Mozilla Thunderbird is it e-mailprogramma fan Mozilla, dat yn 'e oarspronklike ferzje útkaam yn 2003. It brûkt diels deselde programmatriemmen as Firefox, en wannear't dy ek ynstallearre is, kin sa it totaalgebrûk fan ûnthâld ferlege wurde. Mei de Lightning-ekstinsje kin in kalinder/aginda tafoege wurde.
Oersetting nei it Frysk Mei de kommando-opsje '--UILocale fy' kin de Fryske oersetting opstart wurde, wannear't dy ynstallearre is.
Fryske staveringshifker De staveringshifker wurdt levere troch Hunspell/Myspell dy't op it systeem ynstallearre is (Fryske wurdlist hânmjittich tafoegje), of de 'Frysk Wurdboek'-tafoeging yn Thunderbird/Firefox sels.
Sjoch ek Mozilla Firefox List fan Frysktalige kompjûterprogramma's
Keppelings om utens Thússide fan de Fryske oersetting fan Firefox en Thunderbird
Kategory:Softwareprogramma Kategory:Software út 2003