De Dom fan Bamberg (Dútsk: Bamberger Dom; ek: Dom St. Peter und St. Georg) is in romaankse tsjerke en heart by de Dútske keizerkatedralen. Mei syn fjouwer tuorren oerhearsket it bouwurk it histoaryske sintrum fan 'e Beierske stêd Bamberg, dy't ûnder it wrâlderfgoed fan UNESCO falt. De tsjerke stiet op 'e hichte fan 'e saneamde Domberg, dêr't noch mear histoaryske bouwurken steane.
Yn 'e dom is njonken de saneamde Bamberger Reiter (Bamberger Ruter) it grêf fan it ea hillich sprutsen keizerpear fan it Hillige Roomske Ryk en ek it iennige pauslike grêf noardlik fan de Alpen.
Njonken de trij beafeartsbasiliken Marienweiher, Vierzehnheiligen en Gößweinstein is de domtsjerke fan Bamberg de fjirde basilica minor fan it aartsbisdom Bamberg.
Bouskiednis De earste dom thumb|left|Plattegrûn fan de dom. De domtsjerke ken net in eastwestlike oriïntaasje, mar in noardeastlike-súdwestlike. De bou fan 'e earste katedraal begûn yn 1004 yn opdracht fan keizer Hindrik II de Hillige. De tsjerke waard boud op in hichte boppe de fûneminten fan in kapel en it tsjerkhôf fan 'e eardere Babenboarch, dy't Hindrik fan syn heit Hindrik "de Rûzjesiker" erfd hie. De oriïntaasje fan 'e earste domtsjerke wie net earlik east-west en om't lettere feroarins hieltiten wer de besteande sitewaasje folgen, is ek tsjintwurdich de oriïntaasje fan 'e tsjerke noardeast nei súdwest.
Op 6 maaie 1012, op 'e jierdei fan keizer Hindrik II, waard de tsjerke yn it bywêzen fan alle biskoppen fan it Hillige Roomske Ryk ta eare fan 'e apostel Petrus, Marije en de hillige Joaris wijd. It grutte tal biskoppen dat de wijing bywenne tsjut it belang fan 'e nijbou oan, want by gjin oare wijding fan in midsiuwske katedraal yn it Ryk wiene safolle biskoppen oanwêzich.
thumb|left|De stifters Hindrik II mei syn frou Kunigunde mei yn harren hannen in model fan de tsjerke (Eastenryk, 15e iuw). Dy earste katedraal stie yn 'e tradysje fan 'e grutte 11e-iuwske katedralen, mar wie yn ferlikening mei de domtsjerken fan Mainz (116 meter) en Spiers (134) meter mei in lingte fan 75 meter net hiel grut. Hy bestie út in trijeskippige krústsjerke mei boppe de westlike en eastlike krypte in koer. Alle plafonds wiene flak en fan hout en oan it eastlike koer mei in healûne apsis stiene twa tuorren.
Yn 2012 die monumintesoarch ûndersyk yn 'e tsjerke en yn in romte boppe de Gertrudenkapelle tusken it dwersskip en it súdlike sydskip waarden mânske muorreresten fan 'e earste domtsjerke ûntdutsen. By it dak bleaune sierfoegen út de boutiid bewarre. Fierder binne fan 'e earste dom resten fan 'e westlike krypte bewarre bleaun, dêr't in moderne grêfkelder foar biskoppen yn is ûnderbrocht.
Yn it jier 1047 waard it lichem fan paus Klemens II (biskop fan Bamberg fan 1040 oant 1046 en paus fan 1046 oant syn dea yn 1047) byset. Mei de ôfbraak fan de Mariendom yn Hamburch gyng oan it begjin noardlik fan 'e Alpen. Alle oare pausen fûnen harren lêste rêstplak yn Frankryk of Itaalje.
Mei in brân yn 1081 gyng it ynterieur fan 'e tsjerke hielendal ferlern, mar de skea oan it bouwurk sels bleau sa beheind, dat der gjin folsleine nijbou nedich wie. De weropbou folge al gau en yn 1087 wie it al safier dat der ûnder biskop Rupert in synoade yn Bamberg holden wurde koe. De foltôging fan it ynterieur fan 'e tsjerke fûn plak ûnder biskop Otto. De tsjerke krige in nije flier, de pylders waarden mei stúkwurk dekorearre en it eastlik koer waard ferhege. De dakken krigen in tek fan koper om it brângefaar te beheinen en de krusen op 'e tuorren en toerspitsen waarden fergulde.
