Lacey Chabert (folút: Lacey Nicole Chabert; Purvis (Mississippy), 30 septimber 1982) is in Amerikaansk aktrise, dy't mei tolve jier al ynternasjonale bekendheid krige mei har rol as Claudia Salinger yn 'e dramasearje Party of Five. Dêrnjonken is se bekend út films as Lost in Space, Not Another Teen Movie, Daddy Day Care en Mean Girls, en fan har wurk as stimaktrise.
Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Lacey Chabert waard yn 1982 berne yn Purvis, yn 'e súdlike Amerikaanske steat Mississippy, as ien fan 'e fjouwer bern yn it gesin fan Tony Chabert, in ûnderhâldsmonteur by in ierdoaljemaatskippij, en dy syn frou Julie Johnson. Har heit is in Frânsktalige Cajun út súdlik Louisiana, dy't ek Sisyljaansk en Ingelsk bloed hat, wylst har mem fan Ingelsk, Skotsk en yn 'e fierte fan Italjaansk komôf is. Chabert hat twa âldere susters en in jongere broer.
Aktearkarriêre As bern wie Chabert al aktyf as aktrise, en ien fan har earste wichtige rollen ferfolle se yn 1992 en 1993 yn 'e Broadwayproduksje fan Les Misérables as Cosette. Nei't se yn 1990 al foar it earst yn in tillefyzjesearje te sjen west hie, briek se yn 1994, doe't se tolve jier wie, troch mei har rol as Claudia Salinger yn 'e dramarige Party of Five. Dy searje, mei û.o. Neve Campbell en Jennifer Love Hewitt yn 'e oare haadrollen, gie oer it wol en wee fan in gesin besteande út fiif bruorren en susters fan wa't de âlden by in ferkearsûngemak om it libben kommen binne. Party of Five rûn oant en mei 2000. Chabert wûn foar har rol as Claudia Salinger yn 1999 in Young Artist Award en waard yn 1995, 1996 en 1997 foar dyselde priis nominearre.
Har debút as filmaktrise makke Chabert yn 1998 as Penny Robinson yn 'e science fiction-skriller Lost in Space, mei û.o. William Hurt, Mimi Rogers, Heather Graham en Matt LeBlanc. Fierders spile Chabert û.m. Amanda Becker yn Not Another Teen Movie (2001), Jenny yn Daddy Day Care (2003) en Gretchen Wieners yn Mean Girls (2004). Datselde jiers fertolke hja ek de titelrol yn 'e tillefyzjefilm The Brooke Ellison Story, oer it wierbarde ferhaal fan in frou dy't ferlamme wie oan alle fjouwer lidden, mar dy't dochs withoefolle obstakels wist te oerwinnen om ôfstudearje te kinnen oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Harvard. Yn 2006 spile Chabert yn 'e remake fan 'e klassike splatterhorrorfilm Black Christmas.
Njonken rollen yn minder bekende films en gastrollen yn tillefyzjesearjes wurke Chabert fierders in protte as stimaktrise, te begjinnen mei it personaazje Eliza Thornberry yn 'e tekenfilmsearje The Wild Thornberrys, fan 1998 oant 2004. Ek liende se har stim oan dochter Meg Griffin yn it earste seizoen fan 'e tekenfilmsearje Family Guy (1999), wêrnei't Mila Kunis dy rol oernaam om't Chabert it net mear ynpasse koe tusken har oare aktearjen en har skoalwurk. Fierders spile Chabert ek prinsesse Elise yn it fideospultsje Sonic the Hedgehog (2006), en Gwen Stacy yn 'e tekenfilmsearje The Spectacular Spider-Man (2008-2009). Fan 2011 oant 2016 spile se Dani Burns en ferskate oare rollen yn 'e tekenfillmsearje Transformers: Rescue Bots.
Yn 2013 en 2014 hie Chabert in weromkearende rol yn 'e komeedzjesearje Baby Daddy as dokter Amy Shaw. Fan 2016 ôf spile se fierders yn mear as tritich romantyske tillefyzjefilms foar it Amerikaanske Hallmark Channel, wêrûnder de krystfilm A Royal Christmas, mei û.o. Jane Seymour. The New York Post en oare media hawwe Chabert dêrom wol oantsjut as de 'Keninginne fan Hallmark-krystfilms'. Yn in fraachpetear mei E! sei Chabert: "ien fan 'e dingen dy't ik sa moai fyn oan [it wurkjen foar Hallmark] is dat [de films] garandearre in happy end hawwe. […] Ik wol leauwe, mei de wrâld sa't dy hjoed de dei is, bin ik tige grutsk om diel út te meitsjen fan in projekt dat in bytsje leafde en ljocht en lichthertigens […] tafoeget."
