De Saturn Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier útrikt wurde op it mêd fan film, tillefyzje en dvd fan 'e sjenres science fiction-, fantasy- of horror. Oarspronklik (en soms noch wol) waarden dizze prizen oantsjut as de Golden Scrolls (de "Gouden Boekrôlen"). Hoewol't se oarspronklik oprjochte binne om wurken fan science fiction, fantasy en letter ek horror te wurdearjen, binne der ek Saturn Awards takend oan mainstream-dramawurken.

Skiednis en nominaasjeproses De Saturn Awards waarden yn 1972 betocht en ynsteld troch Donald A. Reed, dy't fûn dat science fiction- en fantasyfilms doedestiden net serieus nommen waarden. De útrikking en takenning fan 'e prizen wurdt fersoarge troch de Academy of Science Fiction, Fantasy and Horror Films, en út 'e nominearre kandidaten wurde de winners útornearre fia in stimming ûnder de leden fan dy organisaasje. De útrikkingsseremoanje fynt yn 'e regel plak yn ein juny yn Burbank, ûnder de reek fan Los Angeles, yn súdlik Kalifornje.

Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy, ûnder it kopke Year-by-year results.

Kategoryen Spesjale prizen The George Pal Memorial Award The Life Career Award The President's Memorial Award Special Recognition Award

Filmprizen bêst science fiction-film bêste fantasyfilm bêste horrorfilm bêste skriller bêste aksje- of aventoerefilm (foarhinne bêste aksje-/aventoerefilm/skriller) bêste tekenfilm bêste ynternasjonale film bêste ferfilming fan in stripferhaal bêste regisseur bêste akteur bêste aktrise bêste byrol fan in akteur bêste byrol fan in aktrise bêste optreden fan in jongere akteur bêste senario bêste filmmuzyk bêste fisazjy bêste kostúms bêste special effects bêste produksje-ûntwerp bêste montaazje Teffens wied er yn 1980 in priis foar bêste bûtenlânske film en fan 1980 oant 1982 in priis foar bêste low-budgetfilm

Tillefyzjeprizen bêste tillefyzjesearje fan in publike omrop bêste tillefyzjesearje fan in kabeltillefyzjenetwurk bêste jongereintillefyzjesearje bêste tillefyzjesearje dy't adaptearre is fan in superheldeferhaal bêste tillefyzjepresintaasje bêste akteur op 'e tillefyzje bêste aktrise op 'e tillefyzje bêste byrol fan in akteur op 'e tillefyzje bêste byrol fan in aktrise op 'e tillefyzje bêste gastrol fan in akteur of aktrise yn in tillefyzjesearje

Dvd-prizen bêste publikaasje op dvd of blu-ray bêste spesjale edysje fan in publikaasje op dvd of blu-ray bêste publikaasje fan in filmklassiker op dvd of blu-ray bêste publikaasje fan in kolleksje op dvd of blu-ray bêste tillefyzjepublikaasje op dvd of blu-ray bêste publikaasje fan in retro-tillefyzjesearje op dvd of blu-ray

Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Saturn Awards

Kategory:Amerikaanske filmpriis Kategory:Amerikaanske telefyzjepriis Kategory:Science fiction-priis Kategory:Fantasypriis Kategory:Horrorpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1972