Follybal yn Fryslân wurdt oeral yn de provinsje, op ferskate nivo's spile.

__TOC__ Skiednis It Follybal is yn de santiger jierren hurd woekse, troch de sporthallen dy't oeral yn de provinsje delset waarden. Yn totaal telt Fryslân 138 follybalferienings en 2764 jeugdspilers. It follybal is de tredde teamsport fan Nederlân, mar yn Fryslân is follybal net echt populêr. It binne dan fral famkes dy't kieze foar it follybal, jonges kieze earder foar it fuotbal. Troch it organisearjen fan toernoaien en it opsetten fan fergeze trenings, wurdt der besocht om it follybal mear ûnder de oandacht te bringen by de Fryske jongerein. Ljouwerter Krante, Sportbylage 7 febrewaris 2011, side 11.

A-League Follybalferiening Snits is op dit stuit it ienige Fryske team dat yn de heechste difyzje, de A-League, fan Nederlân útkomt. (2010-2011)

List fan Fryske follybalferienings

AVC ‘69 – Akkrum Covos - Easterein Delphion/DBS - Balk Deto ‘82 - Ljouwert DIO Easterwâlde - Easterwâlde DSVS – Burgum Grou ‘64 - Grou Harns - Harns Havot – Hallum Hevoc ‘89 - It Hearrenfean Icarus – Ljouwert Iverto - Jirnsum De Jouwer - De Jouwer Leevoc - Ljouwert Ljouwert - LJouwert Mildaam - Mildaam Oda-Knipe Kombinaasje - De Knipe Otib – Nijlân De Plakkers - Snits Ryptsjerker Sport Club - Ryptsjerk Snits - Snits SSS '52 - Ljouwert Stânfries – Drylts Swette Switters – Skearnegoutum TriCat Set Up – Boalsert De Turfstekkers - Drachten Waskemar - Waskemar WISKY - Wâldsein

Kategory:Sport yn Fryslân Kategory:Follybal nei lân