thumb|Brânreade kij op bûtenpleats Leusveld De brânreade (Nederlânsk: brandrode) ko is in seldsum Nederlânsk koweras. It is in meardoeleko.

It ras hat syn namme te tankjen oan de djipreade of reabrune kleur fan de facht. Oare skaaimerken binne de blauwe tonge, noas en eachrânen, it wite plak op de kop en de wite ûnderpoaten, bûk en sturtpunt. De bisten wage tusken de 500 en 600 kilogram. It brânreade hoarnbist is frijwat seldsum. Om 2000 hinne wiene der noch mar tsientallen fan yn Nederlân. Der wurdt besocht troch fokprogramma's it tal te fergrutsjen. Yn 2010 wie it tal omheech gien nei 400, neffens Natuermonuminten. Anno 2015 libje der, neffens de feriening fan de brânreade ko, sa'n tûzen brânreade hoarnbisten yn Nederlân.

Sjoch ek List fan kowerassen

Fierder lêze Vereniging het Brandrode Rund: Rasbeskriuwing Stichting Zeldzame Huisdieren: Brandrood Rund Stichting Kritisch Bosbeheer: Brandrode Natuurmonumenten: Brandrood Rund kruipt uit dal

Kategory:Koweras Kategory:Domestisearre bisteras út Nederlân