thumb|right|It logo fan Wikipedia De Wikipedia is in projekt fan de Wikimedia Foundation, in yn Florida fêstige organisaasje. Wikipedia is it meast oanskreaune en suksesfolste projekt fan de foundation. It doel fan it projekt is om yn eltse taal in iepen, rjochtenfrije ensyklopedy te meitsjen. Sa moat alle ynformaasje foar eltsenien beskikber komme. De projektnamme is in kombenaasje fan wiki in Hawaïaansk wurd foar fluch/maklik, en encyclopedia, it Ingelske wurd foar ensyklopedy.
Prizen Wikipdia omfiemet de mienskip fan alle wikipedyen tegearre: Yn 2015 waard oan de Wikipedia-mienskip de Erasmuspriis en de Prinses fan Asturiëpriis foar ynternasjonale gearwurking takend.Princess of Asturias Award for International Cooperation 2015
Sjoch ek Wikipedy:Wat is Wikipedia. Wikipedy:Skiednis fan Wikipedia.