De Alvestêden Fytsfjouwerdagetocht ís in yn 2013 foar it earst holden Alvestêdetocht op 'e fyts oer fjouwer dagen yn augustus. (Dat it wat oars as de Alvestêdetocht fan 240 km. op 'e fyts dy't op Pinkstermoandei ferriden wurdt). By de Fytsfjouwerdagetocht wurdt moarns starten yn Snits út de feemerkhal oan de Almastrjitte wei. De ôfstannen lizze tusken de 65 en de 100 km deis, yn totaal sa'n 300 km.
Rûtes mei ôfstannen Rûte 1: 100 km, Snits-Dokkum-Ljouwert-SnitsRûte 2: 70 km, Snits-Boalsert-Harns-Frjentsjer-SnitsRûte 3: 75 km, Snits-Warkum-Hylpen-Starum-SnitsRûte 4: 65 km, Snits-Drylts-Sleat-SnitsDielnimmers dy't by alle kontroleposten harren kaart ôfstimpelje litte, krije in Alvestêdekrúske. Der binne mei-inoar alve ferskillende krúskes te heljen. Elk moat sels foar in sliepplak soargje.
kategory:Alvestêdetocht Kategory:Sportevenemint yn Fryslân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 2013 Kategory:Evenemint yn Boalsert Kategory:Evenemint yn Dokkum Kategory:Evenemint yn Frjentsjer Kategory:Evenemint yn Harns Kategory:Evenemint yn Ljouwert Kategory:Evenemint yn Snits Kategory:Evenemint yn Warkum Kategory:Evenemint yn Drylts Kategory:Evenemint yn Hylpen Kategory:Evenemint yn Sleat Kategory:Evenemint yn Starum