De Slach oan de Little Bighorn wie in fjildslach dy't op 25 en 26 juny 1876 útfochten waard oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn yn wat no it suden fan 'e Amerikaanske steat Montana is. Dit treffen hearde ta de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, wêrby't de Feriene Steaten definityf in ein makken oan 'e selsstannichheid fan 'e Yndiaanske folken yn it noardlike part fan 'e Grutte Flakten. Yn dat ramt wie de Slach oan 'e Little Bighorn lykwols in slimme tebeksetter, mei't dat treffen útrûn op in klinkende oerwinning foar de Yndianen.

Yn dizze fjildslach foel it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint ûnder lieding fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in Yndiaansk doarp oan dêr't tafalligerwize in grut part fan 'e oarlochssterkte fan 'e Sû (Sioux), Sjajinnen (Cheyenne) en Arapaho gearkommen wie. Ynspirearre troch de fizioenen fan 'e medisynman Sittende Bolle, en oanfierd troch de opperhaden Mâl Hynder en Gal, sloegen de Yndianen de oanfal fan 'e troepen fan majoar Marcus Reno op 'e suderein fan harren doarp ôf, wêrnei't se oan 'e noarderein de oanfal fan Custer sels brieken noch foar't dy goed en wol begûn wie. De fiif kompanjyen kavalery fan Custer waarden doe op in heuveltop besingele en oan 'e lêste man ta útrûge. De troepen fan Reno waarden ek besingele, mar koene nei twa dagen ûntset wurde troch Amerikaanske fersterkings. Yn totaal kamen der 268 Amerikanen om, wat de Slach oan de Little Bighorn ta ien fan 'e swierste nederlagen makke dy't de Amerikanen ea tsjin 'e Yndianen litten.

Foarskiednis Spannings tusken lânseigen Yndiaanske folken en de almar opkringende stream fan blanke kolonisten soargen yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw kear op kear foar oarloch op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Yn 'e Dakota's, Wyoming en Montana waard dêrby troch de Feriene Steaten fral fochten mei de Lakota, it westlike diel fan 'e Grutte Sû Naasje, en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho. Nei de Oarloch fan Reade Wolk (1866-1868) folge der in perioade fan relative frede, mar doe't der yn 1874 by de Ekspedysje nei de Black Hills goud fûn waard, wie in nije oarloch ûntsjinkearber.

De Black Hills foarmen ûnderdiel fan it Grutte Sû Reservaat dat de Lakota en harren neie sibben, de Westlike Dakota, yn 1868 by it twadde Ferdrach fan Fort Laramie tawiisd wie. Boppedat wiene dy heuvels foar de Lakota hillich, en soene se der nea frijwillich ôfstân fan dwaan. De ûntdekking fan goud dêre brocht in tastream fan goudsikers op gong ûnder de saneamde Goudkoarts fan de Black Hills, en doe't it Amerikaanske regear besleat om, yn striid mei it Ferdrach fan Fort Laramie, sokken net tsjin te hâlden as se Yndiaansk lân binnenkringe woene, besleaten de Lakota om eigenhandich harren rjochten te beskermjen. Lulkens ûnder de Amerikaanske befolking oer de dea fan guon goudsikers en de frij algemien oanhongen miening dat it Amerikaanske regear de Black Hills oan 'e Lakota ûntnaderje moast, laten úteinlik ta it útbrekken fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876.

Hoewol't in grut diel fan 'e Yndianen deryn tastimde om yn 'e almar krimpende reservaten te bliuwen en har ôfsidich te hâlden, joegen in protte har by de foaroansteande Lakota-medisynman Sittende Bolle, dy't him bûten it Grutte Sû Reservaat yn it iepen lân fan 'e Powderrivier ophold, yn súdlik Montana. Under in sinnedûnsseremoanje dy't omtrint 5 juny 1876 holden waard, krige Sittende Bolle in fizioen wêryn't er "soldaten yn syn kamp fallen seach, sa't sprinkhoannen út 'e loft rûgelje."

Tsjin dy tiid wiene de Amerikanen al úteinset mei harren simmerkampanje, wêrby't se de Yndianen fan trije ferskillende kanten oanfallen en ynslute woene. Ut it noarden kaam de Montana-kolonne, ûnder befel fan kolonel John Gibbon, dy't op 30 maart ôfset wie út Fort Ellis mei 6 kompanjyen fan it 7e Ynfanteryrezjimint en 4 kompanjyen fan it 2e Kavaleryrezjimint. Ut it suden teach op 29 maaie brigadegeneraal George Crook op, mei de Wyoming-kolonne út Fort Fetterman, besteande út 10 kompanjyen fan it 3e Kavaleryrezjimint, 5 fan it 2e Kavaleryrezjimint, 2 fan it 4e Ynfanteryrezjimint en 3 fan it 9e Ynfanteryrezjimint. En út it easten wei kaam brigadegeneraal Alfred Terry mei de Dakota-kolonne út Fort Abraham Lincoln, dy't op 17 maaie ôfset wie en bestie út 2 kompanjyen fan it 17e Ynfanteryrezjimint, it Gatling-mitrailleurdetasjemint fan it 20e Ynfanteryrezjimint en de 12 kompanjyen fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dat ûnder befel stie fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer.

