Dimitri van Toren, echte namme: Jan van Tooren (Breda, 16 desimber 1940 – Reusel, 21 maaie 2015) wie in Nederlânsk sjonger en ferdivedaasjekeunstner.

Wurkpaad Nei de middelbere skoalle studearre er oan de Akademy foar de Frije Keunst. Yn 1963 die er mei oan in talintejacht en waard twadde. Van Toren syn karriêre begûn by de groep The Headlines, dy't de single De nozempjes útbrochten. Letter siet Van Toren yn de groep The Lettersets en sette er út ein mei it skriuwen fan eigen teksten en lietsjes. Nei it opheffen fan dy band gie er solo fierder om syn eigen nûmers út te fieren. Yn 1966 kaam syn earste lp út. Van Toren waard bekend mei syn hits Hé, kom aan (1973), Een lied voor kinderen en Mooi, je bent de mooiste. Totaal hat er mear as tweintich lp's útbrocht.

Yn de jierren tachtich woe Van Toren wat mear ta rêst komme en ferfear nei Yndia. Dat smiet yn 1990 in nij album op, ynspirearre troch de Yndiaaske kultuer ûnder de titel Alsof de maan de aarde kust. Ien fan de nûmers wie wer Hé, kom aan, ditkear foar ien kear yn 'e mande mei Flairck.

Van Toren wenne sûnt 1994 yn Brabân, yn Reusel. Hy stoar nei in slimme sykte yn de âldens fan 74 jier.

Diskografy Albums Op lp 1966 Dimitri van Toren (heruitgegeven as Hé, kom aan) 1968 Tussen hemel en aarde 1969 De gelaatstrek van een lied 1970 Naar een onbekende omhelzing 1970 Dimitri Van Toren '63 - '64 1972 Warm en stil 1973 Zullen we dansen of hard weglopen 1973 Een portret van Dimitri Van Toren 1973 In de Teerstoof 1974 Dimitri Van Toren 1975 Een nieuw portret van Dimitri Van Toren 1976 Door dromen getekend 1977 Uiterlijk Wel Innerlijk Nooit 1979 Scène Rustique 1980 Met 'n beetje geluk 1981 En soms waait er zoiets als vrede door mijn hart 1983 Drijfkracht 1986 Het beste van Dimitri Van Toren Op lp en cd 1988 Dwars door het pretpark1989 Alsof de maan de aarde kust Op cd 1991 Afwachtend en Oplettend1992 En dan weer daar1994 Onder dezelfde zon1995 Dimitri Toren 30 jaar1998 Verder almaar dichter2000 Hé, kom aan 2000/Mijn generatie (2005) 2002 De vertelling gaat door''

Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Nederlânsk kabaretier Kategory:Brabânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1940 Kategory:Persoan stoarn yn 2015