De Westerlauwerske Friezen, yn 'e Nederlânske kontekst ornaris koartwei Friezen neamd, binne in folk dat lânseigen is oan 'e súdlike Noardseekust, benammen yn 'e nei harren ferneamde Nederlânske provinsje Fryslân, in gebiet dat ek wol Westerlauwersk Fryslân neamd wurdt. Hja binne fan oarsprong nau besibbe mei de Fryske folksgroepen yn Dútslân (Eastfriezen, Noardfriezen en oaren), mar ek mei de bewenners fan 'e Grinzer Ommelannen en de Kop fan Noard-Hollân. Histoarysk hiene de Westerlauwerske Friezen in folslein eigen bestjoersfoarm ûnder de Fryske Frijheid, dy't lykwols yn 1498 ferlern gie. It politike selsbestjoer waard harren oan it begjin fan 'e Frânske Tiid ûntnadere en letter ûnder it Keninkryk fan de Nederlannen net mear weromjûn. Hjoed de dei ûnderskiede de Westerlauwerske Friezen har fan 'e omwenjende Nederlanners en Nedersaksers troch har eigen taalfoarmen (it Westerlauwersk Frysk en de Stedske dialekten) en har eigen kultuer.
Namme De namme 'Westerlauwerske Friezen' ferwiist nei de Friezen dy't oan 'e westkant wenje fan 'e Lauwers, it grinsrivierke mei de Nederlânske provinsje Grinslân. Hoewol't de leden fan dizze etnyske groep harsels yn 'e regel simpelwei omskriuwe as 'Friezen', is de tafoeging 'Westerlauwersk' nedich om har te ûnderskieden fan 'e oare Fryske folksgroepen, lykas de Eastfriezen en de Noardfriezen. Bûten Nederlân wurde de Westerlauwerske Friezen om dy reden ornaris oantsjut as 'Westfriezen', mar dy term ferwiist yn Nederlânsk ferbân nei de bewenners fan West-Fryslân, in lânstreek dy't westlik fan Westerlauwersk Fryslân yn 'e provinsje Noard-Hollân leit.
Etnyske besibskip De Westerlauwerske Friezen binne etnysk sjoen ien fan 'e útsprantels fan 'e oarspronklike Friezen, en sadwaande binne se nau besibbe oan 'e Fryske folksgroepen yn Dútslân. De wichtichsten dêrfan binne de Eastfriezen, dy't fuort oare kant de Nederlânske eastgrins oan 'e súdlike Noardseekust wenje yn 'e lânstreek East-Fryslân, yn 'e dielsteat Nedersaksen; en de Noardfriezen, dy't besuden de Deenske grins oan 'e eastlike Noardseekust wenje yn 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein. Lytsere groepen, dy't faak oer de holle sjoen of mei de Eastfriezen, resp. Noardfriezen lykslein wurde, binne de Sealterfriezen, út it Sealterlân, súdlik fan East-Fryslân, de Bûtjadinger Friezen en Woerstfriezen út gebieten dy't eastlik fan it eigentlike East-Fryslân lizze, en de Hilgelanners fan it eilân Hilgelân, dat midden yn 'e Dútske Bocht leit.
Binnen Nederlân stamje ek de bewenners fan 'e Grinzer Ommelannen en de Kop fan Noard-Hollân foar it meastepart fan 'e Friezen ôf, hoewol net fan 'e Westerlauwerske Friezen. De Westfriezen út Noard-Hollân wennen westlik fan it Fly, dat krekt as de Lauwers fan âlds in skieding tusken de Fryske gebieten foarme. De Grinslanners, dy't har folslein fan harren Fryske erfskip ôfkeard hawwe, stamje ôf fan 'e Easterlauwerske Friezen, en hiene útsoarte mear gemien mei de Eastfriezen. Yn in breder ramt besjoen, wiene de Westerlauwerske Friezen fan oarsprong ek frij nau besibbe oan 'e oare Noardwestgermaanske folken, te witten de Ingelsen en de leechlânske Skotten. In bytsje minder nau mei harren besibbe binne de Nedersaksers en noch wat minder nau besibbe binne groepen as de Nederlanners, Flamingen, Afrikaners en Dútsers.
Skiednis De Fryske Frijheid De Westerlauwerske Friezen ûntjoegen har ûnder de Midsiuwen ta in etnyske groep dy't los stie fan 'e oare Fryske folksgroepen. Dat begûn mei de ferovering fan Westerlauwersk Fryslân troch de Franken yn 734, dy't de oanset joech ta grutte feroarings. Yn it foarste plak waarden de oant dy tiid heidenske Friezen doe ta it kristendom bekeard. Der waarden tsjerken boud en kleasters stifte en de mûntsen dy't dêr wennen, begûnen mei de oanlis fan 'e seediken. De Fryske hannel florearre yn dy tiid, mar de rykdom dy't dat brocht, makke dat Westerlauwersk Fryslân gauris it slachtoffer waard fan ynfallen fan 'e Wytsingen.
