Transworld Publishers, Inc. is in Britske útjouwerij, dy't yn 1950 oprjochte waard en fêstige is yn 'e Londenske wyk Ealing. It bedriuw jout fiksje en non-fiksje yn sawol hardcover- as paperback-edysjes út fan ferskate goedferkeapjende auteurs, en brûkt dêrfoar in stik as tsien ymprints mei as bekendste Corgi Books.

Transworld Publishers waard al frij ier oernommen troch de Amerikaanske útjouwerij Bantam Books, en jierrenlang foarme Transworld de Britske difyzje fan Bantam. Yn 1998 kaam it mei Bantam yn 'e hannen fan it Dútske útjouwersconcern Bertelsmann AG, dat Transworld dêrnei ûnderbrocht by syn oare útjouwersaktiviteiten yn 'e difyzje Random House.

Ymprints Bantam UK Corgi Books (sûnt ±1955) Black Swan Channel 4 Doubleday UK Eden Project Expert Transworld Ireland Transworld Sport

Keppelings om utens Offisjele webside fan Transworld Publishers

Kategory:Britske útjouwerij Kategory:Ingelsk bedriuw Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1950