Bree Olson, echte namme: Rachel Marie Oberlin (Houston, 7 oktober 1986), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Oekraynsk-Joadsk etnysk komôf. Har artystenamme wurdt gauris misstavere as Bree Olsen. Hja sette yn 2006 útein mei in tige súksesfolle karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry. Yn maart 2008 wie se de Penthouse Pet fan de Moanne. Olson waard by in breder publyk bekend troch har opsjochjaande relaasje mei film- en tillefyzjestjer Charlie Sheen.
Libben en karriêre Jonkheid Olson waard yn 1986 berne yn 'e stêd Houston, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, as it bern fan in allinnichsteande mem. Doe't se twa jier wie, ferhuze har mem mei har nei Fort Wayne, yn 'e steat Indiana, dêr't se opgroeide. Nei't har mem jierren letter in nije relaasje oangien wie, krige Olson op 'e âldens fan njoggen jier in suske. Har pake en beppe oan memmekant wiene Oekraynske Joaden, dy't nei de Feriene Steaten ymmigrearren. Har beppe is in Holokaustoerlibbene, dy't in diel fan 'e Twadde Wrâldoarloch trochbrocht yn 'e Dútske konsintraasjekampen.
Olson har earste bybaantsje wie as maïsferwurkster yn in fabryk doe't se tolve jier wie, en mei fyftjin jier wie se servearster yn in pleatslik restaurant. Nei't se de middelbere skoalle yn Woodburn ôfmakke hie, liet se har ynskriuwe oan 'e Universiteit fan Indiana – Purdue Universiteit Fort Wayne, mei de bedoeling om biology te studearjen, mar dy stúdzje briek se foartidich ôf doe't se behelle rekke yn 'e Amerikaanske pornoyndustry.
Pornokarriêre Nei eigen sizzen hie Olson der al jierren fan dreamd om in pornostjer te wurden, en wie der iennichste reden dat se wachte om mei in karriêre yn 'e pornoyndustry útein te setten oant se njoggentjin en in heal jier âld wie, dat se oant dy tiid in fjouwer jier duorjende serieuze relaasje hie. Nei't dat útrekke wie, makke se yn novimber 2006 har debút yn in pornografyske film. Dêrby naam se skûlnamme 'Bree Olson' oan, nei de foarnamme fan in skoalkammeraatske en de efternamme fan 'e twillingaktrises Mary-Kate en Ashley Olsen.
As pornoaktrise spile Olson neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn totaal yn 482 films, al sille dêr perfoarst guon kompilaasjefideo's tusken sitte dy't earder materiaal recyclje. Yn 't earstoan wurke se foar in ferskaat oan Amerikaanske pornografyske filmstudio's, wêrûnder Red Light District, Diabolic Video, Pure Play Media, Hustler Video, Zero Tolerance, Third Degree Films, Black Ice, Elegant Angel, Digital Sin, New Sensations, Jules Jordan Video en Wicked Pictures.
Fan 2007 oant 2010 wurke se ûnder in eksklusyf kontrakt allinnich foar Adam & Eve. Fierders wie se ek yn 't spier foar Girlfriends Films, in lytsere studio dy't him taleit op it meitsjen fan lesbyske pornografy, en foar pornosites op it ynternet, lykas Brazzers en Naughty America. Nei ferrin fan tiid rjochte se dêrnjonken har eigen produksjebedriuw Bree Olson Productions op. Olson wûn ûnder har karriêre as pornoaktrise fjouwer AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld), en waard foar nochris sechstjin oaren nominearre. Yn 2013 loek se har út 'e pornoyndustry werom.
Karriêre as neakenmodel Njonken har aktearwurk posearre Olson ek in protte foar neakenblêden. Sa stie se yn maart 2008 as Pet fan 'e Moanne yn 'e Penthouse, en pronke se op 'e omslach fan Hustler (maart 2008), de Penthouse (maaie 2011) en de Playboy (augustus 2011). Fierders wurke se mei oan neakenfotoreportaazjes foar de blêden Club en Barely Legal. Yn 2010 waard se troch it blêd Maxim útroppen ta ien 'e tolve bêste froulike pornostjerren.
Mainstream-karriêre Olson die yn 2012 mei oan in ôflevering fan it realitytillefyzjeprogramma Keeping Up with the Kardashians, wêryn't se oannommen waard as bernefamke, mar deselde deis alwer ûntslein waard om't se neffens de matriarch fan 'e famylje, Kris Jenner, net fatsoenlik klaaid wie en om't har hâlden en dragen net nei winsk wêze soene. Neitiid wurke Olson mei oan ferskate oare tillefyzjeprogramma's, wêrûnder Opie and Anthony, de Howard Stern Show, Insomniac with Dave Attell, The Glass House en Tosh.0 fan Daniel Tosh.
