thumb|200px|Edward James Muggeridge Eadweard Muybridge, berne as Edward James Muggeridge (Kingston upon Thames, 9 april 1830 – dêre, 8 maaie 1904) wie in Britsk fotograaf en filmpionier dy't ek yn Amearika wurke. Hy naam de namme Eadweard Muybridge oan, meidat er tocht dat it de oarspronlike Angelsaksyske foarm fan syn namme wie."If anything, the surname Muggeridge actually derives from a place in Devon, Mogridge, in turn taking its name from one Mogga who held a ridge there. Edward, on the other hand, was indeed spelled Eadweard in Old English." Adrian Room, Naming Names: Stories of Pseudonyms and Name Changes, with a Who's Who, Routledge & Kegan Paul, 1981, s. 125. Hy wie ynearsten boekhanneler.

Yn Amearika Muybridge krige fan âld-gûverneur fan Kalifornje Leland Stanford, de opdracht om mei help fan fotografy te efterheljen oft in fjouwerjend hynder alhiel fan de grûn loskomt. Mei in komplekse proefopstelling mei tolve fototastellen en in hynder mei de namme Sallie Gardner stelde er fêst dat dat yndie it gefal wie.

Muybridge wurke ek oan in projekt mei de titel "Animal Locomotion" wêryn't er de bewegingen fan in rige bisten mei foto's analysearje koe. Yn it projekt "The Human Figure in Motion" die er itselde mei minsken middels deselde technyk.

Muybridge wie de earste dy't foto's makke mei in beljochtingstiid fan mar in fraksje fan in sekonde. Oant doe ta wie de beljochtingstiid net koarter as in pear sekonden. Sa koe er ûnbeweechbere foto's fan it hynder meitsje. Hy wie ek de earste dy't in meganyske fluchwurkjende sluter brûkte.

Under syn ûndersyk foar de gûverneur fan Kalifornje fermoarde Muybridge de frijer fan syn frou Flora. Hy bekende, mar waard dochs troch in sjuery frijsprutsen op grûn fan justifiable homicide. Hy koe dêrnei syn wurk rillegau fuortsette.

Animaasjes Muybridge sette op in beskate ôfstân 16 kameras op, om de rin fan in Amerikaanske bizon fotografearje te kinnen.

thumb|links|'Frou dy't in trep ôfrint' ut The Human Figure in Motion. thumb|links|De animaasje

It Ryksmuseum Amsterdam hat wurk fan him yn de kolleksjeObjekten yn it Ryksmuseum

Keppeling om utens Eadweard Muybridge yn de IMDb

Kategory:Ingelsk ûndernimmer Kategory:Ingelsk fotograaf Kategory:Ingelsk útfiner Kategory:Ingelsk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1830 Kategory:Persoan stoarn yn 1904