Angelica Mirai, echte namme ûnbekend (23 april 1976), is in rêstend Letsk pornografysk aktrise, wa har artystenamme oft ek wol stavere wurdt as Angelica Marai.

Libben en karriêre Angelica Mirai waard yn 1976 berne yn Letlân. Mids njoggentiger jierren waard hja ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, wêrnei't hja yn 1996, mei 20 jier, har debút yn in pornografyske film makke. Woodman caste har yn ferskate films foar it Sweedske Private-label, wêrfan't de bekendsten de trije dielen fan 'e trilogy The Pyramid wiene, út 1996.

Dêrnjonken spile Mirai yn Private Stories 24 en Triple X 25, wylst se in net-pornografyske rol hie yn Triple X 20. Yn 1997 loek hja har alwer út 'e pornoyndustry werom, mar it jiers dêrop brocht Woodman Private Castings X 12 út, wêryn't Mirai har alderearste audysje te sjen wie.

Keppelings om utens Biografy en filmografy fan Angelica Mirai yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Angelica Mirai yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Letsk pornoakteur Kategory:Persoan berne yn 1976