Markus Tullius Sisero, ornaris koartwei Sisero neamd (Latyn: Marcus Tullius Cicero, klassike útspr.: ['ma:rkus 'tullius 'kikɛro:], likernôch "maarkûs tûlliûs kikèrroo"; Arpinum, 3 jannewaris 106 f.Kr. – Formiae, 7 desimber 43 f.Kr.) wie in Romeinsk filosoof, politikus, jurist, orator, politikolooch, teolooch en skriuwer. Hy wurdt beskôge as ien fan 'e wichtichste filosofen dy't it Romeinske Ryk fuortbrocht hat, en ferskate foaroansteande tinkers út 'e Ferljochting, lykas John Locke, Baruch de Spinoza en Charles-Louis de Montesquieu, borduerren fuort op syn ideeën.
Sisero syn ynfloed op 'e Latynske taal wie sa ûnbidich dat wol sein wurdt dat de skiednis fan it proaza fan net inkeld it Latyn mar ek fan 'e dêrútfuortkommen Romaanske talen oant de njoggentjinde iuw neat oars wie as in reäksje tsjin of in weromkear nei syn skriuwstyl. Syn wurk wurdt noch altyd beskôge as de primêre histoaryske boarne foar de skiedskriuwing fan 'e lêste dagen fan 'e Romeinske Republyk.
Sels wie Sisero fan tinken dat syn politike karriêre syn grutste prestaasje wie. Hy wie lid fan 'e Romeinske Senaat en klom op ta de post fan konsul. As sadanich ûnderdrukte er in gearspanning en rêde er Rome fan in oanfal fan bûtenôf. Under de gaoatyske lêste helte fan 'e earste iuw f.Kr. wie Sisero de lieder fan 'e partij dy't tsjin it tij fan boargeroarloggen en de diktatuer fan Julius Caesar yn de âlde republyk besocht te behâlden. Uteinlik makke er him dêrmei ta in fijân fan 'e machtige Markus Antonius, dy't him yn 43 f.Kr. fermoardzje liet.
Libben Iere jierren Sisero waard yn 106 f.Kr. berne yn Arpinum, in stedsje yn 'e heuvels, sa'n 100 km súdeastlik fan Rome. Syn heit, dy't ek Markus Tullius Sisero hiet, wie in begoedige lid fan 'e aristokrasy mei goede konneksjes yn Rome. Mei't er lichaamlik beheind wie, koed er him lykwols net yn it iepenbiere libben bejaan. Sadwaande lei er him by wize fan kompinsaasje sterk ta op stúdzje. Oer Sisero syn mem, dy't fan Helvia hiet, is net in soad bekend. Sisero hie in broer, Kwintius Tullius Sisero, dy't ek yn 'e polityk gie. As lid fan 'e Romeinske hegerein waard Sisero oplaat yn Latyn en Gryksk, filosofy, literatuer (benammen poëzij) en skiednis. Neffens de histoarikus Plutarchus toande Sisero him in tige talintearre learling, dy't de learmasters mar foar it útkiezen hie. Sadwaande studearre er rjochten ûnder de grutte Kwintius Musius Skevola, yn 'e mande mei û.m. de lettere jurist Servius Sulpisius Rufus en de lettere filosoof Titus Pomponius Attikus, dy't syn libbenslange freonen waarden.
Omtrint 81 f.Kr. sette Sisero útein mei in karriêre as jurist. Syn earste grutte saak wie de ferdigening fan Sekstus Roskius tsjin 'e oanklacht fan patriside of heitemoard, dêr't noch altyd in skriftlik ferslach fan bestiet. Heitemoard waard yn 'e Romeinske kultuer as eat grousums beskôge, en de lju dy't neffens Sisero eigentlik de moard op har gewisse hiene, wiene favoriten fan 'e diktator Lusius Kornelius Sulla, dy't de doe noch ûnbekende Sisero maklik út 'e wei romje litte kinnen hie. It wie dus in moedige set fan Sisero om dizze saak op him te nimmen, en noch knapper dat er Roskius ek wier-wier frijsprutsen wist te krijen.
Yn 79 f.Kr. ferliet Sisero Rome om in rûnreis te meitsjen troch Grikelân, Lyts-Aazje en Roados, mooglik om oan 'e grime fan Sulla te ûntkommen. Jierren earder, yn 87 f.Kr., wied er yn 'e besnijing rekke fan 'e filosofy fan 'e âlde Grykske masters, lykas Sokrates en Plato, doe't Filo fan Larissa, it haad fan 'e Akademy fan Atene, dy't trijehûndert jier earder troch Plato sels stifte wie, Rome besocht. Sadwaande is it oannimlik dat er Sisero op syn reis it oangename mei it needsaaklike kombinearre om him djipper yn syn leafhawwerij yn te libjen.