Trochdat de Franken de hiele Fryske hegere adel útrûge of ferdreaun hiene, bestie der yn Westerlauwersk Fryslân gjin lânshearlik gesach mear en kaam it lienstelsel, sa't dat him yn 'e rest fan Jeropa ûntjoech, yn 'e Fryske gebieten nea fan 'e grûn. Om't de Frankyske keningen, en letter harren erfgenamten, de keizers fan it Hillige Roomske Ryk, harren net om 'e Fryske gebieten bekroaden, koe him dêr in steatsfoarm ûntwikkelje dy't bekend wurden is as de Fryske Frijheid. Dat hold yn dat der gjin lânshear (in greve of hartoch of sokssawat) oan it haad fan 'e steat stie, hoewol't it gesach fan 'e keizer, yn it fiere Dútslân, yn namme wol erkend waard. Dy "Frijheid" betsjutte trouwens net dat elkenien frij wie yn 'e sin sa't dat tsjintwurdich faak opfette wurdt. Inkeld de adel en de eigenerfde boerestân, dy't yn 'e Fryske gebieten troch it ûntbrekken fan it lienstelsel yninoar oerrûnen, wiene wier frij. Fan bûtenôf wie der in protte krityk op dizze sitewaasje, want it waard sjoen as ûnkristlik; elts moast ommers in hear boppe him hawwe, dat wie de wil fan God.
De Fryske gebieten organisearren harren yn in grut tal ôfsûnderlike republykjes, ek wol terrae neamd. Dy hiene te krijen mei oanfallen fan twa kanten: fan bûtenôf en fan binnenút. As reäksje dêrop besochten se har oant twaris ta om 'e nocht te ferienjen yn it bekende ferbûn fan 'e Upstalsbeam. Wat de oanfallen fan bûtenôf oanbelangen, dy kamen yn it gefal fan Westerlauwersk Fryslân benammen fan 'e greven fan Hollân, dy't oanspraak makken op it hiele Fryske gebiet. Yn 1289 hie greve Floaris V de Westfriezen ûnderwurpen en de Hollânske hearskippij útwreide oan it Fly ta. Fan dy tiid ôf bedrigen syn opfolgers Westerlauwersk Fryslân. Yn 1345 stiek greve Willem IV mei in ridderleger de Sudersee oer en gie yn 'e neite fan Starum oan lân. Dêr waard er opfongen troch de Friezen en yn it dêropfolgjende treffen waard syn leger útinoarslein en kaam de dryste greve sels om. Hoewol't dit barren de skiednis yngien is as de Slach by Warns, fûn it eins in pear km noardwestliker plak en hie de oantsjutting "Slach by Starum" in tapasliker namme west.
Nei in hieltyd op 'e nij ferlinge wapenstilstân fan mear as fyftich jier lâne yn 1396 de Hollânske greve Albrecht fan Beieren mei in grut leger by de Kúnder. Der fûn in treffen plak, dat letter de namme fan 'e Slach by Skoattersyl krigen hat, hoewol't dy namme doedestiden noch net bestie. Dêrby waarden de Friezen, dy't yn dy striid oanfierd waarden troch de ealman Juw Juwinga, ferslein, mar dy oerwinning brocht Albrecht fierders gjin terreinwinst, sadat de Hollanners in pear dagen letter wer skipgiene nei hûs. Yn 1397 en 1399 waarden der op 'e nij fjildtochten tsjin 'e Westerlauwerske Friezen holden, dy't ek net in protte opsmieten en allinne de stêd Starum yn Hollânske hannen brochten. Nei mislearre belegerings yn 1400 en 1401 en ferskate wapenstilstannen wisten de Friezen yn 1411 Starum te befrijen en wie it hielendal dien mei de macht fan 'e Hollânske greven yn Westerlauwersk Fryslân.
In folle wichtiger bedriging foar de Fryske frijheid waard lykwols foarme troch de boargeroarloch dy't Westerlauwersk Fryslân tusken rûchwei 1350 en 1498 yn 'e besnijing hold. Om 1350 hinne ûntstie der nammentlik krisis yn Fryslân, mei't in útbraak fan 'e pest der doe foar in grutte weromgong yn 'e befolking en in slimme resesje fan 'e ekonomy soarge. Dat sette in tal frij yngeande maatskiplike feroarings yn gong. Fierwei de wichtichste dêrfan wie de opkomst fan in stân fan saneamde haadlingen, dy't ôfkomstich wiene út sawol de adel as de frije boeren en dy't elk yn in doarp de macht griepen. Yn 'e folgjende heale iuw stelden eins alle oare ynwenners fan Westerlauwersk Fryslân har ûnder de beskerming fan sokke haadlingen, sadat dy stadichoan it hiele gebiet yn 'e hannen krigen. It wie fansels net te fermijen dat se mei-inoar deilis rekken oer gebietsoanspraken en ûnderling koälysjes foarmen om sterker te stean yn sokke konflikten. De rike kleasters waarden meilutsen yn 'e waansin en machten fan bûtenôf, de greven fan Hollân en de stêd Grins foarop, stokelen de striid fierder oan. Dizze striid tusken de Skieringers en de Fetkeapers, of de 'duvelske partijskippen', sa't se ek wol neamd waarden, fierde hiel Westerlauwersk Fryslân hast oardel iuw mei yn in spiraal fan geweld dêr't net út te kommen wie.
