De Slach oan de Rosebud wie in fjildslach út 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 op 17 juny 1876, oan 'e rivier de Rosebud, yn it hjoeddeiske Bighorn County yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Montana. Hjirby focht in troepemacht fan it Amerikaanske Leger ûnder lieding fan brigadegeneraal George Crook, mei stipe fan 'e Krieën en de Sjosjoanen, tsjin in Yndiaanske koälysje besteande út 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, oanfierd troch it Oglala-opperhaad Mâl Hynder. De Sjajinnen neamden dit treffen letter "it Gefjocht dêr't it Fanke Har Broer Rêde". Hoewol't Crook nei ôfrin bearde dat er de Yndianen ferslein hie, wie syn opmars ta stean brocht, en moast er wachtsje op fersterkings oant er fierder koe.
Foarskiednis Spannings tusken lânseigen Yndiaanske folken en de almar opkringende stream fan blanke kolonisten soargen yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw kear op kear foar oarloch op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Yn 'e Dakota's, Wyoming en Montana waard dêrby troch de Feriene Steaten fral fochten mei de Lakota, it westlike diel fan 'e Grutte Sû Naasje, en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho. Nei de Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868) folge der in perioade fan relative frede, mar doe't der yn 1874 by de Ekspedysje nei de Black Hills goud fûn waard, wie in nije oarloch ûntsjinkearber.
De Black Hills foarmen ûnderdiel fan it Grutte Sû Reservaat dat de Lakota en harren neie sibben, de Westlike Dakota, yn 1868 by it twadde Ferdrach fan Fort Laramie tawiisd wie. Boppedat wiene dy heuvels foar de Lakota hillich, en soene se der nea frijwillich ôfstân fan dwaan. De ûntdekking fan goud dêre brocht in tastream fan goudsikers op gong ûnder de saneamde Goudkoarts fan de Black Hills, en doe't it Amerikaanske regear, yn striid mei it Ferdrach fan Fort Laramie, wegere om sokken tsjin te hâlden as se Yndiaansk lân binnenkringe woene, besleaten de Lakota om eigenhandich harren rjochten te beskermjen. Lulkens ûnder de Amerikaanske befolking oer de dea fan guon goudsikers en de frij algemien oanhongen miening dat it Amerikaanske regear de Black Hills oan 'e Lakota ûntnaderje moast, laten úteinlik ta it útbrekken fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876.
Under de simmerkampanje fan 1876 waard de Yndianen fan trije ferskillende kanten troch de Amerikanen oanfallen, mei as doel om harren yn te sluten. Ut it noarden kaam de Montana-kolonne, ûnder befel fan kolonel John Gibbon, dy't op 30 maart ôfset wie út Fort Ellis mei 6 kompanjyen fan it 7e Ynfanteryrezjimint en 4 kompanjyen fan it 2e Kavaleryrezjimint. Ut it easten wei kaam brigadegeneraal Alfred Terry mei de Dakota-kolonne út Fort Abraham Lincoln, dy't op 17 maaie ôfset wie en bestie út 2 kompanjyen fan it 17e Ynfanteryrezjimint, it Gatling-mitrailleurdetasjemint fan it 20e Ynfanteryrezjimint en de 12 kompanjyen fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dat ûnder befel stie fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer. En út it suden teach op 29 maaie brigadegeneraal George Crook op, mei de Wyoming-kolonne út Fort Fetterman.
Opmars fan Crook De troepemacht fan Crook bestie út 10 kompanjyen fan it 3e Kavaleryrezjimint (A, B, C, D, E, F, G, I, L en M); 5 kompanjyen fan it 2e Kavaleryrezjimint (A, B, D, E en I); 2 kompanjyen fan it 4e Ynfanteryrezjimint (D en F); en 3 kompanjyen fan it 9e Ynfanteryrezjimint (C, G en H). Yn totaal kaam dat del op 993 man kavalery en ynfantery; de ynfanteristen ferpleatsten har foar de mobiliteit op mûldieren. Fierders hie Crook 197 fuorlju en lieders fan pakezels by him, wêrûnder de ferneamde Calamity Jane, yn 'e momkape fan in man. Teffens wiene der 65 bewapene goudsikers út Montana, 3 blanke ferkenners, wêrûnder de bekende frontiersman Frank Grouard, en 5 sjoernalisten, wêrûnder Robert Edmund Strahorn en John F. Finerty. Oan 'e rivier de Tongue joegen har op 14 juny 175 Krieën ûnder Mannich Kûp en 86 Sjosjoanen ûnder Washakie by de kolonne. Dat wiene Yndianen dy't fan âlds fijannen wiene fan 'e Lakota, Sjajinnen en Arapaho, en dy't mei gragens de kâns oangriepen om mei te fjochtsjen. Crook, dy't syn reputaasje makke hie troch "Yndianen te brûken om Yndianen derûnder te krijen", soarge derfoar dat de Krieën en Sjosjoanen goed bewapene wiene.
