Mylène de la Haye (Maastricht, 29 maart 1959) is in Nederlânsk sjoernaliste, presintatrise en skriuwster fan Limburchsk komôf.

Libben en karriêre De la Haye waard yn 1959 berne yn Maastricht, dêr't se opgroeide yn in gesin mei fiif bern. Hja is in suster fan 'e akteur Robert de la Haye. Harren âlden hiene yn Maastricht in kafee.

Nei in sjoernalistike karriêre, wêrby't De la Haye û.m. jierrenlang bydragen levere oan it tydskrift Panorama, sette se útein mei in nij wurkpaad op 'e tillefyzje, by RTL Nederlân. Dêrby presintearre se de programma's Echte Mannen, op RTL 4, Te Paard Te Paard, op RTL 5, en fierders Lief en Leed en De Vakantievrouw. Ek hie se yn 2012 in gastrol yn Het Sinterklaasjournaal.

Yn 2003 brocht De la Haye in berneboek út, mei as titel De Droommeesters. Ek publisearre se yn 2012 it autobiografyske Smoelwerk, wêryn't se ferslach die fan har eigen gesichtsrekonstruksje. De la Haye is skieden en hat twa bern. Hja wennet yn Halfweg, yn 'e Noardhollânske gemeente Haarlimmerlide en Spaarnwâld.

Keppelings om utens Folsleine filmografy fan Mylène de la Haye yn 'e Internet Movie Database (IMDb)

Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:RTL Nederlân-wurknimmer Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Limburchsk persoan Kategory:Nederlânsk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1959