FHM (in ôfkoarting fan For Him Magazine) is in ynternasjonaal tydskrift foar manlju fan tusken de 18 en 30 jier âld. It stiet benammen bekend om syn fraachpetearen mei en sensuële (mar net neaken) fotoreportaazjes fan bekende froulju, lykas aktrises, sjongsters en modellen. Ek trêdet it blêd op 'e foargrûn troch sûnt 1995 op jierlikse basis in list fan 'e hûndert meast seksy froulju fan 'e wrâld gear te stallen. FHM is in moanneblêd, wêrfan't de oarspronklike edysje de Britske is, mar dat no yn 18 ferskillende nasjonale edysjes ferskynt, wêrûnder in Nederlânskenien. Yn 2013 hie de Britske edysje in oplaach fan goed 106.000 eksimplaren.
Skiednis FHM begûn yn 1985 yn Grut-Brittanje ûnder de namme For Him as in fearnsjierblêd. It waard yn 1994 omneamd ta FHM, doe't de publikaasje oernommen waard troch de útjouwerij Emap Consumer Media. Lykwols stiet de namme For Him Magazine noch altyd op 'e rêch fan eltse edysje. Neitiid kaam it de Britske merk foar manljusblêden te dominearjen, en troch dat súkses begûn it ek oan in ynternasjonale opmars. Hjoed de dei ferskynt it yn achttjin ûnderskate nasjonale edysjes (mar net yn in Amerikaansken-ien). Yn febrewaris 2008 ferkocht Emap it blêd oan 'e Dútske útjouwerij Bauer Media Group. De Nederlânske edysje wurdt op 'e merk brocht troch de Free Media Group.
Lannen mei in eigen FHM-edysje de Filipinen Frankryk Grut-Brittanje Nederlân Yndia (yn it Ingelsk) Yndoneezje Letlân Maleizje (yn it Ingelsk) Noarwegen Roemeenje Ruslân Sina Singapoer (yn it Ingelsk) Sloveenje Súd-Afrika (yn it Ingelsk) Tailân Taiwan (yn it Sineesk) Turkije
1e plak yn 'e FHM Top 100 Meast Seksy Froulju fan 'e Wrâld 1995: Claudia Schiffer 1996: Gillian Anderson 1997: Teri Hatcher 1998: Jenny McCarthy 1999: Sarah Michelle Gellar 2000: Jennifer Lopez 2001: Jennifer Lopez 2002: Anna Kournikova 2003: Halle Berry 2004: Britney Spears 2005: Kelly Brook 2006: Keira Knightley 2007: Jessica Alba 2008: Megan Fox 2009: Cheryl Cole 2010: Cheryl Cole 2011: Rosie Huntingdon-Whiteley 2012: Tulisa Contostavlos 2013: Mila Kunis 2014: Jennifer Lawrence 2015: Michelle Keegan 2016: Margot Robbie 2017: Gal Gadot
Keppelings om utens Offisjele webside fan FHM
Kategory:Filipynsktalich tydskrift Kategory:Frânsktalich tydskrift Kategory:Yndonezysktalich tydskrift Kategory:Ingelsktalich tydskrift Kategory:Letsktalich tydskrift Kategory:Nederlânsktalich tydskrift Kategory:Noarsktalich tydskrift Kategory:Roemeensktalich tydskrift Kategory:Russysktalich tydskrift Kategory:Sineesktalich tydskrift Kategory:Sloveensktalich tydskrift Kategory:Taisktalich tydskrift Kategory:Turksktalich tydskrift Kategory:Britsk manljusblêd Kategory:Filipynsk manljusblêd Kategory:Frânsk manljusblêd Kategory:Yndiaask manljusblêd Kategory:Yndonezysk manljusblêd Kategory:Ingelsk tydskrift Kategory:Letsk manljusblêd Kategory:Maleizysk manljusblêd Kategory:Nederlânsk manljusblêd Kategory:Noarsk manljusblêd Kategory:Roemeensk manljusblêd Kategory:Russysk manljusblêd Kategory:Sineesk manljusblêd Kategory:Singapoereesk manljusblêd Kategory:Sloveensk manljusblêd Kategory:Súdafrikaansk manljusblêd Kategory:Taisk manljusblêd Kategory:Taiwaneesk manljusblêd Kategory:Turksk manljusblêd Kategory:Krante of tydskrift oprjochte yn 1985