De Lauwersloop is in estafette-hurdrinwedstryd fan Ljouwert oer Lauwerseach nei Grins oer sa'n 115 kilometer. De oarspronklike Lauwersloop waard organisearre fan 1980 oant 2000.
Nei oanlieding fan it 400-jierrich bestean fan de Ryksuniversiteit Grins waard de rin nei trettjin jier fannijs, op 30 maaie 2014, foar (âld)studinten holden. De Lauwersloop wurdt organisearre troch de Lauwersloopcommissie en de organisaasje fan it 400-jierrich bestean fan de universiteit yn Grins.
De Lauwersloop giet oer: Ljouwert (start) Gytsjerk Aldtsjerk Rinsumageast Dokkum Ie Eanjum Lauwerseach Ulrum Liens Eenrum Baflo Onderdendam Súdwâlde Grins (einstreek)
Keppeling om utens Webstee Lauwersloop Kategory:Hurdrinwedstryd Kategory:Evenemint yn Ljouwert Kategory:Sportevenemint yn Fryslân Kategory:Sportevenemint yn Nederlân Kategory:Evenemint yn Grinslân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1980 Kategory:Weromkearend evenemint opheft yn 2000