De Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch wie in Midsiuwsk militêr konflikt tusken it Keninkryk Skotlân en it Keninkryk Ingelân, dat diel útmakke fan 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen. It begûn yn 1296, doe't kening Edwert I fan Ingelân it buorlân Skotlân binnenfoel en himsels dêr master fan makke, en einige yn 1328 mei de Frede fan Edinburch-Northampton, wêrby't de Skotske ûnôfhinklikheid formeel troch Ingelân erkend waard. Dy selsstannigens wie doe lykwols feitlik al feilichsteld troch de grutte Skotske oerwinning yn 'e Slach by Bannockburn, yn 1314. Ut 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch komme ferskaten fan 'e grutte nasjonale helden fan Skotlân, wêrûnder de frijheidsstrider William Wallace, dy't yn 1305 troch de Ingelsen terjochtsteld waard, en kening Robert I fan Skotlân, better bekend as Robert de Bruce, dy't úteinlik de oerwinning behelle.

Foarskiednis Tsjin 'e ein fan 'e trettjinde iuw waard Skotlân regearre troch kening Aleksander III, dy't it lân in perioade fan frede en ekonomyske stabiliteit brocht. Yn 1286 kaam Aleksander lykwols om by in fal fan syn hynder, en doe't fjouwer jier letter ek syn iennichste erfgenamte, syn pakesizzer Margareta, byneamd de 'Faam fan Noarwegen', kaam te ferstjerren, ûntstie der in krisis yn Skotlân wêrby't de troan foarearst leech bleau.

Dat machtsfakuum bea in iepening foar kening Edwert I fan Ingelân om syn ynfloed yn Skotlân út te wreidzjen, temear om't him troch de Skotten frege waard om as skiedsrjochter te fungearjen tusken de ûnderskate troanpretendinten, in barren dat bekend kaam te stean as de 'Grutte Kwestje' (Great Cause). Op Edwert syn oanstean waard yn 1292 Jan fan Balliol, byneamd Jan Leechmantel, te Berwick-upon-Tweed ta kening kroane, wylst er by dy gelegenheid sels fan 'e Skotten erkenning ôftwong as "alderheechste hear" (Lord Paramount) fan Skotlân, wat derop delkaam dat hy, as kening fan Ingelân, tenei de lienhear fan 'e kening fan Skotlân wie. Dêrmei ûndermine er daliks elts gesach dat de nije kening hawwe kinnen hie en makke er Jan ta in soarte fan Ingelsk fazal.

Twa jier letter, yn 1294, easke Edwert fan 'e Skotske kening en eallju dat se yn it Ingelske leger tsjinje soene, dat op it Jeropeeske fêstelân tsjin 'e Frânsen focht. Dat gie sels Jan te fier, en ynstee fan oan Edwert syn easken te foldwaan, sleaten de Skotten doe in bûnsgenoatskip mei Frankryk, de saneamde Auld Alliance ("Alde Alliânsje").

De oarloch De Ingelske ynfaazje fan 1596 Yn maart 1296 briek de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch út doe't de Skotten in preëmptive oanfal op Carlisle, yn noarwestlik Ingelân, útfierden, dy't lykwols ôfslein waard troch it garnizoen ûnder befel fan Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, in Skotsk ealman dy't it fanwegen syn rivaliteit mei Jan fan Balliol mei de Ingelsen hold. Yn reäksje dêrop, mar fral op 'e ûnwil fan 'e Skotten om har oan him te ûnderwerpen, die Edwert I koart dêrnei in ynfal yn Skotlân, wêrby't er Berwick-upon-Tweed ferovere en it Skotske leger fersloech yn 'e Slach by Dunbar. Dêrop sette er Jan fan Balliol ôf, dy't er neitiid finzen hold yn 'e Toer fan Londen. Yn Skotlân stelde er Ingelske amtners oan om it lân te bestjoeren. Yn augustus 1296 waarden mear as 1.500 Skotske eallju twongen om te Berwick in eed fan trou oan 'e Ingelske kening te swarren.

De opstân fan William Wallace Yn maaie 1297 briek der yn súdlik Skotlân lykwols in opstân tsjin 'e Ingelske oerhearsking út, doe't de Ingelske hege sheriff fan Lanark, Willem fan Heselrig, deade waard troch William Wallace, in boer of mooglik leech ealman út dy krite. Neitiid joech Wallace him mei syn oanhingers by Willem de Stoute, hear fan Douglas, mei wa't er de Oanfal op Scone útfierde. Dêrnei joegen ferskate oare Skotske eallju, wêrûnder Jakobus Stewart, 5e grutsteedhâlder fan Skotlân, Robert Wishart, de biskop fan Glasgow, en Robert fan Bruce, 7e hear fan Annandale, har by Wallace-en-dy. Yn dyselde snuorje wiene der mear lytsskalige rebûljes yn Skotlân geande, wêrûnder dy fan Andréas fan Moray, yn it noarden.

