thumb|260px|It eardere Junkersfabryk yn Dessau. Portret fan Hugo Junkers
Junkers Flugzeug- und Motorenwerke AG wie in Dútske fabrikant fan fleantugen en fleantúchmotors.
It bedriuw waard yn 1895 troch Hugo Junkers yn Dessau stichte as fabryk foar ferwaarmingstsjettels en radiators. Yn de Earste Wrâldoarloch waard begûn mei de produksje fan fleantugen. Junkers makke yn 1915 it earste fleantúch dat hieledal fan metaal makke wie, de J1, in licht jachtfleantúch fan aluminium. Nei de Earste Wrâldoarloch boude Junkers de F13, it earste spesjaal foar passazjiersferfier ornearre fleantúch dat yn produksje gie. Yn 1933 waard Hugo Junkers troch de nazi's twong om syn bedriuw oer te jaan, dat dêrnei ien fan de wichtichste produsinten foar de nij Luftwaffe waard. (Hermann Göring hie nei de Earste Wrâldoarloch sollisitearre op de funksje fan testpiloat by Junkers, mar waard net oannaam.)
Ferneamde ûntwerpen fan Junkers wiene ûnder oaren it Ju-52/3m transport- en passazjierstastel, de Ju-87 Stuka dûkbommesmiter en de Ju 88 (jacht)bommesmiter.
Nei de fúzje mei Messerschmitt-Bölkow-Blohm (1968-1989) is Junkers no part fan de Airbus Group.
Fleanmasines fan Junkers Junkers F.13 Ju 52/3m Ju 86 Ju 87 Ju 88 Ju 89 Ju 188 Ju 248 Ju 252 Ju 187 - 287 Ju 290 Ju 352 Ju 388 Ju 390
Projekten oant 1945 Ju EF.008 Ju EF.009 Ju EF.100 Ju EF.101 Ju EF.112 Ju EF.126 "Lilli" Ju EF.127 Ju EF.128 Ju EF.130 Ju EF.132 Ju 187 Ju 287 Ju 488 Ju 635
Junkers (Jumo) fleanmasinemotors
Junkers Fo2 Junkers L1 Junkers L2 Junkers L5 Junkers Fo3 Junkers L55 Junkers L7 Junkers Fo4 Junkers L8 Junkers L88 Jumo 204 Jumo 205 Jumo 206 Jumo 207 Jumo 208 Jumo 210 Jumo 211 Jumo 213 Jumo 222 Junkers 109-004 Junkers 109-012 Junkers 109-022
Keppeling om utens Offisjeel webstee makke troch Bernd Junkers, Hugo Junkers syn pakesizzer Junkers Museum yn Dessau Hugo Junkers
Kategory:Dútsk fleantúchbouwer (bedriuw) Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1895 Kategory:Bedriuw opheft yn 1969