Ien fan Chabert har earste Hallmark-films wie it súksesfolle A Christmas Melody, wêryn't se û.o. sjongster Mariah Carey as tsjinspylster hie. Yn 2017 wurke Chabert as stimaktrise mei oan 'e tekenfilm All I Want for Christmas Is You, dy't basearre wie op it boek mei deselde namme dat skreaun wie troch Mariah Carey en Colleen Madden. Dêrby wurke se fannijs gear mei Carey, dy't ek as stimaktrise by de tekenfilm belutsen wie.
Yn 2019 krige Chabert in rol yn 'e Crossword Mysteries-searje op it tillefyzjekanaal Hallmark Movies & Mysteries. Yn 2022 ferlieten ferskate fêste Hallmark-akteurs it Hallmark Channel om oer te stappen nei it nije tillefyzjenetwurk Great American Family, dat him op deselde doelgroep rjochtet. Chabert spriek lykwols yn it iepenbier har stipe foar it Hallmark Channel út en se tekene in nij kontrakt dat har in gruttere rol binnen it netwurk joech. Sa soe se tenei guon fan har eigen tillefyzjefilms produsearje.
Oare wurkmêden Yn septimber 2022 brocht Chabert har eigen moadekolleksje út, de Lacey Chabert Collection, fia it thúswinkelnetwurk HSN. De kolleksje omfieme jekken, joggingbroeken, leggings, sokken, jurken en truien, allegear foar betelbere prizen fan tusken de $15 en de $80. Yn in fraachpetear mei InStyle sei Chabert dat se der altyd fan dreamd hie om in eigen moadekolleksje te hawwen.
Priveelibben Chabert wennet yn súdlik Kalifornje, dêr't se yn 1994 mei har âlden, broer en susters hinne ferfearn is foar har rol yn Party of Five. Yn jannewaris 2007 en nochris yn novimber 2013 stie se op 'e omslach fan it manljusblêd Maxim. Op 22 desimber 2013 troude Chabert yn Los Angeles mei har freon David Nehdar, mei't wa't se al jierrenlang in relaasje hie. Yn septimber 2016 befoel se fan harren dochter Julia.
Filmografy
|align="center" style="vertical-align:top"| 1991 || style="vertical-align:top"|A Little Piece of Heaven || style="vertical-align:top"| Princess alias "Hazel" || tillefyzjefilmnom. Young Artist Award foar bêste jonge aktrise ûnder de 10 |- |align="center"| 1991|| Reading Rainbow || harsels || as stimaktrise; gastrol; ôfl. Snowy Day: Stories and Poems |- |align="center"| 1992–1993|| All My Children ||Bianca Montgomery || weromkearende rol; 2 ôfl. |- |align="center"| 1993 || Gypsy || Baby June || tillefyzjefilm |- |align="center" style="vertical-align:top"| 1994–2000|| style="vertical-align:top"| Party of Five || style="vertical-align:top"|Claudia Salinger || fêste rol; 142 ôfl. wûn Young Artist Award foar bêste jonge aktrise yn in dramasearje (1999)3× nom. Young Artist Award foar bêste jonge aktrise yn in dramasearje (1995–1997) |- |align="center"| 1996 || ABC Afterschool Specials || Carly Gallagher || gastrol; ôfl. Educating Mom |- |align="center"| 1996|| Gargoyles: The Goliath Chronicles || Kim || as stimaktrise; gastrol; 1 ôfl. |- |align="center"| 1996|| Gargoyles: The Goliath Chronicles || Bobbi Porter || as stimaktrise; gastrol; 1 ôfl. |- |align="center"| 1996|| Aaahh!!! Real Monsters || ferskate rollen || as stimaktrise; weromkearende rol; 3 ôfl. |- |align="center"| 1997 || The Adventures from the Book of Virtues || de jongste dochter || as stimaktrise; gastrol; ôfl. Respect |- |align="center"| 1997|| When Secrets Kill || Jenny Newhall || tillefyzjefilm |- |align="center"| 1997 || Hey Arnold! || Ruth P. McDougal || as stimaktrise; weromkearende rol; 2 ôfl. |- |align="center"| 1998 || Stories from My Childhood || Jenny || gastrol; ôfl. The Last Petal |- |align="center"| 1998|| Hercules || Callista || as stimaktrise; gastrol; ôfl. Hercules and the Kids |- |align="center" style="vertical-align:top"|1998–2004 || style="vertical-align:top"|The Wild Thornberrys || Eliza Thornberry ferskate oare rollen|| style="vertical-align:top"|as stimaktrise; fêste rol; 90 ôfl. |- |align="center"| 1999–2000 || Family Guy || Meg Griffin|| as stimaktrise; fêste rol; 12 ôfl. |- |align="center"| 2001 || The Wild Thornberrys: The Origin of Donnie || Eliza Thornberry || as stimaktrise; tillefyzjefilm |- |align="center"| 2002 || The Proud Family || ferskate rollen || as stimaktrise; gastrol; ôfl. Romeo Must Wed |- |align="center"| 