In anneksaasje, fan it Latynske ad ("by") en nexus ("foegjen" of "foeging"), of in ynliving, is oerheveljen fan grûngebiet fan 'e iene polityk-steatkundige entiteit nei de oare. Yn it ynternasjonaal rjocht ferwiist it nei it ûnder twang ôfstean fan grûngebiet troch it iene lân, sadat dat tafoege wurde kin oan in oar lân. By sokke anneksaasjes giet it yn 'e regel om in diel fan it grûngebiet fan in lân dat oan in oar lân taheakke wurdt, mar it kin ek om in hiel lân gean dat syn soevereiniteit ferliest en opgiet yn in oar lân. Dêrby is it anneksearre lân of lânsdiel lytser of tinner befolke of alteast minder machtich as it lân dat de anneksaasje útfiert.
Ornaris giet soks oan 'e kant fan it anneksearjende lân mank mei twingerij, ekspansjonisme en/of unilateralisme. Sadwaande is 'anneksaasje' in beladen term, en wurdt it mar komselden brûkt as it giet om it gearfoegjen fan twa gebieten wêrfan't de ynwenners yn mearderheid foarstanner fan dat gearfoegjen binne; foar sokke gefallen hawwe har eufemismen ûntjûn, lykas politike feriening of weriening. Anneksaasjes liede net selden ta slepende konflikten tusken de anneksearjende macht en de befolking fan it anneksearre gebiet.
Under de Twadde Wrâldoarloch waarden yn Jeropa en Aazje grutte gebieten anneksearre, wêrby't hiele befolkingen de rjochten ûntsein waarden dy't se ûnder it ynternasjonaal rjocht by in militêre besetting hân hiene. Neitiid waard sadwaande yn 1949 yn 'e Fjirde Sjenêfske Konvinsje fêstlein dat sokke regels in absolút karakter hawwe, sadat it ynternasjonaal rjocht nea wer omsyld en bûten wurking steld wurde kin troch gebieten te anneksearjen. Los dêrfan wurde anneksaasjes sûnt de Twadde Wrâldoarloch troch de ynternasjonale mienskip yn prinsipe net mear akseptearre, hoewol't guon lannen, as se machtigernôch binne of as se machtigernôge freonen hawwe, der soms dochs noch mei fuortkomme.
Guon foarbylden fan anneksaasjes binne: 1845: de Amerikaansk anneksaasje fan Teksas 1866: de Italjaanske anneksaasje fan Feneesje 1871: de Dútske anneksaasje fan Elzas-Loataringen 1885: de Bulgaarske anneksaasje fan East-Roemeelje 1898: de Amerikaanske anneksaasje fan Hawaï 1908: de Eastenryksk-Hongaarske anneksaasje fan Bosnje en Hertsegovina 1912: de Italjaanske anneksaasje fan de Dodekanesos 1913: de Roemeenske anneksaasje fan de Súd-Dobroedsja 1938: de Anschluß (de Dútske anneksaasje fan Eastenryk) 1938: de Dútske anneksaasje fan it Sudetenlân 1939: de Dútske anneksaasje fan Bohemen en Moraavje 1939: de Dútske anneksaasje fan it Memellân 1940: de anneksaasje fan de Baltyske lannen troch de Sovjet-Uny 1951: de Sineeske anneksaasje fan Tibet 1954: de Yndiaaske anneksaasje fan Goä 1954: de Etiopyske anneksaasje fan Ogaden 1967: de Israelyske anneksaasje fan East-Jeruzalim 1969: de Yndonezyske anneksaasje fan Nederlânsk Nij-Guineä 1975: de Yndiaaske anneksaasje fan Sikkim 1975: de Yndonezyske anneksaasje fan East-Timor 1975: de Marokkaanske anneksaasje fan de Westlike Sahara 1981: de Israelyske anneksaasje fan de Golanhichte 1991: de Irakeeske anneksaasje fan Koeweit 2014: de Russyske anneksaasje fan de Krim
Kategory:Ynternasjonaal rjocht Kategory:Soevereiniteit Kategory:Lienwurd út it Latyn