De Skotske saak krige lykwols in klap te ferwurkjen doe't Stewart, Wishart en Bruce op 7 july in ferdrach mei de Ingelsen sleaten dat bekend kaam te stean as de Kapitulaasje fan Irvine. Wallace en Moray wiene dêr lykwols net by belutsen, en setten har opstannen fuort, en ek Bruce wie al rillegau dêrnei wer yn gefjochtshannelings tsjin 'e Ingelsen behelle. Wallace sette mei syn folgelingen in basis op yn it Wâld fan Ettrick, yn Selkirkshire, dêr't se in útfal wei diene op it biskoplik paleis fan Wishart, te Ancrum. Mooglik ûnder it belis fan Dundee, begjin septimber, metten Wallace en Moray inoar foar it earst en foegen se harren legerkes gear.

Op 11 septimber 1297 giene Wallace en Moray mei harren oanhingers de Slach by Stirling oan mei in Ingelsk leger ûnder lieding fan Jan fan Warenne, greve fan Surrey. Hoewol't de Skotten fier yn 'e minderheid wiene tsjin 'e Ingelsen, dy't in legermacht fan 3.000 man hynstefolk en 8.000 oant 10.000 man fuotfolk yn it fjild brochten, hiene se it slachfjild goed útsocht. Hja foelen de Ingelsen nammentlik oan by de brêge oer de rivier de Forth, nei't se wachte hiene oant de helte fan it Ingelske leger al oer de brêge hinne wie, wylst de oare helte him noch oan 'e oare kant fan 'e rivier befûn. Doe hoegden se mar de helte fan it Ingelske leger te ferslaan. Se twongen de Ingelske ynfantery tebek de brêge op, dêr't doe ûnderwilens de Ingelske kavalery út alle macht besocht om by de Skotten te kommen. Op in stuit beswiek dêrtroch de brêge ûnder it alderferskuorrendste gewicht dat derop kaam te rêsten, mei as gefolch dat in protte fan 'e Ingelsen yn har swiere metalene wapenrissen kamen te ferdrinken.

Yn 'e Slach by Stirling makken de Skotten strategysk gebrûk fan 'e gesteldheid fan it terrein fan it slachfjild om 'e oerwinning te beheljen. Doedestiden waard soks troch de adel beskôge as in gemiene streek (letterlike betsjutting: in streek fan lju dy't net fan adel wiene), mei't men yn 'e Jeropeeske ridderkultuer fan 'e Midsiuwen achte waard om oarloch útslutend te bedriuwen mei mankrêft en eare. Sadwaande rekken de relaasjes tusken Skotlân en Ingelân as gefolch fan dizze Skotske oerwinning noch sterker ferbittere as dat se al wiene.

Nei Stirling waarden Wallace en Moray ta beskermhear fan Skotlân makke. Sokke beskermhearen wiene feitliks reginten, dy't it lân yn 'e oanhâldende ôfwêzichheid fan kening Jan fan Balliol bestjoerden. Moray wie yn 'e slach ferwûne rekke, en beswiek earne yn it neijier fan 1297 oan syn ferwûnings. Omtrint novimber fan dat jier late Wallace in grutskalige ynfal yn noardlik Ingelân, wêrby't de Skotten in plondertocht holden troch de greefskippen Kumberlân en Noardumberlân.

Yn april 1298 foel in nij Ingelsk leger Skotlân binnen, dat diskear oanfierd waard troch Edwert I sels. De Ingelsen plonderen Lothian (súdeastlik Skotlân) en namen ferskate kastielen yn, mar it slagge harren net en twing de Skotten ta in iepen fjildslach. Wallace wie fan doel om mei syn Skotske troepen it Ingelske leger te folgjen oant Edwert syn foarrieden en jild útput rekken, wêrnei't se him op syn weromtocht mei oanhâldende lytse oanfaltsjes it libben soer meitsje soene. Dat wie in goede strategy, mei't de befoarrieding fan it Ingelske leger te winskjen oerliet. Edwert wie al rillegau twongen om syn kavalery yn te setten tsjin syn eigen troch honger yn opstân kommen fuotfolk. Mar yn july, doe't er op it punt stie en lûk him werom op Edinburch om nije foarrieden gear te bringen, waard him trochdien dat de Skotten har kamp by Falkirk opslein hiene. Hy teach dêr doe gau-gau mei syn leger hinne en kaam Wallace oer it mad. Sa slagge it him op 22 july 1298 dochs noch om 'e Skotten ta in fjildslach te twingen.