Tsjin dy tiid wiene de earste skotten yn it konflikt al lost, want it Lakota-opperhaad Mâl Hynder hie Crook yn 't foar warskôge dat er tsjin him fjochtsje soe as Crook de Tongue oerstiek, en nei't de generaal op 8 juny dochs de rivier oerstutsen wie, beskeaten de Yndianen op 9 juny út 'e fierte wei syn kamp, wêrby't twa soldaten ferwûne rekken. Op 16 juny liet Crook syn bagaazjetrein ûnder beskerming fan likernôch 200 bewapene boargers efter, en teach er mei de Krieën en Sjosjoanen yn 'e foarhoede op yn 'e rjochting fan 'e boarne fan 'e rivier de Rosebud. Al syn soldaten droegen rantsoenen foar fjouwer dagen en 100 patroanen by har.
Crook wie fan doel en kom de Yndianen stilwei oer it mad, mar dat plan rûn averij op doe't de Krieën en Sjosjoanen in keppel bizons tsjinkamen en ferskate bisten skeaten om op te iten. Likegoed gie Crook derfan út dat er rillegau in Yndiaansk kamp oan 'e Rosebud fine soe, mar yn wurklikheid lei it tichtstbye kamp oan 'e Ash Creek, mear nei it westen ta. De generaal ûnderskatte boppedat de wisberettens fan 'e Yndianen, mei't er neat mear ferwachte as de gewoanlike guerrilja-taktiken fan mûklagen en fan it dwaan fan flugge oanfallen folge troch like fluch útnaaien. Mar yn 'e midden fan 'e nacht fan 16 op 17 juny sette Mâl Hynder mei in macht fan hast 1.000 krigers ôf út it doarp oan Ash Creek om mei de soldaten yn 'e krite fan 'e Rosebud ôf te weven. Hja rieden de hiele nacht troch, lieten har hynders doe in pear oeren rêste en giene doe wer fierder. Op 'e moarn fan 17 juny, om likernôch 8.30 oere, makken se kontakt mei de troepen fan Crook.
De Slach oan de Rosebud Tsjin 17 juny wie it moreel fan 'e Amerikaanske troepen, dat earder tige heech west hie, wat bekommen. De soldaten, yn 't bysûnder de ynfanteristen, dy't op mûldieren rieden en dat net wend wiene, hiene goed har nocht nei de 56 km dy't se de deis tefoaren ôflein hiene. Op 'e santjinde begûn de dei ek alwer ier, mei in appèl om 3.00 oere moarns. Dêrnei waard fluch-fluch iten en doe gie de legermacht wer op 'en paad. Omtrint 8.00 moarns hold Crook stil om syn manskippen en bisten in hoart útrêste te litten. Hoewol't er him djip yn fijannich gebiet befûn, naam er alhiel gjin maatregels ta ferdigening. Syn troepen lieten har yn marsfolchoarder delploffe op it plak dêr't se wiene doe't har ferteld waard dat se even lins nimme mochten. Inkeld de Krieën en Sjosjoanen bleaune alert. Om 8.15 oere hinne klonk der gewearfjoer fan 'e kliffen yn it noarden ôf, dêr't de Krieën en Sjosjoanen posysjes ynnommen hiene, mar de Amerikanen giene der earst fanút dat de Yndianen wer op bizonjacht wiene. Neigeraden dat it gewearfjoer tanaam, hastigen har twa Krieën by de troepen lâns, roppend: "Lakota, Lakota!"
Tsjin 8.30 oere wiene de Lakota, de Noardlike Sjajinnen en guon Noardlike Arapaho yn in fûleindich gefjocht ferwikkele mei de Krieën en Sjosjoanen dy't har op 'e kliffen benoarden de haadmacht fan Crook befûnen. Mei't se fier yn 'e minderheid wiene, loeken de Krieën en Sjosjoanen har fjochtsjendewei werom nei harren Amerikaanske bûnsgenoaten, mar troch harren warskôgings en fertragingstaktiken krige Crook de kâns om syn troepen op te stellen. De fjildslach dy't dêrnei begûn, duorre sa'n seis oeren en bestie út in tal ûngearhingjende aksjes en oanfallen en tsjinoanfallen troch Crook en Mâl Hynder, wêrby't harren legermachten ferspraat fochten oer in front dat hast 4,5 km breed wie. De Lakota en Noardlike Sjajinnen ferdielden har yn in stikmannich ûnderskate troepen, en neigeraden dat de slach oanduorre, rekken de soldaten ek yn ferskate kommando's ferdield. De soldaten koene de oanfallen fan 'e Yndianen ôfslaan en harren tebekkringe, mar it slagge harren nea om 'e wetterflugge krigers klem te setten en te ferdylgjen.