Custer hie foar it Noarden yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch fochten en dêrby de reputaasje wûn in dryst befelfierder te wêzen. Hy hie yn 'e oarloch de rang fan generaal-majoar berikt, mar wie neitiid fanwegen in oerskot oan ofsieren yn rang weromset nei luitenant-kolonel. Yn 1868 hied er yn it Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma) ûnder de Súdlike Sjajinnen it Bloedbad fan de Washita oanrjochte. Krekt foar't de simmerkampanje fan 1876 fan start gean soe, rekke er behelle yn it saneamde Hannelspostskandaal, en moast er oangeande dat korrupsjeskandaal foar it Amerikaanske Kongres tsjûgje. Dêrby makke er frijwat fijannen en it wie inkeld troch de net-ôflittende stipe fan syn superieuren, de generaals Sherman, Sheridan en Terry, dat er uberhaupt oan 'e fjildtocht dielnimme mocht. Dêrby waard er lykwols ûnder direkt tafersjoch pleatst fan generaal Terry. Yn Fort Snelling sei Custer tsjin kaptein William Ludlow, it haad fan Terry syn ôfdieling sjeny, dat er by de earste gelegenheid by Terry wei "útnaaie" (cut loose) soe. Dy útspraak wiist derop dat Custer syn ambysje om op eigen manneboet in wichtige oerwinning te boeken, ferantwurdlik wie foar de ramp dêr't de fjildtocht foar de Amerikanen op útrinne soe.

De kolonne fan Terry en Custer waard beselskippe troch in bagaazjetrein besteande út 'e fuorlju fan 150 weinen en de lieders fan gâns rigen pakezels. Op 29 maaie joegen boppedat oan 'e mûning fan 'e Powderrivier trije kompanjyen fan it 6e Ynfanteryrezjimint har by de kolonne, dy't út Fort Buford, oan 'e rivier de Missoury, nei de Yellowstone marsjearre wiene om dêr in foarriedepot oan te lizzen. Letter arrivearre ek it steamskip de Far West, dat 200 ton foarrieden út Fort Abraham Lincoln brocht en foar anker gie op it plak dêr't de Bighorn en de Little Bighorn gearfloeiden.

De koördinaasje fan 'e trijefâldige oanfal gie op 17 juny nei de barrebysjes, doe't de súdlike kolonne ûnder generaal Crook yn 'e Slach oan de Rosebud ta stilstân brocht waard. Hoewol't Crook sels úthold in oerwinning behelle te hawwen, in bewearing dy't in beskaat gehalte fan wierheid befette om't er oan 'e ein fan 'e slach stânholden hie op it slachfjild, binne histoarisy it deroer iens dat de Yndianen eins syn opmars tsjinkeard hiene. Neitiid behold Crook syn posysje wylst er op fersterkings wachte, wat him yn 'e praktyk lange tiid út 'e oarloch hold.

Har ûnbewust fan Crook syn wederwarichheden teagen Gibbon en Terry fierder op, wêrby't se begjin juny kontakt mei-inoar makken by de mûning fan 'e rivier de Rosebud. Op 22 juny waard Custer der mei it 7e Kavaleryrezjimint allinnich op útstjoerd om 'e dellings fan 'e Rosebud en de Bighorn te ferkennen, op 'e siik nei de Yndianen. It wie dúdlik net de bedoeling dat er op eigen manneboet de slach oangean soe; it plan fan it Amerikaanske leger wie dat alle eleminten fan 'e simmerkampanje, dus dy fan Custer, Crook en de no feriene troepen fan Gibbon en Terry, op 26 of 27 juny gearkomme soene op it plak dêr't de Yndianen konsintrearre wiene, om foargoed mei harren ôf te weven. Custer syn taak wie om te ferkennen en op te driuwen, al mocht er dy oarders "ferlitte" as dêr "genôch reden" ta wie. Foar't er ôfsette bea generaal Terry oan Custer fersterkings oan yn 'e foarm fan fjouwer ekstra kompanjyen fan it 2e Kavaleryrezjimint, mar dat oanbod stegere er ôf. Ek it oanbod fan it gebrûk fan 'e Gatling-mitrailleursienheid woed er neat fan witte, want dy bombidige dingen soene him mar ophâlde. Ta einbeslút oardere er al syn manskippen, ofsieren ynbegrepen, om har sabels efter te litten. Elts fan dy besluten soe him postúm op slimme krityk komme te stean.