Wallace stelde syn mei spearen tariste fuotfolk op yn fjouwer rûne, stikelbaarcheftige formaasjes, dy't omjûn wiene troch in ferdigeningsmuorre fan skean foarútwizende houtene peallen mei skerpe punten. De Ingelsen setten lykwols Welske bôgesjitters yn, dy't harren de taktyske superioriteit joegen. De eigen bôgesjitters fan 'e Skotten waarden fan it fjild fage troch in oanfal fan it Ingelske hynstefolk, en doe't dêrnei de Skotske ridders, ûnder it befel fan Skotske eallju, harren leger yn 'e steek lieten en fuortrieden, wie it Skotske fuotfolk oerlevere oan 'e Ingelsen, dy't fan alle kanten de fjouwer rûne formaasjes begûnen oan te fallen. De Slach by Falkirk rûn sadwaande út op in swiere nederlaach foar de Skotten, dy't ek ferskate lieders ferlearen, wêrûnder Jan fan Graham en Jan Stewart fan Bonkyll. Wallace sels ûntkaam oan sawol dea as kriichsfinzenskip, mar syn reputaasje hie slim fan 'e nederlaach te lijen.

Yn septimber 1298 tsjinne Wallace fan gefolgen syn ûntslach yn as beskermhear fan Skotlân. Hy waard opfolge troch Robert fan Bruce, greve fan Carrick (de lettere kening Robert I), dy't sels oanspraak makke op 'e Skotske troan, en Jan III Comyn, hear fan Badenoch, de omkesizzer fan kening Jan fan Balliol. It twatal Bruce en Comyn krige lykwols neat foarinoar, mei't de beide rivalen net oer harren famyljeskeel hinne stappe koene. Uteinlik waard yn 1299 Willem fan Lamberton, de biskop fan St. Andrews, as trêde beskermhear tafoege om as midsman te fungearjen tusken de oare beide. Doe't dat ek net holp, stapte Robert yn 1300 op as beskermhear en waard er ferfongen troch Ingram fan Umfraville. Noch wer in jier letter treden Comyn, Lamberton en Umfraville ek ôf en waarden se ferfongen troch de neutrale Jan fan Soules, in Skotsk patriot dy't útkeazen waard om't er neutraal wie yn 'e striid tusken de huzen Comyn en de Bruce. Soules sette him derfoar yn om Jan fan Balliol wer op 'e Skotske troan te krijen.

Nei't yn 'e simmer fan 1301 in nije Ingelske ynfaazje fan Skotlân mislearre wie, waard der in wapenstilstân fan njoggen moannen ôfkundige. Yn 1303 wist Edwert einlings en te'n lêsten hiele Skotlân te feroverjen, en alle Skotske lieders, mei útsûndering fan William Wallace, joegen har by in plechtichheid yn febrewaris 1304 formeel oan him oer. Hoewol't de Ingelske kening bearde dat Skotlân no weromkeare soe nei de stân fan saken ûnder it regear fan Aleksander III, wie de Skotske ynbring yn it bestjoer fan har eigen lân minym en inkeld foar de foarm, wylst it fannijs Ingelske bestjoerders wiene dy't it foar it sizzen krigen. Doe't op 5 augustus 1305 de fuortflechtige William Wallace troch de Ingelsen oppakt waard yn 'e neite fan Glasgow en op 23 augustus te Londen terjochtsteld waard, liek de Ingelske oerwinning finaal te wêzen.

De opstân fan Robert de Bruce Neffens it histoaryske fjirtjinde-iuwske epos Brus, fan John Barbour, dat ien fan 'e seldsume min ofte mear kontemporêne boarnen oer Robert de Bruce is, tekenen en fersegelen Robert en Jan III Comyn, hear fan Badenoch, yn 'e simmer fan 1305 in geheime oerienkomst. Under de betingsten dêrfan joech Comyn syn oanspraken op 'e Skotske troan op yn it foardiel fan Robert, yn ruil foar de ûntfangst fan alle Skotske lânerijen fan it Hûs Bruce yn it gefal dat der op 'e nij in opstân útbrekke soe tsjin 'e Ingelsen. Hoewol't it ûnbekend is oft Barbour de ôfspraken sekuer werjoech, kin it gjin twifel lije dat Edwert I fan Ingelân Robert oppakke litte woe doe't dy letter dat jier oan it Ingelske Hof tahold. Neffens Barbour hie Comyn de geheime oerienkomst oan Edwert ferret, om sa syn rivaal út 'e wei te romjen en sels skjinne hannen te hâlden. Robert syn freon Ralf fan Montermer, dy't mei in dochter fan Edwert I troud wie en sadwaande it fertrouwen fan 'e kening hie, stjoerde Robert lykwols tolve peinjes en in pear spoaren ta. Robert begriep de wink en pykte mei in skyldfeint by neare nacht út.