Douglas B-18 Bolo 275px Rol Middelswiere bommesmiter Makker Douglas Aircraft Company Untwerper Earste flecht april 1935 Yn tsjinst 1936 Ut tsjinst 1946 (Brazyljaanske Loftmacht) Tal makke 351 (1937-1939) Brûkers United States Army Air Corps, United States Army Air Forces, Royal Canadian Air Force, Brazyljaanske Loftmacht thumb|275px|Douglas B-18A Bolo, USAF-museum, Dayton, Ohio De Douglas B-18 Bolo wie in middelswiere bommesmiter dy't tsjinne by it United States Army Air Corps en de Royal Canadian Air Force (as Douglas Digby) ein jierren tritich en begjin jierren fjirtich. De Bolo waard makke troch de Douglas Aircraft Company en it ûntwerp wie basearre de DC-2 en wie ornearre as opfolger fan de Martin B-10.

Tsjin 1940 wie de B-18 al ferâldere; hy hie te min motorfermogen, te min defensive bewapening en de bomlading wie te lyts om noch langer foldwaan te kinnen. In protte tastellen giene ferlern by de Oanfal op Pearl Harbor en dy op de Filipinen yn desimber 1941.

Yn 1942 waarden oerbleaune B-18's útrist as anty-ûnderseeboatfleantúch as ynset as transporttastel. In B-18 wie ien fan de easrte Amerikaanske fleantugen dy't in Dútske ûnderseeër te sink brocht, de U-654, op 22 augustus 1942 yn de Karibyske See.Conaway, William. "Confirmed Sinkings of German U-Boats by VI Bomber Command Bombardment Aircraft." Planes and Pilots of World War 2, 2000. Rieplachte 4 augustus 2011.

Technyske gegevens Spesifikaasjes B-18A Langte: 17,6 m Fleugelspanwiidte: 27,3 m Fleugeloerflak: 89,1 m² Hichte: 4,6 m Oandriuwing: 2 × 9-sylinder-stjermotors Wright R-1820-53 fan 1.000 hk (750 kW) it stik Heechste faasje: 346 km/o Klimfaasje: nei 3.050 m yn 9,9 min Fleanberik: 1.850 km Bemanning: 6 Tsjinstplafond: 7.280 m Gewicht leech: 7.400 kg Gewicht fol: 10.030 kg Bewapening: trije 7,7-mm-MGs, 2.200 kg bommen

Literatuer René J. Francillon: McDonnell Douglas Aircraft Since 1920. Diel I. Putnam, Londen 1979, ISBN 0-87021-428-4.

Weblinks USAF-museum, beskriuwing fan de B-18 AeroWeb.com B-18 Side oer de Digby Mk I

Kategory:Amerikaanske bommesmiter Kategory:Amerikaanske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1935