De Jakobikirche (Frysk: Jabiksjerke) oan it Jakobikirchhof is ien fan 'e fiif protestantske parochytsjerken yn 'e histoaryske binnenstêd fan 'e Dútske hânzestêd Lübeck.
De tsjerke waard yn it jier 1334 as tsjerke foar seefarders en fiskers wijd. De patroanhillige is de hillige Jakobus, ien fan 'e tolve apostels en de broer fan 'e evangelist Jehannes. De tsjerke makket mei it Heiligen-Geist-Hospital en de oanbuorjende Gertrudenherberge diel út fan it Noard-Europeeske Jabikspaad nei Santiago de Compostella.
Yn 2007 wie it fyftich jier lyn dat de fjouwermaster Pamir fergong. Yn it ramt hjirfan waard de kapel yn 'e noardlike toer sûnt dat stuit it nasjonaal betinkingsplak ta neitins fan sivile slachtoffers dy't nei harren seereis net werom kamen.
Skiednis Mei de bou fan 'e trijskippige bakstiennen halletsjerke waard om 1300 hinne úteinset. De nijbou ferfong nei de grutte stedsbrân fan 1276 de romaanske halletsjerke op itselde plak, dy't al yn 1227 neamd waard. Mûlk binne rûnbôgenfriezen oan 'e tsjerketoer en de muorren fan 'e sydskippen noch ôfkomstich fan 'e romaanske bou. De tsjerke krige ien toer, mar oan 'e bou fan 'e noardlike en súdlike sydkapel is ôf te lêzen dat der rekken holden waard mei in letter bou fan dûbele tuorren, lykas dat ek it gefal is by de Lübecker dom en de Marienkirche. Ek ôf te lêzen oan it gebou is dat men oan 'e ein fan 'e 13e iuw de halletsjerke ferbouwe woe ta basilyk. In begjin wie makke, mar it wurk waard opjûn.
De toer fan 'e tsjerke wie yn it earstoan folle leger en levere noch al ris swierrichheden op. By in stoarm yn 1375 briek in part fan 'e toer ôf en yn 1628 moast de toer foar in part ôfbrutsen wurde. Pas yn 'e jierren 1657-1658 waard de spits wer opboud en waarden de karakteristike fjouwer kûgels op 'e hoeken fan 'e toer set. Hieltyd wer waard de toer troch de bliksem troffen, foar it lêst yn 1901. De toer baarnde doe hast in dei lang.
De kapellen waarden yn 'e rin fan 'e 14e iuw oanboud en ferneamd nei dyjingen dy't de bou mooglik makken of de kapellen besieten. Nei alle gedachten is fan alle kapellen de kapel fan boargemaster Brömse it meast bekend, itjinge te tankjen oan it alter dat dêr stiet. De súdeastlike sakristy waard yn it begjin fan 'e 15e iuw oanboud.
Neffens de skiedsskriuwing waard yn 1496 in dakruter pleatst. Al gau briek dizze dakruter troch in stoarm ôf. Neffens in wurk fan 'e houtfiker Elias Diebel moat de dakruter lykwols healwei de 16e iuw wer op 'e tsjerke stien ha. De hjoeddeiske dakruter is in barokke bou út de jierren 1622-1628.
Yn 'e 19e iuw waarden by in renovaasje midsiuwske fresko's ûntdutsen.
De Jakobikirche waard as ien fan 'e pear Lübecker tsjerken sparre by it grutte bombardemint op 'e stêd fan 1942. Sadwaande besit de tsjerke de lêste twa histoaryske oargels fan 'e stêd.
Ynrjochting Preekstoel en heechalter thumb|left|Kânsel en heechalter. De preekstoel datearret út it jier 1698. Fan 'e foargonger út 1577 binne sûnt 1735 resten te finen yn 'e Thomaskirche fan Tribsees. It heechalter waard yn 1717 troch Hieronymus Hassenberg boud yn opdracht fan boargemaster Hermann Rodde, waans boarstbyld in plak krige yn it heechalter. It âldere heechalter, in let-goatyske retabel út 1435, stiet hjoed-de-dei yn in fêstiging fan it Staatliches Museum Schwerin yn Güstrow dat yn it Slot Güstrow fêstige is. It doopfont út 1466 waard yn 1466 troch Klaus Grude getten.
It Brömse-alter It Brömse alter waard yn 1515 troch boargemaster Heinrich Brömse skonken. It middendiel út 1500 mei de krúsiging is in reliëf út it atelier fan Heinrich Brabender, Múnster/Westfalen. De beskildere fleugels toane û.o. de boargemaster en syn famyljeleden en waarden yn 1515 tafoege.
Betinkingsplak fan de seelju Yn 'e noardlike toerkapel is plak makke foar de Lübecker seelju dy't net fan see werom kamen. Hjir stiet ek it wrak fan in reddingsboat fan 'e yn 1957 sonken fjouwermaster Pamir. By dizze ramp kamen 80 fan 'e 86 tellende bemanning om. Op fersyk fan 'e tsjerke en de oerheid waard de kapel op 21 septimber 2007 ta it nasjonaal betinkingsplak foar de sivile seefeart ferklearre. Under de kapel is in kolumbarium.
Oargels thumb|260px|Oargel. It grutte oargel oan 'e westlike muorre is oarspronklik goatysk, mar waard yn 'e barokke tiid ferboud en fergrutte. It lytse oargel stammet oarspronklik út in midsiuwsk ynstrumint út 1467, maar waard yn 'e jierren 1636-1637 troch Friedrich Stellwagen ferboud en fergrutte.
Klokken Yn 'e klokkestoel hinget in fjouwertal klokken út 1507, 1619, 1743 en 1756. De âldste klok út 1507 is de grutste klok en waard getten troch Geart fan Wou.
Ofbylden
Keppeling om utens Webstee fan de tsjerke
Kategory:Lübeck Kategory:Tsjerkegebou yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn 1276 Kategory:Bouwurk út 1334