Bunde is in plak en gemeente yn 'e Eastfryske lânkring Lier yn Nedersaksen. Bunde leit yn it Reiderlân, ien fan 'e histoaryske goaen fan 'e lânkring Lier. De gemeente leit oan 'e Doalert, in bocht yn 'e Noardsee, en is de iennige gemeente fan 'e lânkring dat oan Nederlân grinzget.
Bunde hat ynwenners ().
Skiednis Bunde bestiet yn syn hjoeddeistige foarm sûnt 2001, doe't de fiif eardere doarpsgemeenten dy't lid wiene fan it doetiidske gemeenteferbân Bunde opgiene yn in nije ienheidsgemeente. Bunde heart by de lytsere gemeenten fan East-Fryslân. Mear as de helte fan 'e ynwenners wennet yn it haadplak fan 'e gemeente. Opfallend is it grutte tal Nederlanners, dat goed 9% fan 'e befolking útmakket.
Ekonomy Ekonomyske is de gemeente benammen ôfhinklik fan 'e lânbou en toerisme. Sûnt 1998 hat de gemeente de status fan "staatlich anerkannter Erholungsort". Produksjebedriuwen foarmje in tige lyts part fan 'e ekonomy. De ynwenners fan 'e gemeente wurkje benammen yn 'e Kreisstadt Lier. De Nederlânske ynwenners reizgje foar harren wurk meastentiids nei Nederlân.
It besjen wurdich De wichtichste monuminten fan 'e gemeente binne de 13e-iuwske grifformearde krústsjerke yn it haadplak en de stins Bunderhee, ien fan 'e âldste Eastfryske boargen. Yn 'e poldergebieten steane útsûnderlik grutte pleatsen.
Yndieling De gemeente Bunde bestiet út fiif doarpsgebieten (saneamde Ortschaften): kaart Ortschaft bysûnderheden 200px Boen Bunde haadplak Bunderhee Dollart Poldergebiet: Bunderhammrich, Ditzumerhammrich, Ditzumerverlaat, Heinitzpolder, Kanalpolder en Landschaftspolder Wymeer in doarp, dêr't ek de plakken Bunderneuland, Heerenland en Kloster Dünebroek ûnder falle
Taal Yn 'e gemeente Bunde wurdt njonken it Heechdútsk ek it Eastfryske Platt praat, dat yn in grut part fan East-Fryslân in tige sterke ynfloed fan it Nederlânsk ûndergien hat. Om't de measte gemeenteleden it Heechdútsk eartiids net machtich wiene, waard tsjin it sin fan 'e oerheid oant fier yn 'e 19e iuw yn 'e tsjerken yn it Nederlânsk preke en waarden der Nederlânske psalmen songen. Ek de tsjerkeboeken waarden yn it Nederlânsk byholden. Pas nei in ferbod yn 1936 ferdwûn it Nederlânsk út de tsjerketsjinsten fan 'e grifformearde gemeenten. Troch migraasje fan Nederlanners yn 'e lêste jierren nimt it gebrûk fan it Nederlânsk wer ta as taal yn 'e hûs.
Religy
De measte minsken yn 'e gemeente binnen oansletten by de Evangelisch-reformierte Kirche, in kalvinistysk tsjerkegenoatskip dat te ferlykjen is mei de herfoarme tsjerke yn Nederlân.
Ferkear Bunde leit oan de A280 dy't oer de Nederlânske grins fierder giet as de A7. Hy krúst op 'e Dreieck Bunde mei de A31.
Polityk Sa as de gemeenten yn it Reiderlân, en East-Fryslân yn it algemien, is yn Bunde mei it stimmen tradisjoneel de SPD de grutste partij.
Gearstalling gemeenteried De gemeenteried fan Bunde bestiet út 204 leden. Gearstalling fan de gemeenteried, nei de ferkiezings fan 12 septimber 2021:
PartijSittenSPD 11CDU 5 Bündnis/Die Grünen 1FDP 1 BMM 1Ellen Bahne 1Totaal 20
Ofbylden
Keppeling om utens Webstee fan de gemeente Bunde
Kategory:Plak yn Lier (distrikt) Kategory:Gemeente yn Lier (distrikt) Kategory:Plak yn East-Fryslân Kategory:Gemeente yn East-Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2001