In speechwriter (Ingelsk foar "skriuwer fan taspraken") is immen dy't ynhierd wurdt of oansteld is om taspraken te skriuwen dy't holden wurde sille troch in oare persoan. Sokke speechwriters wurde fral brûkt troch in protte hege politisy en oare lju mei in útfierende funksje yn it iepenbier bestjoer of de publike sektor.

It kin wêze dat it skriuwen fan in taspraak it wurk fan ien speechwriter is, mar it komt ek foar dat der ferskate speechwriters mei-inoar oer ien en deselde taspraak gear geane. Soms skriuwt ek de opdrachtjouwer sels mei, mar meastal is dat net it gefal. Wol hat de opdrachtjouwer altyd in beskate ynbring, fansels oangeande it ûnderwerp fan 'e taspraak, mar oan 'e ein fan it skriuwproses jout hy of sy der ek faak in eigen draai oan op it mêd fan wurdkar en sinsbou.

Sjoch ek ghostwriter

Keppelings om utens List fan speechwriters yn 'e tsjinst fan Amerikaanske presidinten

Kategory:Skriuwer Kategory:Berop Kategory:Lienwurd út it Ingelsk