De blomkoalkwabben (Latynske namme: Rhizostomatidae) foarmje in famylje fan 'e stamme fan 'e netteldieren (Cnidaria), de klasse fan 'e skiifkwabben (Scyphozoa), de ûnderklasse fan 'e echte skiifkwabben (Discomedusae), it skift fan 'e blomkoalkwabeftigen (Rhizostomae) en it ûnderskift fan 'e fingerkwabben (Daktyliophorae).

Neffens it World Register of Marine Species hearre ta dizze famylje 11 libbene soarten kwabben, ferdield oer fjouwer skaaien. In fyfde skaai, Simplicibrachia is bekend fan fossilen dy't fûn binne te Monte Bolca, yn Itaalje.

Famylje-opbou

famylje blomkoalkwabben (Rhizostomatidae) skaai echte blomkoalkwabben (Rhizostoma): 3 soarten skaai koeragen (Rhopilema): 6 soarten skaai nomurakwabben of Nomura's kwabben (Nemopilema): 1 soarte skaai Eupilema: 1 soarte skaai Simplicibrachia †

Kategory:Skiifkwabbefamylje