De grutte fjoerflinter (Lycaena dispar) is in flintersoarte yn it skaai fan de echte fjoerflinters (Lycaena).

Foarkommen Yn Nederlân fljocht de ûndersoart L. d. batava. Dizze ûndersoart fan de grutte fjoerflinter libbet yn sompen of yn lannen mei feanmoas. De earste kear dat de grutte fjoerflinter yn Nederlân sjoen waard wie yn 1915 yn de Lindefallei. Dêrnei blykte hy ek in oare dielen fan Fryslân foar te kommen. Fan de jierren sechtich ôf giet de flinter stadichoan efterút. De grutte Fjoerflinter komt no allinnich noch foar yn trije gebieten yn noardwest Oerisel en súdeast Fryslân.

Op de Nederlânsk reade list stiet de flinter as "earnstich bedrige". Ynternasjonaal is de status "gefoelich".

Fljochtiid De flinter fljocht fan heal juny ôf oant ein augustus. Foaral tusken 10 oant 25 july. Fljocht altyd in 1 generaasje.

Flinter De wjuklingte is likernôch 21 mm. De boppekant fan de wjukken is by de mantsjes glânzjend oranje mei op de foarwjuk twa swarte plakjes. By de wyfkes is de boppekant fan de foarwjuk oranje mei swarte plakjes. De grûnkleur fan de efterwjuk is ljochtblau.

Rûp De rûp kin 20 mm lang wurde. De rûp is ljochtgrien en op de rêch gieleftich. Op it liif hat de rûp knobbeltsjes mei wite behierring. Se ite earst de ûnderkant fan de blêden op. As de rûp grutter is wurdt ek de boppekant opfretten. De rûpen frette it leafst jonge blêden. De groeiperioade fan de rûp is yn de neisimmer en de dêrop komende maitiid en foarsimmer. De rûp oerwintert as in healwaaks rûp tusken blêden of moas. It falt goed ôf om de rûp te determinearjen, se lykje in soad op blêdwapslarven. Op it fjild is noait mei wissigens te sizzen oft it no in rûp is ja of nee.

De aaikes fan de rûp binne plat mei seis of sân stjerfoarmige ribbels. Se binne te finen op de boppekant fan de hantsjeriis blêden.

De rûp fret fan de hantsjeriis.

Ofbyldingen

Sjoch ek List fan flinters

Kategory:Flintersoarte Kategory:Echte fjoerflinter Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan