Hans de Boer (Dokkumer Nije Silen, 17 jannewaris 1955 - 18 jannewaris 2021) wie in Nederlânske ûndernimmer, bestjoerder en earder foarsitter fan MKB-Nederlân. Op 1 july 2014 is er foarsitter fan VNO-NCW wurden. Hy wie lid fan it CDA.

De Boer waard berne yn Dokkumer Nije Silen mar groeide op yn WytmarsumFrysk Deiblêd 19 jannewarisr 2021, s. 3. De Boer helle it gymnasiumdiploma en studearre dêrnei ekonometry en iepenbiere finânsjen oan de Frije Universiteit yn Amsterdam. Dêrnei gie er oan 't wurk as wittenskiplik meiwurker. Yn de jierren tachtich wie De Boer beliedsadviseur fan it regear fan de Nederlânske Antillen. Hy wie fan 1997 oant 2003 foarsitter fan MKB-Nederland en siet fiif jier yn it deistich bestjoer fan de Sosjaal-Ekonomyske Ried (SER).katern "Economie", NRC Handelsblad, 28 juny 2014, s. E2.

Fan 2006 oant 2007 wie er foarsitter fan de Taskforce Jeugdwurkleazens en dêrnei lid fan it Innovasjeplatform dy't de ambachtsskoallen werom bringe woe yn it ûnderwiis. Ek hat er fan 2010 oant 2012 foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan it Koninklijk Nederlands Geleidehonden Fonds (KNGF) west.

De Boer wie in 2008 kandidaat foar de funksje fan boargemaster fan de gemeente Rotterdam. Neffens eigen sizzen waard er troch minister-presidint Balkenende oanrekommandearre.Hans de Boer wil burgemeester Rotterdam worden, de Volkskrant, 27 augustus 2008

Op 1 july 2014 folge er Bernard Wientjes op as foarsitter fan VNO-NCW. Hy hold dy funksje oant septimber 2020. By syn ôfskied krige er de keninklike ûnderskieding Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

De Boer wie troud en hie twa bern. Op 14 jannewaris 2021 krige er in harsenblieding, dêr't er yn de nacht fan 17 op 18 jannewaris 2021 oan stoar.Hans de Boer: hart op de tong, sympathie voor de ondernemer. 2021-01-18, de Volkskrant

Keppeling om utens CV Hans de Boer by VNO-NCW

Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn Dokkumer Nije Silen Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1955 Kategory:Persoan stoarn yn 2021