2002|| Strong Medicine || Mary || gastrol; ôfl. Heartbeat |- |align="center"| 2002|| The Drew Carey Show || Grace || gastrol; ôfl. Drew's Girl Friday |- |align="center"| 2003|| Stuart Little: The Animated Series || Katy || as stimaktrise; gastrol; ôfl. Skateboard Dogz |- |align="center"| 2003 || Punk'd || harsels || slachtoffer; ôfl. #1.4 |- |align="center"| 2004 || The Brooke Ellison Story || Brooke Ellison|| tillefyzjefilm |- |align="center"| 2005 || American Dragon: Jake Long || Jasmine || as stimaktrise; gastrol; ôfl. Dragon Breath |- |align="center"| 2005|| Super Robot Monkey Team Hyperforce Go! || Surthanna || as stimaktrise; gastrol; ôfl. Girl Trouble |- |align="center"| 2005–2006 || Bratz || Kaycee || as stimaktrise; fêste rol; 17 ôfl. |- |align="center"| 2006 || She Said/He Said || ûnbekend || tillefyzjefilm
|align="center"| 2006|| Hello Sister, Goodbye Life || Olivia || tillefyzjefilm |- |align="center"| 2006|| Ghost Whisperer || Donna Ellis || gastrol; ôfl. Love Still Won't Die |- |align="center"| 2007 || Me, Eloise! || Ida || as stimaktrise; gastrol; ôfl. Eloise Goes Hollywood (Part 1) |- |align="center"| 2007|| What If God Were the Sun? || Jamie Spagnoletti || tillefyzjefilm |- |align="center"| 2008 || Untitled Liz Meriwether Project || Liz Meriwether || tillefyzjefilm |- |align="center"| 2008–2009 || The Spectacular Spider-Man || Gwen Stacy|| as stimaktrise; fêste rol; 25 ôfl. |- |align="center"| 2009 || The Lost || Jane || tillefyzjefilm |- |align="center"| 2009 || Glenn Martin, DDS || Amish-famkes || as stimaktrise; gastrol; ôfl. Amish Anguish |- |align="center"| 2010 || Elevator Girl || Liberty Taylor || tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel |- |align="center"| 2011 || Mike DA Mustang || Angel || tillefyzjefilm |- |align="center"| 2011 || Allen Gregory || Beth || as stimaktrise; weromkearende rol; 6 ôfl. |- |align="center" style="vertical-align:top"| 2011–2012|| style="vertical-align:top"|Generator Rex || Jojo ferskate oare rollen || style="vertical-align:top"|as stimaktrise; weromkearende rol; 2 ôfl. |- |align="center"| 2011–2012, 2018 || Family Guy || Jan Brady|| as stimaktrise; weromkearende rol; 3 ôfl. |- |align="center" style="vertical-align:top"|2011–2016 || style="vertical-align:top"|Young Justice || Zatanna Zataraferskate oare rollen || style="vertical-align:top"|as stimaktrise; fêste rol; 18 ôfl. |- |align="center"| 2011–20132019–2022 || style="vertical-align:top"|Transformers: Rescue Bots || Dani Burnsferskate oare rollen || style="vertical-align:top"|as stimaktrise; fêste rol; 104 ôfl. |- |align="center"| 2012 || Doc McStuffins || Gabby the Giraffe || as stimaktrise; gastrol; ôfl. Arcade Escapade/Starry, Starry Night |- |align="center"| 2012|| Imaginary Friend || Emma || tillefyzjefilm |- |align="center"| 2012|| The Avengers: Earth's Mightiest Heroes || Daisy Johnson / Quake|| as stimaktrise; weromkearende rol; 2 ôfl. |- |align="center"| 2012|| Matchmaker Santa || Melanie || tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel |- |align="center"| 2013|| Off Season: Lex Morrison Story || Sally Summers || tillefyzjefilm |- |align="center"| 2013 || Scarecrow || Kristen || tillefyzjefilm |- |align="center"| 2013|| Non-Stop || Amy Nightingale || tillefyzjefilm |- |align="center"| 2013–2014 || Baby Daddy || dokter Amy Shaw || weromkearende rol; 6 ôfl. |- |align="center" style="vertical-align:top"| 2013–2015 || style="vertical-align:top"|Robot Chicken || Eliza Thornberryferskate oare rollen || style="vertical-align:top"|as stimaktrise; weromkearende rol; 2 ôfl. |- |align="center"| 2014|| The Color of Rain || Gina Kell || tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel |- |align="center"| 2014 || A Royal Christmas || Emily Taylor || tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel |- |align="center"| 2014|| The Tree That Saved Christmas || Molly Logan || tillefyzjefilm foar UP TV |- |align="center"| 2014 || Living the Dream || Jenna Harris || tillefyzjefilm |- |align="center"| 2015|| All of My Heart || Jenny Fintley || tillefyzjefilm foar it Hallmark Channel |-