In sjirurch of sirurch (in lienwurd út it Gryksk) is in medysk spesjalist dy't him taleit op sjirurgy. Dat beslacht in breed skala oan medyske behannelings, dy't lykwols gemien hawwe dat derby yn it lichem snien wurdt om in spesifike reden (bgl. it fuortheljen fan siik weefsel of om in skuor of brek te reparearjen. Sjirurgen binne almeast dokters, mar kinne ek toskedokters of bistedokters wêze.

Histoarysk hat de sjirurch him ûntjûn út 'e iere sjirurgyn, in algemien dokter dy't faak tagelyk ek barbier wie. In grut part fan dy ûntjouwing hold ferbân mei oarlochfiering, wêrby't sjirurginen in protte ûnderfining mei sjirurgyske behannelings opdiene yn fjildhospitalen.

Der besteane tsjintwurdich ferskate subspesjalismen ûnder sjirurgen. Dêrby moat men tinke oan: bernesjirurgy boarstsjirurgy feterinêre sjirurgy fuotsjirurgy gynekology harsenssjirurgy hertsjirurgy iersjirurgy neurologyske sjirurgy oftalmology ortopedyske sjirurgy plastyske sjirurgy sjirurgyske onkology termsjirurgy toskesjirurgy transplantaasjesjirurgy traumasjirurgy urology

Kategory:Dokter Kategory:Berop Kategory:Genêskunde Kategory:Lienwurd út it Gryksk