De Abdij fan Lorsch yn 'e Dútske stêd Lorsch yn Hessen leit sa'n 10 km beëasten Worms.

thumb|left|Poartegebou fan Lorsch. It Sint-Nazariuskleaster waard yn 764 as in Benediktynsk kleaster stichte troch greve Cancor en syn mem Williswinda. Chrodegang, biskop fan Metz, wie de earste abt fan Lorsch. It kleaster wie oant yn 'e hege midsiuwen as rykskleaster in machts-, geastlik en kultureel sintrum fan 'e krite. Sûnt 1232 foel de abdij ûnder Kar-Mainz en it wie nei 1248 in Premontratinzerske proasdij. Yn 1461 waard de proasdij oan Kar-Palts ferpâne.

Nei de ynfiering fan 'e reformaasje ûnder karfoarst Otto Hindrik yn 1556 waard it kleaster yn 1564 opheft. De krite hie slim te lijen fan 'e Tritichjierrige Kriich. Yn 1621 plonderen Spaanske troepen it eardere kleaster en de measte gebouwen waarden ôfbaarnd. Nei't de aarstbiskop fan Mainz it gebiet wer ynnaam, waard de regio wer roomsk. De eardere adbij bleau in ruïne en de gebouwen tsjinnen as in stiengroeve. Allinne de poarte fan it kleaster bleau yntakt.

Belangrike oantinkens oan 'e abdij binne de Lorscher Codex (Codex Laureshamensis), in útwrydsk eigendomsregister, it Lorscher Evangeliarium (Codex Aureus Laureshamensis) en ek de Lorscher Bienensegen (de Lorscher Bijesegen), de eardere bibleteek en it poartegebou fan it kleaster, ek wol keningshal (Königshalle) neamd, ien fan 'e seldsume, folslein bewarre Karolingyske bouwurken.

It kleaster Lorsch (Abdij en Altenmünster) is sûnt 1991 wrâlderfgoed fan UNESCO. De Lorscher Farmacopee, in manuskript út de ein fan 'e 8e iuw, waard yn 2013 ek ta wrâlddokumintenerfgoed yn Dútslân ferklearre.UNESCO, oproppen 14 novimber 2024.

List fan abten Yn 'e 468 jierren dat it kleaster bestie hie it 47 abten. (Boarne: Germania BenedictinaGermania Benedictina. Bân VII: Die benediktinischen Mönchs- und Nonnenklöster in Hessen. 1. Auflage. St. Ottilien 2004, ISBN 3-8306-7199-7, S. 768–853.)

Namme fan oant Biskop Chrodegang fan Metz 764 765 Abt Gundeland 765 778 Abt Helmerich 778 784 Abt Richbod 784 804 Abt Adalung 804 837 Abt Samuel 837 857 Abt Eigilbert 857 864/865 Abt Thiothroch 864/865 876 Abt Babo 876 881 Abt Walther 881 882 Abt Gerhard 883 893 Abt Adalbero 895 897 Abt Liuther 897 900 Abt Adalbero 900 901 Abt Hatto I. 901 913 Abt Liuther 914 931 Abt Evergis 931 948? Abt Brun (Broer fan Otto I.) 948? 951 Abt Gerbod 951 972 Abt Salmann 972 999 Abt Werner I. 999 1001 Abt Werner II. 1001 1002 Abt Gerold I. 1002 1005Abt Poppo, ek abt fan Fulda 1006 1018 Abt Reginbald 1018 1032 Abt Humbert 1032 1037 Abt Bruning 1037 1043 Abt Hugo I. 1043 1052 Abt Arnold 1052 1055 Abt Udalrich 1056 1075 Abt Adalbert 1075 1077 Abt Winther (Saargaugrafen) 1077 1088 Abt Anselm 1088 1101 Abt Gerold II. 1101 1105 Abt Hugo II. 1105 - Abt Gebhard 1105 1107 Abt Erminold 1107 1111? Abt Benno 1111? 1119 Abt Heidolf 1119 - Abt Hermann 1124 1125 Abt Diemo 1125 1139 Abt Baldemar 1140 1141 Abt Folknand 1141 1148 Abt Hildebert 1148 - Abt Marquard 1148 1149 Abt Heinrich 1151 1167 Abt Sigehard 1167 1199/1200 Abt Leopold fan Schönfeld 1199/1200 1214 Abt Konrad 1214 1229

Keppelings om utens Offisjeel webstee Bibliotheca Laureshamensis - digitaal

Kategory:Bouwurk yn Hessen

Kategory:Organisaasje oprjochte yn 764 Kategory:Organisaasje opheft yn 1556 Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 852 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1232 Abdij fan Lorsch Abdij fan Lorsch