Priveelibben Datselde jiers (79 f.Kr.), doe't er 27 jier wie, troude Sisero mei syn earste frou Terentia. Neffens de wizânsje fan 'e Romeinske hegerein út dy tiid wie dat in ferstânshoulik, dat lykwols fan beide kanten tritich jier lang yn harmony genoaten waard. By Terentia har famylje, wierskynlik it aadlik hûs fan 'e Terenti Varrones, siet jild, dat net inkeld wie hja sosjaal akseptabel, mar se koe Sisero syn politike ambysjes ek noch finansjeel ûnderstypje. Neffens Plutarchus wie Terentia in frou dy't der wol doarst te wêzen, en liet se har mear yn mei de politike karriêre fan har man as dat se syn bemuoienis mei de húshâlding taliet.
Yn 'e jierren fyftich f.Kr. waarden Sisero syn brieven oan Terentia koarter en kâlder fan toan. Hy klage by freonen dat se him ferret hie, mar joech dêrby net oan hoe dan. It is net ûnmooglik dat de houliksbân gewoan net bestân wie tsjin 'e druk dy't derop útoefene waard troch de politike opskuor yn it Rome fan dy tiid. De skieding liket yn 51 f.Kr. plakfûn te hawwen of koart dêrfoar. Yn 46 of 45 f.Kr. wertroude Sisero mei in jongfaam dy't fan Publilia hiet, en dy't earder syn fâd west hie. Der wurdt algemien oannommen dat de reden foar dit houlik wie dat Sisero yn jildneed siet, fral no't er ek nochris de breidsskat oant Terentia har folk werombetelje moast, en dat er dêrta Publilia har jild nedich wie. Hoe dan ek, dit twadde houlik duorre net lang.
Sisero hie twa bern út syn earste houlik. Syn dochter Tullia wie syn eachapel, en doe't hja yn febrewaris 45 f.Kr. ynienen siik waard en stoar, wied er der stikken fan. It ûnbegryp fan Publilia dêrfoaroer late ta de ûntbining fan syn twadde houlik. Oangeande syn soan Markus hie Sisero hope dat dy yn syn fuotleasten folgje en filosoof wurde soe. De jonge dreamde lykwols fan in militêre karriêre, en joech him yn 49 f.Kr. by it leger fan Pompejus. Nei dy syn nederlaach by Farsalis, yn 48 f.Kr., krige er amnesty fan Julius Caesar. Dêrop stjoerde Sisero syn soan nei Atene ta, om te studearjen ûnder de filosoof Kratippus fan Pergamon. De jonge Markus brûkte de ôfwêzigens fan syn heite tafersjoch lykwols om te feestfieren en syn jild te ferslampamperjen.
Politike karriêre De ferfolging fan Gajus Verres Sisero sette syn politike karriêre útein yn 75 f.Kr., yn 'e funksje fan quaestor fan westlik Sisylje. Hy bliek in earlik en ynteger bestjoerder te wêzen, en fan gefolgen fregen de ynwenners fan 'e provinsje him om Gajus Verres te ferfolgjen, in gûverneur fan Sisylje dy't it eilân foar eigen gewin útrûpele hie. Nei't er lange tiid tariedend wurk dien en bewiismateriaal op Sisylje sammele hie, wûn Sisero dy saak yn Rome yn in rige dramatyske konfrontaasjes yn 'e rjochtseal mei Verres syn (foaroansteande) abbekaat Kwintius Hortensius Hortalus. It wie dizze saak dêr't Sisero syn reputaasje as jurist en orator mei fêstige.
Konsulskip Neitiid waard Sisero yn 69 f.Kr. beneamd ta aedile en yn 66 f.Kr. ta praetor, wylst er yn 63 f.Kr., mei 43 jier, as konsul fan 'e Romeinske Republyk tsjinne. Syn mei-konsul, Gajus Antonius Hybrida, spile mar in lytse rol yn 'e politike opskuor dy't Rome dat jiers trof, mar Sisero dwerseide persoanlik in gearspanning om himsels út 'e wei te romjen en de Republyk ûnder fuotten te heljen mei útlânske troepen ûnder it befel fan Lusius Sergius Katilina. Hy liet de steat fan belis útroppe (troch in senatus consultum ultimum út te furdigjen) en dreau Catilina dêrnei ta de stêd út mei fjouwer ferfrettende taspraken (de saneamde Katilynske Oraasjes) dêr't er de Romeinske boargers mei ophyste tsjin 'e gearspanners.
