Chastity Lynn, echte namme: Ashton Butler (Seattle, 10 augustus 1987), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenamme Hailey. Har 'offisjele' skûlnamme wurdt ek misstavere as Chastity Lyn of Chastity Lynne. Se sette yn 2008 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.

Libben en karriêre Chastity Lynn waard yn 1987 berne yn Seattle, yn 'e noardwestlike Amerikaanske steat Washington. As bern folge se ûnderwiis oan in roomsk-katolike famkesskoalle, mar yn har tinerjierren gie se nei in iepenbiere middelbere skoalle, dy't sawol manlike as froulike learlingen hie.

Har karriêre yn 'e pornoyndustry kaam oan it rôljen doe't Chastity Lynn op in feestje yn 'e kunde kaam mei pornoaktrise Ellie Idol. Yn 2008 makke se mei 21 jier har debút yn in pornografyske film. Yn 't earstoan die se inkeld lesbyske pornosênes mei Idol, mar al rillegau wie se ek mei manlike tsjinspilers te sjen. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as 350 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Vivid Entertainment, Penthouse, Adam & Eve, Evil Angel, Devil's Film, New Sensations, Jules Jordan Video, Digital Sin, Hustler Video, Red Light District, Shane's World en Digital Playground.

Fierders hat Chastity Lynn ek wol yn 't spier west foar minder bekende Amerikaanske studio's, lykas West Coast Productions, Third Degree Films, Girlfriends Films en Platinum X Pictures. Ek hat se wurke foar de Frânske studio Vidéo Marc Dorcel en foar Amerikaanske pornosites op it ynternet, lykas Brazzers, Kink.com en BlacksOnBlondes. Foar har wurk hat Chastity Lynn fjouwer kear nominearre west foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld). Njonken har aktearwurk is se ek aktyf as neakenmodel.

Lichemsskaaimerken Neffens har offisjele opjefte is Chastity Lynn 1.62 m lang, mei in gewicht fan 55 kg, en natuerlike kupmaat 34B. Hja is blank en hat blûn hier en blauwe eagen. Op har heup hat se in tatoeaazje fan in loatusblom. Piercings hat se yn har earlellen, nâle en tonge.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn 2011 AVN Awardnominearrebêste lesbyske triosekssêne (mei Dana DeArmond en India Summer)House Hunters Part 1 2014 AVN Awardnominearrebêste byrol fan in aktriseClerks XXX: A Porn Parody2015AVN Awardnominearrebêste triosekssêne (f/f/m) (mei Ash Hollywood en Tommy Pistol)Squatternominearreskandalichster sekssêne (mei Ashley Fires en Madison Ivy)Pretty Sloppy 5

Keppelings om utens Offisjele webside fan Chastity Lynn Biografy en filmografy fan Chastity Lynn yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Chastity Lynn yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD) Biografyske gegevens fan Chastity Lynn op FreeOnes Fanwebside oer Chastity Lynn De unoffisjele biografy fan Chastity Lynn

Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Persoan berne yn 1987