De nandoe-eftigen (wittenskiplike namme: Rheiformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e âldkakigen (Palaeognathae) en de rangleaze groep fan 'e echte âldkakigen (Notopalaeognathae).
Dit út Súd-Amearika ôfkomstige skift omfiemet twa famyljes, de nandoefûgels (Rheidae) en de fossile Opisthodactylidae. Ta de nandoefûgels hearre 2 libbene soarten, nammentlik de nandoe (Rhea americana) en de darwinnandoe of Darwins nandoe (Rhea pennata). De nandoe-eftigen binne nau besibbe oan tinamû-eftigen (Tinamiformes), dy't ek út Súd-Amearika komme, oan 'e útstoarne moä-eftigen (Dinornithiformes) fan Nij-Seelân en oan 'e nije rinfûgels (Novaeratitae), in groep dy't noch trije oare skiften fan flechtleaze fûgels omfettet.
Skiftopbou
skift nandoe-eftigen (Rheiformes) famylje nandoefûgels (Rheidae) skaai Heterorhea † Heterorhea dabbenei † skaai Hinasuri † Hinasuri nehuensis † skaai nandoes (Rhea) nandoe (Rhea americana) darwinnandoe, Darwins nandoe of lytse nandoe (Rhea pennata) Rhea fossilis † Rhea mesopotamica † Rhea pampeana † Rhea subpampeana † skaai Protorhea † Protorhea azarae † famylje Opisthodactylidae † skaai ?Diogenornis † (mooglik ynstee in lid fan 'e kasuariseftigen) Diogenornis fragilis † skaai Opisthodactylus † Opisthodactylus horacioperezi † Opisthodactylus patagonicus †
Kategory:Fûgelskift