Sjû-Sin (sekuerdere transliteraasje: Shu-Sin; Oer?, ±20?? f.Kr. – dêre?, 2028 f.Kr.) wie oan it begjin fan it twadde milennium f.Kr. kening fan 'e stêd Oer, yn Mesopotaamje (it hjoeddeiske Irak), en hearsker oer Sûmearje en Akkad. Hy wie de foarlêste kening út 'e ferneamde Trêde Dynasty fan Oer.
Regear Oer Sjû-Sin is net in protte bekend. Hy folge om 2037 f.Kr. hinne syn âldere broer Amar-Sin op as kening fan Oer en hearsker oer Sûmearje en Akkad. Syn regear duorre likernôch njoggen jier. Nei in opstân ûnder de Amoriten, nomadyske feehoeders út 'e Syryske Woastyn, liet Sjû-Sin yn it fjirde jier fan syn regear (dus omtrint 2033 f.Kr.) yn it súdwesten fan Mesopotaamje yn 'e alluviale flakte tusken de rivieren de Eufraat en de Tigris de saneamde Muorre fan Martû bouwe. Dat wie in grutskalich ferdigeningswurk dat fierdere Amorityske oanfallen tsjinkeare moast. Sjû-Sin stoar om 2028 f.Kr. hinne en waard opfolge troch syn soan Ibbi-Sin, ûnder waans regear de Sûmearyske beskaving ta in ein kaam.
Literatuer , Ancient Near Eastern History and Culture, New York, 2003 (Pearson Education), ISBN 0 32 10 66 74X. , Op Zoek naar de Bronnen van Onze Beschaving, Utert/Baarn, 1993 (Stichting Teleac/Tirion), ISBN 9 06 53 33 134; s. 32-34.
Keppelings om utens Jiernammen fan it regear fan Sjû-Sin op CDLI
Kategory:Kening fan Sûmearje Kategory:Kening fan Akkad Kategory:Kening fan Oer Kategory:Persoan berne yn de 21e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 20e iuw f.Kr.