Kategory:Studint oan de Universiteit fan Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Dokkum Kategory:Persoan berne yn 1775 Kategory:Persoan stoarn yn 1818