De Penguin Group is ien fan 'e grutste en meast foaroansteande Britske útjouwerijen, dy't bestiet sûnt 1935. It haadkertier is fêstige yn it Londenske Westminster. It bedriuw is eigendom fan it útjouwersconcern Pearson PLC, en makket sûnt 2013 ûnderdiel út fan Penguin Random House, in joint venture fan Pearson en it Dútske Bertelsmann AG.
Skiednis Penguin (de namme betsjut "pinguin", dêrfandinne it logo) sette yn 1935 as bedriuw útein, doe't it ûnder de namme Penguin Books oprjochte waard troch de Britske útjouwer Allen Lane. Yn 1970 waard de útjouwerij oernommen troch Pearson PLC. Yn 1996 ûntstie de hjoeddeiske Amerikaanske difyzje troch de fúzje tusken it oarspronklike Penguin Books USA en G.P. Putnam's Sons. Yn 2003 waard Penguin Books omneamd ta de Penguin Group, dêr't alle Penguin-bedriuwen by ûnderbrocht waarden. Penguin Books is sûnt de namme fan 'e Britske difyzje. De ûnderskate Penguin-difyzjes brûke withoefolle ymprints, wêrfan't de measten foarhinne selsstannige útjouwerijen wiene.
Yn 2012 sleat Pearson PLC in oerienkomst mei syn Dútske konkurrint Bertelsmann AG. Dêrby waard fêstlein dat de Penguin Group in joint venture oangean soe mei de Amerikaanske útjouwerij Random House, in difyzje fan Bertelsmann. De útfiering fan dat kontrakt krige yn 2013 syn beslach, en it nije bedriuw kaam Penguin Random House te hjitten. Mei't sawol de Penguin Group as Random House al ta de seis grutste útjouwerijen fan 'e Ingelsktalige wrâld hearden, is Penguin Random House in abslute reus yn útjouwerslân. Pearson hat in belang fan 47% yn it bedriuw, wylst de oare 53% yn it besit fan Bertelsmann is.
Difyzjes en ymprints De Penguin Group hat autonoom operearjende difyzjes yn 9 lannen: Penguin Books (Grut-Brittanje) Penguin Books Australia (Austraalje, sûnt 1946) Penguin Books Canada (Kanada, sûnt 1974) Penguin China (Sina, sûnt 2005) Penguin India (Yndia, sûnt 1985) Penguin Ireland (Ierlân, sûnt 2003) Penguin Group NZ (Nij-Seelân, sûnt 1973) Penguin Group (South Africa) (Súd-Afrika, sûnt 1970) Penguin US (Feriene Steaten, sûnt 1939)
Dêrnjonken beslacht de Penguin Group de folgjende ymprints: Alpha Books Avery Publishing Awa Press Blue Rider Press Current Dial Books for Young Readers E.P. Dutton Dutton Children's Frederick Warne & Co. Gotham Books G.P. Putnam's Sons Amy Einhorn Berkley Books Ace Books Jove Books Signet Mysteries G.P. Putnam's Sons Books for Young Readers Marian Wood Grosset & Dunlap Charter Books HP Books Hudson Street Press New American Library NAL Accent Mentor Books Mentor-Omega Mentor Executive Library Obsidian Books Onyx Books Plume Signet Books Signet Classics Signet Eclipse Signet Key Signet Select Signet Science Roc Books Topaz Books Pelican Books Penguin Books Penguin Classics Penguin Press Perigee Books Philomel Portfolio Prentice Hall Press Price Stern Sloan Puffin Books Peacock Books (yn ûnbrûk) Firebird Books Razorbill Books (foarhinne Puffin Plus) Speak Riverhead Books Sentinel HC Jeremy P. Tarcher Viking Press Pamela Dorman Books Viking Children's Books
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Penguin Group
Kategory:Britske útjouwerij Kategory:Ingelsk bedriuw Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1935