thumb|De gloednije Douglas DC-1 City of Los Angeles yn 1933 Douglas Aircraft Company wie in Amerikaanske fleanmasinefabryk festige yn Santa Monica, Kalifornje. Sûnt 1997 is it bedriuw part fan de eardere konkurrint Boeing.

De Douglas Corporation waard op 5 july 1921 oprjochte troch Donald Wills Douglas dy't earder foar Martin wurke hie. Nei in reörganisaasje waard de namme op 30 novimber 1928 wizige yn Douglas Aircraft Company. Op 28 april 1967 fusearre dat bedriuw mei fleantúchfabrikant McDonnell Aircraft ta McDonnell Douglas, dat yn 1997 oernaam waard troch Boeing.

Douglas hat in soad betsjut foar de boargerloftfeart mei syn DC (Douglas Commercial)-searje, dy't begûn mei de modellen DC-1, DC-2 en in skoftke letter de wrâldferneamde DC-3. Douglas makke ek doe al militêre tastellen, fral foar de Amerikaanske Marine (United States Navy).

Fleanmasines

Fleamasinemodel, in kar: DT torpedo bommesmiter DWC world cruiser M-1, M-2, M-3, M-4 mail plane (postfleanmasines) C-1 T2D O-2 Gamma Delta 8A/A-17 Douglas TBD Devastator BT/SBD Dauntless - 5936 DC-1 DC-2 - 193 DC-3 - 10.655 DC-4 (C-54) DC-5 DC-6 DC-7 DC-8 DC-9 DC-10 - 386 DB-7 Boston/Havoc A-20 - 7385 A-26/B-26 Invader - 1355 AD (A-1) Skyraider - 3180 F4D (F-6) Skyray A3D (A-3) Skywarrior A4D (A-4) Skyhawk - 2980 Skyrocket C-74/124 Globemaster C-133 Cargomaster B-66 Destroyer KC-10 Extender - 62 MD-80 MD-90 MD-90-30T Trunkliner MD-11 - 200 C-17 Cargomaster MD-12 MD-95 T-45A Goshawk

Keppeling om utens Skiednis fan Douglas

Kategory:Amerikaansk fleantúchbouwer (bedriuw) Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1921 Kategory:Bedriuw opheft yn 1967