Holthuserheide is in Ortsteil fan de stêd Weener yn it Eastfryske Reiderlân (Nedersaksen).
Skiednis De kolonisaasje fan it plak westlik fan Holthusen begûn oan it ein fan de 18e iuw op in foarhinne noch net oantaaste feangebiet. Foar it earst komt de namme fan Holthuserheide foar op in kaart út 1805. Yn 1823 wennen yn de koloanje 172 minsken ferdield oer 34 hûshâldings en yn 1848, doe't it tal ynwenners groeide nei 352 minsken yn 42 hûshâldings, helle Holthuserheide it memmedoarp Holthusen kwa ynwennertal sels yn. Ien Holthuserheidster hûshâlden telde yn dy tiid dus yn trochsnee 8,3 persoanen.
Kategory:Weener Kategory:Plak yn Lier (distrikt)