Wylst de kolonne fan Gibbon en Terry opmarsjearre nei de mûning fan 'e Little Bighorn, arrivearre it 7e Kavaleryrezjimint let op 'e jûn fan 24 juny (of ier op 'e moarn fan 25 juny) op in plak dat 23 km eastlik fan 'e rivier de Little Bighorn lei. By moarnsdage op 25 juny beselskippe Custer syn seis Krieske ferkenners nei in hichte dy't fan Crow's Nest ("Kraaienêst") neamd waard, en dy't in frij útsicht bea oer de Delling fan 'e Little Bighorn. De ferkenners waarden oanwizings foar de oanwêzigens fan in grutte keppel hynders yn 'e delling gewaar, en seagen de reek fan in grut tal kampfjurren, hoewol't it kamp sels net sichtber wie. Op grûn dêrfan en fan spoaren fan grutte groepen Yndianen dy't se yn 'e direkte omkriten fûn hiene, warskôge Heal Giel Gesicht, de lieder fan it seistal, Custer dat it om in útsûnderlik grut kamp gie.

De generaal, dy't sels mei it bleate each gjin inkeld teken fan bewenning ûntdekke koe, besleat likegoed om oan te fallen, mei't er bang wie dat de Lakota en Sjajinnen alle kanten útspatte soene as er se net fluch ta in fjildslach twong. Hy wie earst fan doel om syn troepen in dei útrêste te litten en moarnsier op 26 juny oan te fallen, mar doe krige er berjocht dat de spoaren fan syn rezjimint ûntdutsen wiene troch guon Yndianen. (Dat wiene eins lju dy't it Yndiaanske doarp ferlieten en gjin warskôging trochjoegen, mar dat wist Custer net.) Sadwaande naam er it beslút om daliks oan te fallen. Dêrop spriek Heal Giel Gesicht fia tolk Mitch Bouyer dizze histoaryske en gauris oanhelle wurden tsjin Custer: "Jo en ik geane hjoed nei hûs oer in paad dat wy net kenne."

De partijen De Amerikanen It Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint bestie yn juny 1876 út 45 ofsieren en 718 soldaten. Dêrfan wiene lykwols 14 ofsieren en 152 soldaten fan it rezjimint losmakke om foar oare taken detasjearre te wurden, sadat de eigentlike sterkte 31 ofsieren en 566 soldaten bedroech, yn totaal 597 man. (Dit persintaazje fan 22% detasjearre troepen wie doedestiden yn it Amerikaanske Leger net ûngewoan.) De opbou fan it regmint (mei alle ofsieren) wie sa:

befelhawwer: luitenant-kolonel George Armstrong Custer † stêf: ûnderbefelhawwer: majoar Marcus Reno adjudant: earste luitenant William W. Cooke † legerdokter: assistint-sjirurgyn George Edwin Lord † ûnderlegerdokter: plakferfangend assistint-sjirurgyn James Madison DeWolf † ûnderlegerdokter: plakferfangend assistint-sjirurgyn Henry R. Porter haad ferkenners: twadde luitenant Charles Varnum (detasjearre f. A Kompanjy) plakferfangend haad ferkenners: twadde luitenant Luther Hare (det. f. K Kompanjy) haad bagaazjetrein: earste luitenant Edward Gustave Mathey (det. f. M Kompanjy) A Kompanjy befelhawwer: kaptein Myles Moylan ûnderbefelhawwer: earste luitenant Charles DeRudio B Kompanjy befelhawwer: kaptein Thomas McDougall ûnderbefelhawwer: twadde luitenant Benjamin Hodgson † C Kompanjy befelhawwer: kaptein Thomas Custer † (jongere broer fan Custer) ûnderbefelhawwer: twadde luitenant Henry M. Harrington † D Kompanjy befelhawwer: kaptein Thomas Weir ûnderbefelhawwer: twadde luitenant Winfield S. Edgerly E Kompanjy befelhawwer: earste luitenant Algernon Smith † ûnderbefelhawwer: twadde luitenant James G. Sturgis † F Kompanjy befelhawwer: kaptein George Yates † ûnderbefelhawwer: twadde luitenant William Reily † G Kompanjy befelhawwer: earste luitenant Donald McIntosh † ûnderbefelhawwer: twadde luitenant George D. Wallace H Kompanjy befelhawwer: kaptein Frederick Benteen ûnderbefelhawwer: earste luitenant Francis Gibson I Kompanjy befelhawwer: kaptein Myles Keogh † ûnderbefelhawwer: earste luitenant James Porter † K Kompanjy befelhawwer: earste luitenant Edward S. Godfrey ûnderbefelhawwer: twadde luitenant Luther Hare (detasjearre nei de ferkenners) L Kompanjy