De twadde dom thumb|260px|Westlik koer. Nei in grutte brân yn 1185 waard útein set mei nijbou op itselde plak. It begjin dêrfan sil om 1190-1200 hinne west ha. De bou fan 'e hjoeddeiske, letromaanske katedraal fûn mei koarte ûnderbrekkings plak ûnder trije biskoppen fan it grevenhûs fan Andechs: Otto V fan Andechs-Meranien (biskop fan 1177 oant 1196), Eckbert fan Andechs-Meranien (biskop fan 1203 oant 1237) en Poppo fan Andechs-Meranien (biskop fan 1237 oant 1242). De twadde gruttere domtsjerke waard op 6 maaie 1237 plechtich ynwijd. thumb|260px|Ynterieur. De ôfbraak en de bou waarden sa organisearre, dat der jimmeroan plak wie foar it fieren fan de earetsjinst. Begûn waard mei de sloop fan it eastlike diel en it frijkommende materiaal waard op 'e nij brûkt by de bou. Sûnt de foltôging yn 'e 13e iuw hat der oan de arsjitektuer fan dom, yn tsjinstelling ta it ynterieur, gjin grutte feroaring mear plakfûn.
De 17e iuw brocht de barok yn 'e tsjerke. Earst waard it hiele ynterieur oerskildere, wêrtroch de midsiuwske fresko's ferlern gyngen. Ek de brânskildere ramen waarden ferfongen troch ramen mei helder glês. Nei de Tritichjierrige Kriich folge in twadde faze fan barokkisearring. It doksaal waard ôfbrutsen en hast alle 30 alters yn barokke styl feroare. Fan it barokke ynterieur bleau allinnich it fergulde krúsalter fan 'e Flaamke keunstner Justus Glesker yn it westlike koer bewarre. Dy krusigingsgroep stie oarspronklik by it keizersgrêf. Yn 1837 waard de byldegroep by de suvering fan de tsjerke fan net-romaanske stylynfloeden ferkocht, mar yn 1917 út partikulier besit werom kocht. thumb|left|De domtsjerke yn 1880. Yn 'e jierren 1830 woe de Beierske kening Loadewyk I de domtsjerke wer yn 'e oarspronklike romaanske styl werom bringe. Under lieding fan de renomearre arsjitekt Friedrich von Gärtner waarden stylfrjemde eleminten út de tsjerke ferwidere. De renovaasje begûn op 30 maaie 1829. De kleurryke muorren, ferwulft, kapitelen en bylden waarden wosken en skansearre dielen reparearre. Op 25 augustus 1837, de jierdei fan kening Loadewyk I, wie de feestlike wijing fan de tsjerke. De keninklike famylje sels wie net oanwêzich, want de kening hy syn ynteresse al yn 'e Bamberger domtsjerke ferlern en ferlein nei de ferbouwing fan 'e domtsjerke fan Speyer. De suvering wie kontroversjeel en de domdekaan Friedrich Brenner beskreau it nije ynterieur as "gar zu kalt, frostig, einförmig und der Pracht des katholischen Gottesdienstes zu wenig entsprechend" (oersetting: fierstente kâld, yslik, ienfoarmich en net oerienstimmend mei de preal fan de katolike liturgy).
Nije feroarings brochten it Twadde Fatikaansk Konsily. It westlike middenskip waard op 'e nij ynrjochte, sa't der romte ûntstie foar in nij folksalter.
Arsjitektuer Ofmjittings thumb|260px|Goatyske toer. Maksimale lingte: 99 meter (eastlik koer: 30 meter, middenskip: 37 meter; westlik koer: 28 meter) Maksimale breedte: 28,50 meter Maksimale hichte: 25,50 meter Hichte eastlike tuorren: 76 meter Hichte westlike tuorren: 74 meter
Eastlike tuorren De foargonger hie mar twa, beknobte tuorren njonken it eastlike koer. De eastlike tuorren fan no binne suver romaansk. Yn it jier 1766 waarden de tuorren ferhege oant hast deselde hichte as de westlike tuorren en krigen se nije spitsen. Tagelyk waard de dakruter op it middenskip weibrutsen. Boppe de beide portalen binne lytse romaanske rûne finsters te sjen, dêr't de oan 'e hilligen Kilianus en Nikolaas wijde toerkapellen efter lizze. Dy kapellen binne sûnt de barokke tiid net mear yn gebrûk, mar de alterstiennen mei dêryn de reliken bleaune bewarre. Hja stamme nei alle gedachten út de 13e iuw en binne de âldste noch besteande alters fan de dom. Beide kapellen hawwe in rûnbôge-iepening nei de sydskippen.
Yn 'e beide eastlike tuorren hingje meiïnoar tsien klokken. De twa saneamde keizersklokken hingje yn 'e noardeastlike toer; de oare acht klokken binne yn 'e súdeastlike toer ûnderbrocht.