Yn 't earstoan oardere Crook syn troepen om it heger leine terrein oan 'e noard- en súdkant fan 'e Rosebud te besetten. kaptein Frederick Van Vliet krige opdracht om mei twa kompanjyen fan 'e 3e Kavalery de hege kliffen oan 'e súdkant fan 'e rivier yn te nimmen en te ferdigenjen, om sa foar te kommen dat de Amerikaanske haadmacht yn 'e rêch oanfallen wurde koe. Noardkant de rivier stjoerde Crooke majoar Alexander Chambers mei twa kompanjyen fan 'e 4e Ynfantery en trije fan 'e 9e Ynfantery en kaptein Henry E. Noyes mei trije kompanjyen fan 'e 2e Kavalery om te foet in skermutselingliny te foarmjen en op te tsjen tsjin 'e Lakota. Harren fuortgong wie lykwols stadich, fanwegen it flankearjende fjoer dat de Yndianen op harren delreine litte koene fan 'e kliffen yn it noardeasten ôf.
Om 'e oanfal fan syn troepen makliker te meitsjen, befelle Crook kaptein Anson Mills om mei seis kompanjyen fan 'e 3e Kavalery op 'e Lakota yn te riden. De Yndianen wykten tebek foar de sjarzje fan Mills en syn mannen, en hja loeken har werom by de heuvelrêch lâns. Mills wergroepearre gau-gau trije fan syn kompanjyen en die in nije kavalery-oanfal, wêrmei't er de Yndianen fierder nei it noardwesten ta dreau. Doe't er syn troepen tarette op in trêde oanfal, ûntfong er oarders fan Crook om stil te hâlden en in definsive posysje yn te nimmen; Crook wie bang dat Mills him troch de Yndianen te fier fuortlokje en yn in mûklaach liede litte soe. Underwilens laten Chambers en Noyes harren ynfantery nei foarren ta en joegen har dêrmei in pear minuten letter by Mills op 'e heuvelrêch. Hja waarden folge troch Crook mei syn reservetroepen en de bewapene boargers, dy't om likernôch 9.30 oere it Amerikaanske haadkertier ynrjochten op in heuvel dy't neitiid Crook Hill kaam te hjitten.
Under ien fan 'e oanfallen fan Mills die him in foarfal foar wêrby't in Sjajinske haadman, Komt-yn-Sicht, syn hynder ferlear om't dat troch de Amerikanen delsketten waard. Doe't syn suster Bizonkeallepaadfrou murk dat har broer ferwûne op it slachfjild efterbleaun wie, joech hja har hynder de spoaren, ried nei him ta, skuorde him op it hynder en rêde sa syn libben. Har dappere die joech de Sjajinnen nije moed, en ta eare fan Bizonkeallepaadfrou neamden de Sjajinnen de slach letter "it Gefjocht dêr't it Fanke Har Broer Rêde". Mills soe letter sizze oer de Yndianen dêr't er it tsjin op naam: "Se wiene de bêste kavalerysoldaten op 'e wrâld. Wylst se ús oanfoelen, lieten se sa min mooglik fan harsels sjen, en hongen se mei ien earm om 'e hals en ien skonk oer de rêch fan har hynders, wylst se ûnder de halzen fan harren hynders troch skeaten en mei spearen tastieken, sadat der gjin lichemsdiel fan 'e Yndiaan sels te sjen wie dêr't wy op sjitte koene."
Mei de oanfallen dy't Crook syn troepen oan it begjin fan 'e slach útfierden, feroveren se wichtich terrein (dat gaadlik wie om ferdigene te wurden), mar de Yndianen waard mei dy oanfallen net folle skea tabrocht. Nei't se har weromlutsen hiene, setten de Lakota en de Sjajinnen dermei útein om út 'e fierte wei op 'e Amerikaanske posysjes te sjitten en oanhâldend lytse oanfaltsjes te hynder út te fieren. As de soldaten dan in tsjinoanfal begûnen, rieden de Yndianen gau-gau fuort. Crook besefte sadwaande dat syn grutte oanfallen net it winske effekt hân hiene. Hy wie ferheard oer de fêsthâldendheid fan 'e krigers, dy't yn syn ûnderfining betsjutte dat der tichteby in doarp mei froulju en bern wêze moast. Dêrom oardere er de kapteins Mills en Noyes om mei harren kavalery by de Rosebud lâns op 'e siik te gean nei in Yndiaansk doarp. Crook wie lykwols mis mei syn ûnderstelling, en de siiktocht nei in net-besteand doarp soe njoggen kompanjyen kavalery it grutste part fan 'e dei bûten de striid hâlde.