In ein oan 'e frijheid Oan 'e ein fan 'e fyftjinde iuw wiene de Westerlauwerske Friezen inoar al jierren oanien op it libben gien, en hiene dêrmei harren krêften foar in grut part ferspile. Sa koe it, dat 1498 in Dútsk aventoersman, hartoch Albrecht fan Saksen, sûnder in protte swierrichheden hiel Westerlauwersk Fryslân wist te feroverjen. Dy Albrecht fan Saksen wie derby helle troch de Skieringers, krekt doe't de Fetkeapers mei stipe fan 'e stêd Grins op it punt stiene en besljochtsje de striid foargoed yn harren foardiel. Mar al rillegau krigen de Skieringers troch dat se it Hynder fan Troaje binnenhelle hiene. Want Albrecht wist fan 'e Dútske keizer dien te krijen dat dy him hear ("potestaat") fan Westerlauwersk Fryslân makke.
Al yn 1500 briek der in opstân út, mar dy waard mei gauwens delslein. Nei de ûnthalzing fan guon haadlingen kaam it yn 1512 wer ta in oproer. De Saksers stjoerden doe in binde lossleine hierlingen, dy't bekend wurden is as de Swarte Heap, nei Fryslân ta om it ferset de kop yn te drukken, mar it spoar fan dea en ferdjer dat dy efter harren lieten, hie in tsjinsteld effekt. Under lieding fan Pier Gerlofs Doania, better bekend as Grutte Pier, in boer út Kimswert, en Janko Douwama, in Skieringer haadling út Aldeboarn, en mei stipe fan Karel fan Egmont, de hartoch fan Gelre, holden de Friezen it langer út as de Saksers. Yn 1515 rekke de Saksyske skatkiste leech en wie Joaris mei it Burd, de soan fan Albrecht fan Saksen, needsake om Fryslân oer te dwaan oan 'e greve fan Hollân, dat doe de Habsburger Karel V wie, dy't letter ek keizer fan Dútslân en kening fan Spanje wurde soe. Pas yn 1524 joegen de Westerlauwerske Friezen lykwols úteinlik harren ferset op en erkenden se Karel V as hear fan Fryslân.
De Saksysk-Habsburchske Tiid brocht in protte feroarings yn Westerlauwersk Fryslân. Sa waarden de rjochters net langer keazen, mar oansteld troch de lânshear. Fierders waard it Fryske rjocht ôfskaft en ek kamen der in protte bûtenlanners yn it lân om as amtners foar it nije regear te wurkjen. Oer it algemien kaam it derop del, dat Fryslân, foar safier't dat mooglik wie, lykskeakele waard mei de oare Nederlânske gewesten.
Yn 1555 giene de Nederlannen, en dêrmei Westerlauwersk Fryslân, oer yn 'e hannen fan Filips II, de soan fan Karel V, dy't kening fan Spanje wie. Om in ferskaat oan redens, mar fral de ekonomyske delgong en it dêrmei ferbânhâldende oanboazjen fan 'e earmoede, ferset tsjin Filips syn sintralisaasjepolityk en wearze oer de bienhurde ferfolging fan 'e kalvinistyske ketters, briek yn 1568 de Nederlânske Opstân út, dy't útmûne yn 'e Tachtichjierrige Oarloch. Dêrby wisten de Nederlânske rebellen, ûnder lieding fan Willem fan Oranje, nei yn 't earstoan in tal swiere nederlagen lit te hawwen, de Spaanske troepen út in grut part fan 'e noardlike Nederlannen, wêrûnder Westerlauwersk Fryslân, te ferdriuwen. Yn 1581 waard Filips II ôfsward as kening en yn 1585 ferklearre de Republyk fan 'e Feriene Provinsjes him ûnôfhinklik. Om't der nei 1581 gjin lânshear mear wie, soe men úthâlde kinne der doe yn Westerlauwersk Fryslân in nije perioade fan Fryske Frijheid oanbriek.
Fryslân yn 'e Republyk De Uny fan Utert, in militêr bûnsgenoatskip fan sân Noardnederlânske gewesten en it lânskip Drinte, dat sletten wie yn 1579, foarme de basis fan 'e Republyk. Dêryn waard neat regele oer in mienskiplike steatshúshâlding, en sadwaande wiene alle gewesten, wêrûnder Westerlauwersk Fryslân, mear as twahûndert jier lang yn prinsipe soevereine lannen, dy't regearre waarden troch de eigen Gewestlike Steaten en allinnich definsje, finânsjes en bûtenlânske saken mei-inoar regelen, mei in fetorjocht foar elts gewest.