Marko Fondse (Heerlen, 9 juny 1932 - Amsterdam, 24 augustus 1999) is de skriuwersnamme fan Marinus Cornelis van Dijke. Hy wie dichter, slavist en fertaler Russysk. Hy wûn mei syn wurk, lykas de oersetting fan De Master en Margarita fan Michail Boelgakov, yn 1969 de Martinus Nijhoffpriis. Fondse fertaalde teffens oare Russyske klassike wurken fan Gogol, Tolstoj en Dostojevski, mar ek leafdesgedichten fan Heinrich Heine.
Fondse brûkte ek wol de skûlnammen "Marius van Dijke" en "Nelis Klokkenist". Yn 1985 ferskynde syn dichtbondel Herderstas. Fondse syn libbenswurk is de oersetting fan it oeuvre fan de revolúsjonêre Russyske dichter Vladimir Majakovski (1893-1930), dêr't er goed tritich jier oan arbeide. Dy mânske, twatalige publikaasje waard yn 1993 útbrocht yn de rige De Russyske Bibleteek fan útjouwerij van Oorschot.
Yn 1980 rjochte er tegearre mei Peter Verstegen it literêr tydskrift De Tweede Ronde op.
Keppeling om utens Peter Verstegen: Levensbericht Marinus Cornelis van Dijke (Marko Fondse). Yn: Jaarboek van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde, 2009
Kategory:Nederlânsk taalkundige Kategory:Slavist Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Persoan berne yn 1932 Kategory:Persoan stoarn yn 1999