Martin Brand (Utrecht, 12 maaie 1980) is in kristlike Nederlânsk sjonger, skriuwer en sprekker.

Libben en wurk Brand waard opbrocht yn de omkriten fan Emmeloard. Hy studearre trije jier oan keunstakademi ArtEZ Art & Design Zwolle yn Swol, mar make dy oplieding net dien. Dêrnei folge er in diakonaal jier by de jongereinorganisaasje Youth for Christ. Brand is sûnt 2004 belutsen by de ynternasjonale yntertsjerklike sindingsorganisaasje Operaasje Mobilisaasje. Hy wurke dêr as sjonger/sprekker en skriuwer.

Yn 2009 gie Brand by OM-Nederlân wei (mar is der noch wol ambassadeur fan) en gie selsstannich fierder yn Martin Brand Producties.

Brand hat sân Nederlânsktalige albums en in album yn it Ingelsk útbrocht, mei fral gospels dy't er sels skreau. Ek krige er omtinken by in toenee fan de Amerikaansk sjonger/songwriter Keith Green. Hy wie fierders dirigint, workshoplieder, skoallieder/dosint op de HQ-keunstskoalle en radiopresintator by Groot Nieuws Radio.

Sûnt 2010 wie er de inisjatyfnimmer fan Praise United-eveneminten wêrby't mear as hûndert koarleden út in hele provinsje byelkoar komme en meiïoar ien "megakoar" foarmje dat dêrnei mei in profesjonele band in oanbiddingskonsert jout.Concert megakoor en Martin Brand in Koepelkerk, Friesch Dagblad, 28 januari 2011Afgeladen Koepelkerk bij concert Praise United, Friesch Dagblad, 7 febrewaris 2011

Hertstilstân Brand krige 3 juny 2012 in hertstilstân, waard troch syn frou reänimearre en waard opnaam yn it sikehûs. Ein juny 2012 mocht er wer nei hûs.Martin Brand weer THUIS, ynterview op Groot Nieuws Radio, 26 juny 2012 Dêrnei krige Brand noch fiif kear in hertstilstân.Andries: Martin Brand, 28 maart 2016

Albums 2005 - Ongekend 2006 - U 2008 - Eerlijk Gezegd 2009 - For the long run 2010 - Nieuwe Woorden 2011 - Uw liefde won 2012 - De Wens 2015 - Leef Vandaag

Keppeling om utens Webstee fan Martin Brand

Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Kristlik sjonger Kategory:Persoan berne yn 1980