Willem Ernest baron van Knobelsdorff (De Haach, 15 july 1916 – Beetstersweach, 18 april 1975) wie in Nederlânsk politikus foar de CHU.

Libben en wurk Van Knobelsdorff, telch út de famylje Van Knobelsdorff, wie in soan fan Frederik Wilhelm Adriaan Karel baron van Knobelsdorff (1865-1932) en Jantje Bredewout (1890-1972). Hy boaske oan Mary Cecilia Erica Belinfante; sy krigen fiif bern. Syn broer Johannes (1917) wie boargemaster fan Goedereede, Stellendam en Sassenheim. Hy studearre ekonomy yn Amsterdam en Rotterdam. Om reden fan de oarloch koe er dy stúdzje earst yn 1946 ôfmeitsje. Hy wie adjunkt-ynspekteur (1946) by de Thesaury-ynspeksje fan it departemint fan Finansjen. Yn 1947 waard er finansjeel meiwurker by de Bataafse Petroleum Maatschappij, yn 1950 bedriuwsekonoom by de Shell."Twintig jaar burgemeester, dertien jaar in Smallingerland Drs. Van Knobelsdorff was bestuurder van grote werkkracht" yn Ljouwerter Krante, 19 april 1975 Yn dy snuorje waard er ek lid fan it bestjoer fan útjouwerij Belinfante yn De Haach en waard dêr yn 1954 direkteur."Drs van Knobelsdorff benoemd tot burgemeester van Smallingerland" yn Friese Koerier, 1 juny 1962

Yn 1955 waard Van Knobelsdorff foar de CHU beneamd ta boargemaster fan de gemeente Reeuwijk. Yn 1962 folge syn beneaming yn Smellingerlân dêr't er Adriaan Blaauboer opfolge. Hy wie sûnt 1973 Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Op 18 apri 1975 kaam van Knobelsdorff yn 'e âldens fan 58 jier om it libben by in auto-ûngemak op de Rykswei 43 by Beetstersweach."Auto op rijksweg 43 gegrepen door vrachtwagen Burgemeester Van Knobelsdorff verongelukt" yn Leeuwarder Courant, 19 april 1975

It yn 1992 iepene busstation Van Knobelsdorffplein yn it sintrum fan Drachten is nei de omkommen boargemaster neamt. It eardere plein op dit plak hjitte sûnt de 1970-er jierren ek al it Van Knobelsdorffplein.

Sjoch ek List fan boargemasters fan Smellingerlân

Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:CHU-politikus Kategory:Nederlânsk konservatyf Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Boargemaster fan Smellingerlân Kategory:Nederlânsk ekonoom Kategory:Nederlânske adel Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan stoarn yn Beetstersweach Kategory:Persoan berne yn 1916 Kategory:Persoan stoarn yn 1975