Nei't Katilina de stêd ûntflechte wie, rekkene er op syn oanhingers yn Rome om 'e revolúsje te begjinnen (de saneamde Twadde Katilynske Gearspanning), wylst er sels mei in leger lyksinnigen de stêd fan bûtenôf oanfoel. Hy hie besocht en belûk de Allobroges, in stamme fan Transalpine Kelten, by syn komplot, mar Sisero wist mei help fan syn kontakten ûnder de Kelten de briefkerij fan Katilina te ûnderskeppen. De ynformaasje út 'e brieven bewiisde de skuld fan fiif Romeinske gearspanners, dy't doe twongen waarden om foar de hiele Senaat oer in bekentenis ôf te lizzen. Op oanstean fan Kato de Jongere besleat de Senaat dat de fiif manlju de deastraf krije moasten, en Sisero liet dat fûnis yn syn hoedanichheid fan konsul útfiere. Dêrby begelate er yn eigen persoan Publius Kornelius Lentulus Suera, in eardere konsul, nei it plak fan eksekúsje. Lykwols, troch Romeinske boargers sûnder foarm fan proses terjocht te stellen, gie er eins syn boekje te bûten, en neitiid libbe er altyd yn eangst dat er dêr nochris foar straft wurde soe.
Ballingskip en weromkear Yn 60 f.Kr. waard Sisero troch Julius Caesar, Pompejus en Krassus útnûge om as fjirde lid ta harren Earste Triumviraat ta te treden, mar dat wegere er om't er fermoede dat soks it fuortbestean fan 'e Romeinske Republyk ûndermynje soe. Twa jier letter, yn 58 f.Kr., furdige de tribún Publius Klaudius Pulcher in wet út (de Leges Clodiae), wêryn't ferballing ynfierd waard as straf foar in elk dy't in Romeinsk boarger sûnder foarm fan proses ta de dea brocht. Dy wet wie dúdlik tsjin Sisero rjochte, dy't besocht te riddenearjen dat de steat fan belis him de macht jûn hie om sokke deastraffen útfiere te litten. Doe't dat net holp, besleat er Rome te ûntflechtsjen en reizge er nei Tessaloniky, yn Grikelân, dêr't er yn maaie 58 f.Kr. oankaam. Nei't de doe nij keazen tribún Titus Annius Milo dêrta it inisjatyf nommen hie, stimde de Senaat in jier letter lykwols foar it útfurdigjen fan in útnûging oan Sisero om werom te kommen. Pulcher stimde dêr as iennichste tsjin. Sadwaande kearde Sisero yn augustus 57 f.Kr. triomfantlik werom.
In weromkear fan Sisero yn 'e polityk wie lykwols in stik dreger. In oanfal fan sines op in wet fan Caesar wie om 'e nocht, mei er yn 56 f.Kr. op 'e Konferinsje fan Luca twongen waard om syn ferset dêrtsjin op te jaan en him efter it triumviraat te skaren. Dêrnei lei er him de earste jierren benammen ta op syn skriuwwurk. Fan maaie 51 f.Kr. oant novimber 50 f.Kr. tsjinne er mei tsjinnichheid as gûverneur fan 'e provinsje Silysje, yn Lyts-Aazje. Dêrhinne naam er syn broer Kwintius mei as legaat. Troch ûnderlinge strideraasjes ûnder de Parten hoegde er lokkigernôch net folle te fjochtsjen, mar lykwols wûn er de titel imperator foar syn bestoarming fan in berchfêsting.
De oarloch fan Julius Caesar Yn 50 f.Kr. rekken Julius Caesar en dy syn eardere bûnsmaat Pompejus deilis om macht yn Rome. Sisero keas yn dy striid partij foar Pompejus, dy't er seach as de ferdigener fan 'e Senaat en de republikeinske tradysje. Lykwols besocht er tagelyk om Caesar net iepentlik op 't sear te kommen. Doe't dyselde yn 49 f.Kr. mei syn provinsjale troepen Itaalje binnenfoel, besleat Siero lykwols dat it no it wiiste wie en spylje fan ruten. Sadwaande gloep er Rome út om beskûl te sykjen yn Dyrrachium, yn 'e provinsje Illyrje, dêr't Pompejus syn haadkertier fêstige wie. Yn 48 f.Kr. sleat er him oan by it leger fan Pompejus doe't dat opteach nei Farsalus, al wied er doe syn fertrouwen yn 'e rjochtfeardichheid fan Pompejus al oan it ferliezen.
Nei't Pompejus yn 'e Slach by Farsalis definityf ferslein wie troch Caesar, kearde Sisero hiel hoeden werom nei Rome, dêr't er ferjeffenis krige fan Caesar, mar net fan syn eardere bûnsgenoaten yn 'e Senaat. Kato de Jongere biet him ta dat er him in stik fertsjinstliker meitsje kinnen hie as er gewoan yn Rome bleaun wie, lykas de measte oare senators. Nettsjinsteande dat gie Sisero troch mei syn politike krewearjen yn 'e hope dat Caesar dochs de Republyk wer yn 'e âlde steat werombringe soe. Yn in brief oan Markus Terentius Farro stippele er datoangeande in hiele strategy út. De moard op Julius Caesar troch de saneamde Liberatores, op 'e idus fan maart 44 f.Kr. kaam him lykwols folslein oer it mad.