In gemeentlik monumint is yn Nederlân in bouwurk, archeologysk fynplak of lânskiplike struktuer dy't op grûn fan in gemeentlike feroardering beskerme wurdt út reden fan bysûndere kultuerhistoaryske of arsjitektoanyske wearde. De gemeente kin sels bepale wat in gemeentlik monumint wurdt. Der binne gemeenten dy't gjin gemeentlike monuminten oanwiisd hawwe.Gemeentelijk monument op monumenten.nlAndersson Elffers Felix, Gemeenten MoMo-proof - Eindrapport, 10 novimber 2010, s. 16

Objekten mei in gemeentlike monumintestatus binne faak fan pleatslik as regionaal belang, wylst objekten dy't oanwiisd binne as ryksmonumint faak fan nasjonaal of ynternasjonaal belang binne. Nederlân hie yn 2010 sa'n 41.000 adressen https://www.monumententoezicht.nl/wetgeving/monumentenwet Ynfomaasje op www.monumententoezicht.nl] dy't as gemeentlik monumint oanwiisd binne.

Sjoch ek Provinsjaal monumint Ryksmonumint