Ayman Mohammed Rabie al-Zawahiri (Maadi, 19 juny 1951 – Kabul, 31 july 2022) wie in Egyptysk sjirurch en ideolooch fan al-Kaida, de terreurorganisaasje dy't him tsjin westerske en pro-westerske lannen rjochte. Sûnt 1 maaie 2011 waard er as de opfolger fan Osama bin Laden beskôge. De Feriene Steaten beskôgen him as meiferantwurdlik foar de oanslaggen fan 11 septimber 2001 op it WTC yn New York en it Pentagon yn Washington, D.C. en setten in beleanning fan 25 miljoen dollar op syn holle. Yn 2022 waard er by in Amerikaanske drone-oanfal op syn ferbliuwplak yn Afganistan fermoarde.

Kategory:Egyptysk dokter Kategory:Egyptysk teolooch Kategory:Egyptysk publisist Kategory:Egyptysk krimineel Kategory:Egyptysk terrorist Kategory:Lid fan Al-Qaida Kategory:Persoan dy't socht wurdt troch de autoriteiten Kategory:Persoan dy't by ferstek ta de dea feroardiele is Kategory:Persoan berne yn 1951 Kategory:Persoan stoarn yn 2022