Ek wie Olson te sjen yn 'e film Purgatory Comics en de fideoklip foar it nûmer Zoosk Girl, fan rapper Flo Rida, wêryn't se dûnset en op in lolly sobbet. Yn 2013 waard se cast yn in rol yn 'e horrorfilm The Human Centipede 3, en yn 2015 spile se yn 'e koarte film Power/Rangers. Yn jannewaris 2015 lansearre Olson in crowdfunding-kampanje wêrmei't se $38.357 byinoar brocht om 'e kosten fan har eigen websearje Bree DOES Comedy mei te dekken.
Priveelibben Olson is sûnt 2010 in feganiste. Nei eigen sizzen is se biseksueel. Se sei oer harsels: "Ik bin sa geil as in keardel, mar mei it lichem fan in frommes." Tegearre mei model Natalie Kenly wie Olson yn 2011 ferwikkele yn in opsjochjaande relaasje mei film- en tillefyzjestjer en it enfant terrible fan Hollywood Charlie Sheen, dy't harren syn 'goadinnen' neamde. Oer Sheen sei Olson yn in fraachpetear: "Hy is yntelligint, hy is garismatysk, hy is supergrappich. En hy is goed op bêd. Ik bedoel, hy hat in protte ûnderfining."
Op 17 juny 2015 sette Olson in iepen brief op har Twitteraccount, wêryn't se froulju advisearre om net as pornoaktrise te wurkjen: "Ik haw Jezus net fûn, ik haw gjin hekel oan porno. Ik haw ek gjin minne ûnderfinings hân. Mar leau my as ik tsjin jim sis dat jim it net dwaan moatte. Ast porno dochst, wurdst automatysk ûnderdiel fan in ôfskoattele diel fan 'e maatskippij dat it slachtoffer is fan diskriminaasje sûnder dat aktivisten har ynsette foar dyn minskerjochten. Der is neat mis mei porno – mar wol mei hoe't de lju dy de rest fan dyn libben behannelje sille."
Lichemsskaaimerken Bree Olson is blank en hat blûn hier en brune eagen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 47 kg. Se hat in natuerlike kupmaat 32D.
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn 2007 NightMoves Awardwûnbêste nije stjer (redakteurskar)n.f.t.2008 Adam Film World Guide Awardwûnstjer fan it jiern.f.t.AVN Awardnominearrebêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Sasha Grey)Boundariesnominearrebêste groepsekssêne (fideo) (mei Amy Ried, Sascha en Marco Banderas)DreamGirlzwûnbêste anale sekssêne (fideo) (mei Brandon Iron)Big Wet Asses 10wûnbêste nije stjern.f.t. FAME Awardwûnbêste froulike nijynkommelingn.f.t. NightMoves Awardwûnbêste artyste (publykspriis)n.f.t. Xbiz Awardwûnnije stjer fan it jiern.f.t.XRCO Awardwûnwiete dream (cream dream)n.f.t.wûnbêste nije stjern.f.t.2009AVN Awardnominearrebêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Kayden Kross)Roller Dollznominearrebêste lesbyske groepsekssêne (mei Penny Flame, Kayden Kross en Aiden Starr)Bree's Slumber Partynominearrebêste triosekssêne (mei Ava Rose en Zenza Raggi)Carolina Jones and the Broken Covenantnominearrebêste groepsekssêne (mei Eva Angelina, Sunny Lane, Ava Rose, Mickey Butders en Eric Swiss)Roller Dollznominearrebêste byrol fan in aktriseCarolina Jones and the Broken Covenantnominearrebêste aktriseRoller Dollzwûnbêste nije ynternetstjern.f.t. NightMoves Awardwûnbêste artyste (publykspriis)n.f.t. XRCO Awardnominearrebêste inkele optreden – aktriseRoller Dollz2010AVN Awardnominearrebêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Sasha Grey)Bree & Sashanominearrebêste lesbyske groepsekssêne (mei Sasha Grey, Gianna Lynn en Teagan Presley)Sun Goddess: Malibunominearrebêste aktriseOne Last Ridewûnbêste lesbyske triosekssêne (mei Tori Black en Poppy Morgan)The 8th Day2011 AVN Awardnominearrecrossover-stjer fan it jiern.f.t. FAME Awardwûnsosjale media-sensaasjen.f.t. NightMoves Awardwûnbêste sosjale-mediastjer (redakteurskar)n.f.t.2012AVN Awardnominearrebêste solosekssêne Not Bionic Woman & The Six Million Dollar Man XXXnominearrebêste anale sekssêne (mei Lexington Steele)Lex the Impaler 6nominearrecrossover-stjer fan it jiern.f.t.nominearrebêste webside fan in pornostjer (foar www.BreeOlson.biz)n.f.t. XRCO Awardwûnmainstream-pornomediafavoriten.f.t.
Keppelings om utens Offisjele webside fan Bree Olson Biografy en filmografy fan Bree Olson yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Bree Olson yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD) Biografyske gegevens fan Bree Olson op FreeOnes
Kategory:Amerikaansk ober of servearster Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Penthouse Pet Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Dielnimmer oan in Amerikaansk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Oekraynsk-Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1986