Sir John Gielgud (folút: Arthur John Gielgud; Londen, 14 april 1904 - Wotton Underwood (Ingelân), 21 maaie 2000) wie in Britsk toaniel-, film- en tillefyzjeakteur, dy't benammen ferneamd waard om fertolkings fan rollen út toanielstikken fan Shakespeare. Syn karriêre omfieme acht desennia, en hy wurdt rûnom beskôge as ien fan de grutste akteurs fan syn tiid. Gielgud is ien fan 'e seldsume akteurs dy't in Tony, in Emmy, in Grammy (foar in ynsprutsen lústerboek) en in Oscar wûn hawwe, mei dêropta noch 2 Golden Globes en 3 BAFTA's.

Libben en wurk John Gielgud wie de efterneef fan de ferneamde toanielaktrise Ellen Terry. Oan syn heitekant stamme er ôf fan Litouske en Poalske adel: hy wie de oerpakesizzer fan greve Jan Gielgudziszki, dy't nei de mislearre Poalske opstân tsjin 'e Russen fan 1830-1831 de wyk nimme moast nei Grut-Brittanje. De namme Gielgud giet úteinlik werom op it Litouske doarp Gielgaudskis. De beppe oan memmekant fan John Gielgud syn heit Frank wie de ferneamde Poalske aktrise Aniela Aszpergerowa.

Nei't John Gielgud de Westminster School dien hie, gong er studearjen oan de Royal Academy of Dramatic Art (1922). "John Gielgud, (Sir Arthur)." International Dictionary of Theatre, Volume 3: Actors, Directors, and Designers. St. James Press, 1996. Syn karriêre rûn flot en hy spile al mei jonge jierren klassike rollen. Op syn 25e makke Gielgud syn debút yn the Old Vic en in jier letter spile er Hamlet.

Fanôf de jierren tritich spile Gielgud en geregeldwei yn films. Dochs wie er mei lichem en siele foar it teäter. Dêrom wie de konkurrinsje mei Laurence Olivier, dy't him mear op films rjochte, minimaal. Ek doe't de toanielwrâld yn de rin fan de jierren feroare, feroare Gielgud mei. Sadwaande wie er yn ferskate stikken fan Harold Pinter te sjen.

Gielgud wie homoseksueel. Yn 1953 waard er dêrtroch feroardield foar obseen gedrach. Kollegea's stipen him lykwols en it publyk fersmiet him net; hy krige sels in steande ovaasje by syn earstkommende ferskining op toaniel.

Yn 1953 waard Gielgud riddere, yn 1977 waard er opnaam yn the Order of the Companions of Honour en yn 1996 krige er de Order of Merit. John Gielgud joech net in protte om ûnderskiedings, mar wie wol ien fan de njoggen persoanen dy't likegoed in Grammy, in Emmy, in Oscar en in Tony Award wûn hawwe.

Yn 1961 krige er in Tony foar de bêste dramaregisseur foar Big Fish, Little Fish, yn 1979 in Grammy foar bêste ynsprutsen dokumintêre as drama foar Ages of Man, yn 1981 de Oscar foar Bêste Akteur yn in Byrol foar Arthur en yn 1991 de Emmy foar bêste haadrolspiler yn in minyrige of special foar Summer's Lease.

Yn 1973 spile er mei yn de musical Lost Horizon. Yn de jierren tachtich wie Gielgud te sjen yn de telefyzjerige Brideshead Revisited. By gelegenheid fan de njoggentichste jierdei fan de akteur yn 1994, waard de namme fan it Globe Theatre op West End feroare yn Gielgud Theatre.

John Gielgud stoar in natuerlike dea yn maaie 2000. Hy is 96 jier wurden. Martin Hensler, dy't goed 25 jier syn libbenspartner wie, stoar in pear moanne earder.

Gielgud spile oant krekt foar syn dea noch yn films en toanielstikken: syn lêste filmrol wie Catastrophe, in filmbewurking fan it stik mei deselde namme fan Samuel Beckett. De film waard in pear wike foar syn dea foltôge.

Filmografy (in kar) <div style="-moz-column-width: 35em;-webkit-column-width: 35em;column-width: 35em;"> 1924: Who is the Man? 1929: The Clue of the New Pin 1933: The Good Companions 1936: Secret Agent 1941: The Prime Minister 1941: An Airman's Letter to His Mother 1953: Julius Caesar 1955: Richard III 1956: Around the World in 80 Days 1957: The Barretts of Wimpole Street 1957: Saint Joan 1964: Becket 1964: Hamlet (teffens rezjy) 1965: The Loved One 1965: Campanadas a medianoche 1968: Sebastian' 1968: The Charge of the Light Brigade 1968: The Shoes of the Fisherman 1970: Julius Caesar 1972: Eagle in a Cage 1974: Gold 1974: Murder on the Orient Express 1975: Galileo 1976: The Picture of Dorian Gray 1977: Providence 1977: A Portrait of the Artist as a Young Man 1978: King Richard the Second 1979: The Human Factor 1979: Murder by Decree 1979: Caligula 1980: Dyrygent 1980: The Elephant Man 1980: The Formula 1980: The Lion of the Desert 1981: Chariots of Fire 1981: Arthur 1981: Spinx 1981: Priest of Love 1981: Brideshead Revisited (tillefyzjerige) 1982: Gandhi 1983: The Scarlet and the Black 1982: Marco Polo 1984: The Far Pavilions (tillefyzjerige) 1985: Plenty 1985: Time After Time 1986: The Ghost of Canterville 1986: The Whistle Blower 1988: War and Remembrance (tillefyzjerige) 1988: Appointment with Death 1988: Arthur 2: On the Rocks 1991: Prospero's Books 1991: The Strauss Dynasty 1992: Shining Through 1992: Swan Song (koarte film) 1995: First Knight 1995: Haunted 1996: Hamlet 1996: Shine 1996: Dragonheart 1996: Portrait of a Lady 1996: Gulliver's Travels (tillefyzjefilm) 1998: Quest for Camelot 1998: Merlin (tillefyzjefilm) 1998: The Tichbone Claiment 1998: Elizabeth 2000: Catastrophe </div> Literatuer In kar John Gielgud: Acting Shakespeare. Pan Books, Londën 1997, ISBN 0-330-35224-5 (mei John Miller). John Gielgud: An Actor and his Time. Penguin Books, Harmondsworth 1981, ISBN 0-1400-5636-X (autobiografy). John Gielgud: Stage directions. Greenwood Press, Westport, Conn. 1979, ISBN 0-313-21035-7. Robert Mangan (Hrsg.): Correspondence Sir John Gielgud. A life in Letters. Arcade Publ., New York 2004, ISBN 1-55970-729-1). Robert Tanitch: Gielgud''. Harrap, Londen 1988, ISBN 0-245-54560-3 (biografy).

Keppelings om utens Folsleine filmografy fan John Gielgud yn 'e Internet Movie Database (IMDb)

Kategory:Ingelsk toanielakteur Kategory:Ingelsk filmakteur Kategory:Ingelsk telefyzje-akteur Kategory:Ingelsk harkspulakteur Kategory:Ingelsk filmregisseur Kategory:Tony-winner Kategory:Grammy-winner Kategory:Emmy-winner Kategory:Golden Globe-winner Kategory:Oscar-winner Kategory:Litouske adel Kategory:Poalske adel Kategory:Persoan dy't juridysk ferfolge is foar homoseksualiteit Kategory:Ingelsk persoan fan Litousk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Poalsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1904 Kategory:Persoan stoarn yn 2000