Westlike tuorren thumb|260px|Domezels. De westlike tuorren toane in soad oerienkomsten mei dy fan 'e goatyske Notre-Dame yn it Frânske Laon. En krekt as oan 'e tuorren fan Laon binne hjir op 'e hoeken fan 'e tuorren nei bûten sjende Domkühe, al binne it hjir gjin kij mar ezels. It is in erkenning fan de bydrage dy ezels leveren oan 'e bou fan 'e katedraal mei it transport fan boumaterjaal. Hja lutsen de stienen mei katrollen nei boppe, rûnen yn it dakstuolte yn rêden en sleepten de tonnen mei mortel omheech. De orizjinele bylden steane tsjintwurdich yn it Diözesanmuseum opsteld.
Portalen thumb|left|Rjochter portaalbylden oan 'e Adamspforte. De Adamspforte yn 'e súdeastlike toer wie ea de haadyngong fan 'e dom en wie tegearre mei de saneamde Gittertür oan 'e oare ein fan dom de deistige tagong. It is ek it âldste portaal en waard pas nei de foltôging fan 'e oanbuorjende Gnadenpforte fersierd.
Yn 1937 binne de orizjinele bylden ferhûze nei it Diözesanmuseum.
Oan 'e linker kant steane: Stefanus, de earste kristlike martelder; Keizerinne Kunigunde, mei de tsjerke yn har hân; Hindrik, de grûnlizzer fan it bisdom.
Oan 'e rjochter kant steane: Petrus, patroanhillige fan de domtsjerke. Yn stee fan twa kaaien hâld Petrus hjir in krús yn 'e hannen. Eva Adam, nei wa't it portaal ferneamd is.
De Gnaden- of Marienpforte yn 'e noardeastike toer mei de ryk fersierde kapitelen yn 'e profilearing waard allinnich brûkt op bysûndere feestdagen foar prosesjes of by oare spesjale gelegenheden, lykas de yntree fan in nij keazen biskop yn 'e domtsjerke. It bôgefjild fan it portaal toant oan wjerskanten fan in troanende Marije mei it bern Jezus: de ridder Joaris, de apostel Petrus (links) en it hillige keizerpear Hindrik en Kunigunde (rjochts).
Ferware sânstiennen bylden fan liuwen steane foar de Adams- en Gnadenpforte. Tusken dy twa liuwen waard ea rjocht sprutsen. thumb|left|Byld fan Ecclesia (kopy). It saneamde Fürstenportal yn 'e noardlike muorre fan it skip waard allinnich by grutte prosesjes iepene of by it binnendragen fan in ferstoarne biskop. It timpaan toant it Kristus' oardiel. Lofts fan 'e rjochtsprekkende Kristus wurde ferloste sielen útbylde en lofts oan in keatling de ferdomme sielen, dy't troch in neakene duvel meitôge wurde. Opfallende figueren tusken de ferdomden binne in persoan mei in sek mei jild, in kening en ek in biskop. Oan 'e fuotten fan Kristus knibbelje Marije en Jehannes de Doper, mei tusken har twa lytse figuerkes, dy't út it grêf opstean. Heech oan elke kant fan it portaal binne de bylden fan Ecclesia (lofts) en Synagoge (rjochts) oanbrocht. De bylden symbolisearje de ferhâlding fan it Kristendom as it Nije Bûn ta it Joadendom as it Alde Bûn. Ecclesia (Latyn foar tsjerke) draacht in kroan en oarspronklik in krús en in tsjelk, wylst Synagoge in blyndoek, de tafels fan de Wet en in brutsen stêf draacht. De orizjinele bylden binne sûnt de jierren 1930 yn 'e tsjerke te sjen.
Ek de apostels, dy't op 'e skouders fan 'e âldtestamentyske profeten steane, ferwize nei it joadedom, lykas ek de saneamde Augenausstecher ûnder it byld fan Synagoge, in duvel dy't fan boppe in joad blyn makket.
Om ferwaring te kearen wurdt it Fürstenportaal yn 'e wintermoannen mei in houten beklaaiing ôfdutsen. It kin dan net besjoen wurde.
In fjirde portaal is te finen yn 'e noardlike muorre fan it dwersskip. Dy Veitspforte is it meast ienfâldige portaal fan 'e tsjerke.
Ynterieur Heechkoer It heechkoer is net oeral like heech. De boumaster moast doedestiids hieltiten wer de plannen feroarje. De pylders sûnder funksje tsjûgje noch altiten fan dit hinne en wer tusken wol of net in flakke souder of in ferwulft. In houten ôfsluting wie fjoergefaarlik, mar in stiennen ferwulft wie oan 'e oare kant wer folle djoerder. Lang om let hat men dochs keazen om hjir in ferwulft oan te bringen.
Oan de bûtenkant fan it eastlike koer is in lytse rûne iepening te sjen, dat net de funksje hie om ljocht troch te litten mar nei in kast fierde, wêryn't de skedel fan de hillige Kunigunde bewarre waard. Der waard tocht dat de skedel de krêft hie om te genêzen en de iepening soarge der foar dat dy krêft oer de stêd útstrield waard.
Eastlike krypte thumb|260px|Eastlike krypte.