Hendrik de Vries (Grins, 17 augustus 1896 – Haren, 18 novimber 1989) wie in Nederlânsk dichter en skilder. left|thumb|Hendrik de Vries (om 1923) thumb|175px|Stânbyld fan Hendrik de Vries fan Norman Burkett njonken de Martinitsjerke yn Grins thumb|175px|Gedicht Aan hen die nimmer bukten op it Monumint foar it fallen spoarpersoneel yn Utert De gedichten fan Hendrik de Vries waarden yn het literêre tydskrift Het Getij publisearre. De Vries wie in iere surrealist. Hy wie anty-boargerlik ynsteld en preke fitaliteit. It ûnderbewuste spile in krúsjale rol yn syn poëzy.

De Vries fûn in soad ynspiraasje yn de Spaanske wrâld en kultuer en fielde him dêr sa mei ferbûn, dat er in protte gedichten (benammentlik koplas) yn it Spaansk skreaun hat.

By gelegenheid fan syn fyftichste jierdei waard troch de gemeente Grins de Hendrik de Vriespriis ynsteld, en yn 1986 it Hendrik de Vriesstipendium. De Vries wie de earste dy't de priis krige.

De Vries syn gedicht Een schatrijke tuin waard 2000 (en yn in nije ferzje yn 2006) op in muorre yn de Aloëlaan yn Leien oanbrocht, ien fan de mear as hûndert muorregedichten yn Leien.

Prizen 1946 - Hendrik de Vriespriis 1948 - Lucy B. en C.W. van der Hoogtpriis foar Toovertuin 1951 - Bysûndere priis fan de Jan Campert-stichting foar syn essayistysk wurk oer poëzy 1956 - Ekstra priis fan de Jan Campert-stichting 1959 - Kulturele priis fan de provinsje Grinslân foar syn hiele oeuvre 1962 - Constantijn Huygens-priis foar syn hiele oeuvre 1973 - P.C. Hooft-priis foar syn hiele oeuvre

Bibliografy 1917 - Het gat in Mars en het Milagrat 1920 - De nacht 1922 - Vlamrood 1923 - Lofzangen 1928 - Silenen 1931 - Spaansche volksliederen 1932 - Stormfakkels 1935 - Coplas 1937 - Atlantische balladen 1937 - Geïmproviseerd bouquet 1937 - Nergal 1939 - Romantische rhapsodie 1944 - Robijnen (klandestyn drukt) 1946 - Capricho's en rijmkritieken 1948 - Toovertuin 1951 - Distels en aloë's van de Iberische volkspoëzie 1955 - Gitaarfantasieën 1958 - Groninger symphonie 1964 - Iberia, krans van reisherinneringen 1966 - Diseño jondo 1971 - Cantos extraviados del español groninguense 1971 - Goyescos 1979 - Impulsen 1990 - Sprookjes 1993 - Verzamelde gedichten 2013 - Henri van Booven en Hendrik de Vries, Briefwisseling. Fersoarge en ynlaat fan Sander Bink. [Baarn, 2013].

Keppeling om utens Biografyen, wurk en teksten yn de DBNL

Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Hispanist Kategory:Persoan berne yn 1896 Kategory:Persoan stoarn yn 1989