De toer- en nachtsweleftigen (Latynske namme: Cypselomorphae of ek wol Strisores) foarmje in noch rangleaze taksonomyske groep fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves) en de rangleaze groep fan 'e hegere fûgels (Metaves).
Ta dizze groep hearden foarhinne 3 skiften fûgels, nammentlik de nachtsweleftigen (Caprimulgiformes), de dwerchnachtsweleftigen (Aegotheliformes) en de toersweleftigen (Apodiformes). De beide lêste groepen binne nauwer mei-inoar besibbe as mei de nachtsweleftigen, en binne dêrom ûnderbrocht yn in fierder rangleas tuskentakson: dat fan 'e toer- en dwerchnachtsweleftigen (Daedalornithes). Ferskate fossile taksons (fariëarjend fan it lette Paleoseen oant it iere Oligoseen) wurde ûnder foarbehâld ek yn 'e groep fan 'e toer- en nachtsweleftigen pleatst.
Sûnt 2020 wurdt it eardere skift fan 'e nachtsweleftigen as parafyletysk en dus ûnjildich beskôge. De trije famyljes út dy groep binne dêrom ta selsstannige skiften befoardere: de reuzenachtsweleftigen (Nyctibiiformes), fetfûgels (Steatornithiformes) en kikkertbekeftigen (Podargiformes).
Groepsopbou
rangleas takson toer- en nachtsweleftigen (Cypselomorphae of Strisores) incertae sedis (fierdere ûnderferdieling ûnwis) skaai Eocypselus † skaai Paraprefica † skaai Hassiavis † skaai Protocypselomorphus † famylje Archaeotrogonidae † skift fetfûgeleftigen (Steatornithiformes), 1 famylje: famylje fetfûgels (Steatornithidae), 1 skaai, 1 soarte skift reuzenachtsweleftigen (Nyctibiiformes), 1 famylje: famylje reuzenachtswellen (Nyctibiidae), 1 skaai, 7 soarten skift kikkertbekeftigen (Podargiformes), 1 famylje: famylje kikkertbekken (Podargidae), 3 skaaien, 16 soarten skift nachtsweleftigen (Caprimulgiformes), 1 famylje: famylje nachtswelfûgels (Caprimulgidae), 22 skaaien, 97 soarten, wêrûnder de deisliepers rangleas takson toer- en dwerchnachtsweleftigen (Daedalornithes) skift dwerchnachtsweleftigen (Aegotheliformes), 1 famylje: famylje dwerchnachtswellen (Aegothelidae), 1 skaai, 9 soarten skift toersweleftigen (Apodiformes), 2 famyljes: famylje beamgierswellen (Hemiprocnidae), 1 skaai, 4 soarten famylje toerswelfûgels (Apodidae), 19 skaaien, 113 soarten
Keppelings om utens IOC World Bird List, 11.1, Updates maart 2021
Kategory:Fûgel nei taksonomy