thumb|left|Wettertoer yn Plano Plano is ien fan de noardlike foarstêden fan Dallas, de trêde stêd fan de Amerikaanske steat Teksas. Plano leit foar it grutste part yn Collin County; in lyts stik leit yn Denton County. Plano leit yn de Dallas-Fort Worth Metroplex, de metropoal fan Dallas en Fort Worth.
Demografy Plano is de 78e stêd fan de Feriene Steaten (2000) en de njoggende neffens grutte fan Teksas. Fan de befolking is 4,9 % âlder as 65 jier en bestiet foar 20,2 % út ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens is 1,7 % (sifers folkstelling 2000).
Sa'n 10,1 % fan de befolking fan Plano binne hispanics en latino's, 5 % is fan Afrikaansk komôf en 10,2 % fan Aziatyske oarsprong.
It ynwennertal gie omheech fan 222.030 yn 2000 nei 259.841 yn 2010.
Klimaat Jannewaris hat in trochstrings temperatuer fan 6,3 °C, yn july is dat 29,6 °C. Der falt trochsneed 856,0 mm delslach yn it jier (mjitperioade 1961-1990).
Ekonomy
Tal fan bedriuwen hawwe harren haadkantoar yn Plano: Ericsson, Rent-A-Center, Crossmark, Dell Services, HP Enterprise Services, JCPenney, Frito-Lay, Cinemark Theatres, Dr Pepper Snapple Group, Siemens PLM Software, Gearbox Software en oaren.
Berne yn Plano John Benjamin Hickey (25 juny 1963), akteur Lance Armstrong (18 septimber 1971), hurdfytser Kenton Duty (12 maaie 1995), akteur en sjonnger
Kategory:Plak yn Teksas Kategory:Plak stifte yn 1848