Maxim is in ynternasjonaal tydskrift foar manlju, dat benammen bekendstiet om syn sensuële (mar net neaken) fotoreportaazjes fan bekende froulju, lykas aktrises, sjongsters en modellen. Ek trêdet it blêd op 'e foargrûn troch sûnt 2000 elts jier in list fan 'e hûndert meast seksy froulju fan 'e wrâld gear te stallen. Maxim is in moanneblêd dat tolve kear jiers ferskynd, al wiene der fan 2010 oant 2012 mar tsien edysjes jiers. Yn 2013 hie de Ingelsktalige edysje in oplaach fan 2 miljoen eksimplaren (in tebekgong fanôf 2,5 miljoen op it hichtepunt).

Skiednis Maxim waard oarspronklik yn 1995 yn in Britske edysje oprjochte en útjûn troch Dennis Publishing út Londen. Fanôf 1998 ferskynde der ek in Amerikaanske Ingelsktalige edysje by de Alpha Media Group út New York. Dêrnjonken waard it blêd yn ferskate oare lannen yn oare talen útbrocht, wêrûnder fanôf 1999 yn it Nederlânsk yn sawol Nederlân as Flaanderen.

De Nederlânsktalige Maxim waard yn 't earstoan troch Maxi Magazines publisearre, en wie doe tige súksesfol. Letter waard de útjefte oernommen troch Sanoma, dat syn doelstellings oangeande dizze oankeap net reälisearje koe. Sadwaande waard de Nederlânsktalige Maxim yn 2006 opdoekt. De Britske edysje waard foar it lêst útbrocht yn 2009. De Amerikaanske edysje docht it lykwols noch frij goed, en sette yn 2005 útein mei in eigen radiostjoerder, Maxim Radio. Fierders wiene der ek plannen om in eigen kasino yn Las Vegas te bouwen, mar dat rûn op 'e non nei ferset troch de besteande kasino's.

Lannen dêr't Maxim útjûn wurdt of waard Argentynje (yn it Spaansk) Belgje (yn it Nederlânsk en Frânsk) Bulgarije Dútslân de Feriene Steaten (yn it Ingelsk) de Filipinen Frankryk (Maximal) Grikelân Grut-Brittanje Yndia (yn it Ingelsk) Yndoneezje Israel Itaalje Kanada (yn it Ingelsk) Meksiko (yn it Spaansk) Nederlân de Oekraïne Poalen Portegal (Maxmen) Roemeenje Ruslân Servje Singapoer (yn it Ingelsk) Spanje Súd-Koreä Tailân Tsjechje

Bekende froulju dy't posearre hawwe foar Maxim Carmen Electra: septimber 1997, desimber 2002, july 2005 Rebecca Romijn: juny 1998, july 2000, novimber 2002 Christina Applegate: septimber 1998, desimber 2002 Jennifer Love Hewitt: novimber 1999, maart 2005, maaie 2009, april 2012 Shannon Elizabeth: jannewaris 2000, desimber 2003, juny 2008 Kim Smith: febrewaris 2000, novimber 2000, july 2004 Jessica Alba: oktober 2000, novimber 2003 Tara Reid: desimber 2000, maart 2002 Laura Prepon: jannewaris 2001, novimber 2004 Eliza Dushku: maaie 2001, maart 2009 Shawnee Smith: juny 2001 Brittany Murphy: july 2001, maaie 2005 Helena Bonham Carter: septimber 2001 Jamie-Lynn Sigler: septimber 2001, maaie 2006 Jessica Simpson: jannewaris 2002, juny 2004, july 2006 Paula Garcés: maart 2002 Lucy Liu: septimber 2002, july 2003 Christina Aguilera: desimber 2002, jannewaris 2003, maart 2007 Shania Twain: juny 2003 Anna Koernikova: augustus 2003, augustus 2004 Milla Jovovich: septimber 2004, septimber 2009 Eva Longoria: jannewaris 2005, septimber 2006 Vanessa Minnillo: oktober 2005, oktober 2006 Sophia Bush: novimber 2006 Lacey Chabert: jannewaris 2007 Mary Elizabeth Winstead: maart 2007 Rose McGowan: april 2007 Roselyn Sanchez: maaie 2007 Noureen DeWulf: juny 2007 Megan Fox: july 2007 Hilary Duff: augustus 2007 Sarah Michelle Gellar: desimber 2007 Avril Lavigne: maart 2008 Kourtney Kardashian: april 2009 Kaley Cuoco: maart 2010 Amanda Bynes: febrewaris 2010 Cobie Smulders: desimber 2010 Britney Spears: jannewaris 2010, jannewaris 2011

1e plak yn 'e Maxim Top 100 Meast Seksy Froulju fan 'e Wrâld 2000: Estella Warren 2001: Jessica Alba 2002: Jennifer Garner 2003: Christina Aguilera 2004: Jessica Simpson 2005: Eva Longoria 2006: Eva Longoria 2007: Lindsay Lohan 2008: Marisa Miller 2009: Olivia Wilde 2010: Katy Perry 2011: Rosie Huntingdon-Whiteley 2012: Bar Refaeli 2013: Miley Cyrus 2014: Candice Swanepoel 2015: Taylor Swift 2016: Stella Maxwell 2017: Hailey Baldwin 2018: Kate Upton

Keppelings om utens Offisjele webside fan Maxim

Kategory:Bulgaarsktalich tydskrift Kategory:Dútsktalich tydskrift Kategory:Filipynsktalich tydskrift Kategory:Frânsktalich tydskrift Kategory:Gryksktalich tydskrift Kategory:Hebriuwsktalich tydskrift Kategory:Yndonezysktalich tydskrift Kategory:Italjaansktalich tydskrift Kategory:Ingelsktalich tydskrift Kategory:Koreaansktalich tydskrift Kategory:Nederlânsktalich tydskrift Kategory:Oekraynsktalich tydskrift Kategory:Poalsktalich tydskrift Kategory:Portegeesktalich tydskrift Kategory:Roemeensktalich tydskrift Kategory:Russysktalich tydskrift Kategory:Servysktalich tydskrift Kategory:Spaansktalich tydskrift Kategory:Taisktalich tydskrift Kategory:Tsjechysktalich tydskrift Kategory:Amerikaansk manljusblêd Kategory:Argentynsk manljusblêd Kategory:Britsk manljusblêd Kategory:Bulgaarsk manljusblêd Kategory:Dútsk manljusblêd Kategory:Filipynsk manljusblêd Kategory:Frânsk manljusblêd Kategory:Gryksk manljusblêd Kategory:Yndiaask manljusblêd Kategory:Yndonezysk manljusblêd Kategory:Ingelsk tydskrift Kategory:Israelysk manljusblêd Kategory:Italjaansk manljusblêd Kategory:Kanadeesk manljusblêd Kategory:Meksikaansk manljusblêd Kategory:Nederlânsk manljusblêd Kategory:Oekraynsk manljusblêd Kategory:Poalsk manljusblêd Kategory:Portegeesk manljusblêd Kategory:Roemeensk manljusblêd Kategory:Russysk manljusblêd Kategory:Servysk manljusblêd Kategory:Singapoereesk manljusblêd Kategory:Spaansk manljusblêd Kategory:Súdkoreaansk manljusblêd Kategory:Taisk manljusblêd Kategory:Tsjechysk manljusblêd Kategory:Krante of tydskrift oprjochte yn 1995