In Nije Stjer is in fabel dy't basearre is op it bibelske krystferhaal. It berneboek is skreaun troch de Finsk-Dútske skriuwster Marjaleena Lembcke en fan tekeningen foarsjoen troch Susanne Strasser. De Fryske oersetting is fan Nynke Duijff-Veenstra út Damwâld.

Ferhaal De fabel folget de reis fan trije keazen bisten nei de stâl yn Betlehem. Hy waard skreaun foar bern fan 6 oant 80 jier. De filosofyske beskôgings fan de bisten binne tige tagonklik foar alle minsken dy't grut wurde of waarden mei de Bibelske ferhalen.

Kategory:Fabel Kategory:Berneboek Kategory:Krystliteratuer Kategory:Dútsktalige novelle Kategory:Novelle út 2008 Kategory:Fryske oersetting